Remco Wouter Campert (Den Haach, 28 july 1929 - Amsterdam, 3 july 2022) wie in Nederlânsk dichter en skriuwer fan ferhalen en romans.
Hy makke diel út fan de literêre streaming Fyftigers. Yn maart 2018 makke er buorkundich op te hâlden mei it skriuwen fan romans en kollumns. Ut en troch skreau er noch wol 'notities' foar de Volkskrant.
Syn heit wie de dichter Jan Campert, auteur fan ûnder oare it gedicht Het lied der achttien dooden. Syn mem wie aktrise Joekie Broedelet, ûnder oare bekend fan de gastrollen dy 't se op lettere leeftiid spile by Van Kooten en De Bie. Sy giene útinoar doe 't Campert trije jier wie, wêrnei't Remco Campert ôfwikseljend by ien fan harren en by syn pake en beppe wenne, oant er yn 1942 ûnderbrocht waard by in pleechgesin. Doe't de wyk wêryn't se wennen troch de Dútsers ôfbrutsen waard, gie de húshâlding nei Epe, dêr't Campert de MULO besocht. It wie ek yn Epe dêr't er yn 1943 hearde dat syn heit op 40-jierrige leeftiid yn it konsintraasjekamp Neuengamme ferstoarn wie. Nei de oarloch gie er mei syn mem yn Amsterdam wenjen en folge dêr it gymnasium oan it Amsterdamsk Lyceum, mar makke dizze skoalle net ôf.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Remco Campert fan Wiki Commons.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Remco Campert, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.