Olaf Scholz

Olaf Scholz (Osnabrück, 14 juny 1958) is in Dútsk politikus fan de Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD).

Sûnt 8 desimber 2021 is er bûnskânselier fan Dútslân. Earder wie er fan 14 maart 2018 ôf fisekânselier fan Dútslân en bûnsminister fan Finânsjes yn it kabinet-Merkel IV.

Olaf Scholz
Olaf Scholz

Earder wie er ûnder mear boargemaster fan Hamboarch. Scholz wie út namme fan syn partij kânselierskandidaat by de Bûnsdeiferkiezings fan 2021, dy 't troch de SPD wûn waarden. Nei dy ferkiezings waard er bûnskânselier fan Dútslân en lieder fan Kabinet-Scholz I.

Biografy

Olaf Scholz waard berne yn Osnabrück, mar groeide op yn Rahlstedt, in wyk yn Hamboarch. Nei de middelbere skoalle begûn er yn 1978 oan in stúdzje rjochten oan de universiteit fan Hamboarch. Dêr studearre er yn 1984 ôf. Letter wurke er as advokaat, dêr't er him talei op it arbeidsrjocht. Scholz waard yn 1975 lid fan de SPD. Fan 1982 oant 1988 wie er fise-foarsitter fan de Jusos, de jongereinorganisaasje fan dy partij. Dêrneist wie er fan 1987 oant 1989 fise-presidint fan de International Union of Socialist Youth. Fan 1994 ôf wie Scholz in pear jier lokaal foarsitter fan de SPD yn Hamboarch-Altona.

Parlemintslid yn 'e Bûnsdei

Yn 1998 makke Scholz de oergong nei de lanlike polityk doe't er him ferkiesber stelde foar de Bûnsdeiferkiezings. Hy slagge deryn om keazen te wurden en hie dêrnei oant 2001 sitting yn de SPD-fraksje yn de Bûnsdei. Yn juny 2001 joech er syn sit foartidich op om minister fan Ynlânske Saken te wurden yn it dielsteatregear (de Senaat) fan Hamboarch. Scholz wie dêrfoar benadere troch doetiidske boargemaster Ortwin Runde, dy 't in opfolger socht foar de ôftreden Hartmuth Wrocklaagd. Nei fiif moannen moast Scholz syn funksje wer dellizze doe't nei de ferkiezings yn Hamboarch in nij regear oantrede en de SPD yn de opposysje bedarre.

Scholz kearde werom nei Berlyn nei 't er by de Bûnsdeiferkiezings fan 2002 op 'e nij keazen waard yn it nasjonale parlemint. Hy waard werkeazen yn 2005 en 2009 en bleau oan 2011 ta sitten. Yn dy perioade wie Scholz ek sekretaris-generaal fan de SPD (2002–2004) en fraksjesekretaris fan de SPD-fraksje (2005-2007).

Minister en boargemaster

Yn novimber 2007 waard Scholz oansteld as bûnsminister fan Arbeid en Sosjale Saken yn it earste kabinet fan bûnskanselier Angela Merkel. Hy folge syn weromlutsen partijgenoat Franz Müntefering tuskentiids op. Scholz tsjinne de amtstermyn út ta it oantreden fan it kabinet-Merkel II yn oktober 2009.

Ein 2009 waard Scholz keazen as partijfoarsitter fan de SPD yn Hamboarch, in funksje dy 't er earder al dien hie tusken 2000 en 2004. Boppedat waard er keazen ta fise-foarsitter op lanlik nivo. Yn beide funksjes waard er yn de jierren dêrnei hieltyd wer keazen.

Yn de maitiid fan 2011 wie Scholz út namme fan de SPD listlûker by de dielsteatferkiezings yn Hamboarch. Hy fierde kampanje tsjin de sittende CDU-boargemaster Christoph Ahlhaus en wist him mei romme sifers te ferslaan. De SPD helle in absolute mearderheid, sadat de partij gjin koälysje mei in oare partij nedich hie. Scholz ferliet dêrop de Bûnsdei en waard yn maart 2011 beneamd ta earste boargemaster fan Hamboarch. Nei fjouwer jier waard er by de lokale ferkiezings fan 2015 op 'e nij keazen. Omdat de SPD syn mearderheid lykwols ferlern hie, joech er yn syn twadde amtstermyn lieding oan in koälysje mei Bündnis 90/Die Grünen.

