Romulus Augustulus

Romulus Augustulus, ek wol Romulus Augustus of Flavius Romulus (om-ende-by 460 - nei 507?), wie de lêste keizer fan it Westromeinske Ryk.

De namme Augustulus, eins in bynamme, is it ferlytsingswurd fan Augustus, en betsjut sokssawat as keizerke.

Romulus Augustulus
Romulus Augustulus.
Romulus Augustulus
It West- en Eastromeinske Ryk yn 476

Skiednis

Romulus wie noch mar in bern fan tsien jier âld, doe't er op 30 oktober 475 troch syn heit Orestes op de keizerlike troan fan it Westromeinske Ryk setten waard. Syn heit wie legerlieder en makke diel út fan de senaat yn Rome, en hie feitlike de macht yn hannen.

De foargonger fan Romulus, keizer Julius Nepos, wie troch Orester fuortjeie nei Dalmaasje. Fan syn ferballingsoarde út wie dizze keizer altiten noch in macht fan betsjutting omdat Romulus troch Seno, de keizer fan it easten, net erkend waard as keizer fan it westen. Sûnder stipe út it easten line Orester foaral op syn Germaanske hierlingenleger. De sterke machtsposysje dy't de Germanen hjirtroch hienen soe der ta liede dat harren lieder Odoäker tsjin Orestes yn opstân kaam.

Op 23 augustus 476 waard Orestes fermoarde en Romulus Augustulus troch Odoäker ôfsetten. Romulus Augustulus waard út Rome ferballe en finzen holden op in eilân foar de kust fan Itaalje. Dat barren wurdt beskôge as de kulminaasje fan in iuw fan stadich ferfal dy't bekendstiet as de Fal fan it Westromeinske Ryk. Oer syn fierdere libben is net in protte ynformaasje beskikber, mar nei alle gedachten libbe er noch yn 508 of 510.

Keppeling om utens

Tags:

460507KeizerWestromeinske Ryk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GlânsibisDútskHebriuwske kalinderNederdútskLânNammeStasjon Deventer ColmschateJob CohenList fan Nederlânske gemeentenSuffolkRyksmuseum AmsterdamVladimir PûtinJ. MacSeksuele opwiningMoskwaSnoadfoanStoarmtroeper (Star Wars)ArmeenjeDomtsjerke fan CefalùVideo Art Holland86AldemardumDead LordMiss Montreal (band)Koalstof22 aprilSarah BanksAnne Frank24 aprilSúd-KoreäFryske talenStormy DanielsImmanuel FichteSithBalkbrugAlexa FlexyDûbele penetraasjeHavenKleanNoelle EastonPyreneeske wrotmûsFort Washakie (Wyoming)Oekraynsk1977KaukasusiikhoarntsjeEvil Angel (filmstudio)fjetnamSimone HorváthNoetseleLexi DiamondWeblochYnternet1632Shania TwainRicki RaxxxHûneftigenPuna-ibisSteatsline ASpoar fan Dimter nei AlmeloKontraktDoede BleekerMontevideoKryptogramHeipealhâldingSome Like It Hot (film út 1959)Peter Johann Nepomuk GeigerReality KingsmarketingInes RidereStasjon Dimter ColmschateTechnology🡆 More