Doe't SPD-foarsitter Martin Schulz him yn de neisleep fan de Bûnsdeiferkiezings fan 2017 weromluts út syn funksje, waard fise-foarsitter Scholz yn febrewaris 2018 nei foarren skood om syn taken tydlik waar te nimmen. Hy soe oanbliuwe oant it partijkongres fan 22 april 2018. As waarnimmend partijfoarsitter hie Scholz in kaairol yn de ûnderhannelingen oer it regearakkoart en de gearstalling fan it kabinet-Merkel IV. Yn dat regear, dat op 14 maart 2018 úteinsette, waard Scholz bûnsminister fan Finânsjes en as sadanich opfolger fan Wolfgang Schäuble. Hy waard ek oantsjut as fisekanselier. It boargemasterskip fan Hamboarch joech er oan Katharina Fegebank oer.

Bûnskânselier

Yn in syktocht nei in nije foarsitter organisearre de SPD yn de hjerst fan 2019 in liederskipsferkiezing. Fise-foarsitter Olaf Scholz, dy't in duo foarme mei Klara Geygus, jilde dêrby as de foarnaamste kandidaat mar ferlear de ferkiezing fan Saskia Esken en Norbert Walter-Borjans. Op 10 augustus 2020 waard Scholz troch de partij foardroegen as kânselierskandidaat foar de Bûnsdeiferkiezings fan 2021. Yn maaie 2021 waard syn kandidatuer troch de partijleden offisjeel befêstige. By de ferkiezingskampanje, dêr 't Armin Laschet (CDU/CSU) en Annalena Baerbock (Bündnis 90/Die Grünen) syn wichtichste tsjinstanners wienen, wist Scholz yn de peilingen de lieding te nimmen. By allle trije telefyzjedebatten waard Scholz troch de sjoggers ta winner útroppen.

De SPD helle by de ferkiezings 25,7% fan de stimmen en waard foar it earst sûnt de ferkiezingen fan 2002 wer de grutste fraksje yn de Bûnsdei. Scholz easke noch op de ferkiezingsjûn it bûnskânselierskip op en sei dat er it foartou nimme woe yn it formearjen fan in nij regear. Hy stjoerde oan op de foarming fan in 'Ferkearsljochtkoälysje' (Dútsk: Ampelkoalition) fan SPD, FDP en Bündnis 90/Die Grünen.

Bewâld

Op 8 desimber 2021 waard Scholz troch de Bûnsdei ferkeazen ta Bûnskanselier fan Dútslân.

Persoanlik

Olaf Scholz hat twa jongere bruorren. Hy troude yn 1998 mei Britta Ernst, dy 't op dielsteatnivo ek polityk aktyf is foar de SPD. Sy hawwe gjin bern.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Olaf Scholz BiografyOlaf Scholz Keppeling om utensOlaf Scholz14 juny1958BûnskânselierDútslânOsnabrückSozialdemokratische Partei Deutschlands

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Kya TropicPoalen11 maartBarcelonaTopografyske Wurkgroep FryslânDeastraf28 aprilFerspriedingsgebietFilmprodusint31 desimber191510 jannewarisAngelica RavenPornoakteurBeverly HillsToskedokter1671Sybren fan RoptaGesinPeaske-eilânSpanjePierre WoodmanFryske talenAnita BlondProstitúsjeAken19011855AstronoomMediaWikiJoo Min LeeKneppelfreedEastenrykMozilla FirefoxOflûken (seksualiteit)Boek19 aprilKoördinearre WrâldtiidNederlânDierenHTMLFal fan it Westromeinske RykGrutte-boarstesjenreHûnTechnologyEast-JeropaVienna BlackHardenberg12 desimber2018Jade Kush2006NieuwlandeEvelyn Lin19631983BaaikleanMoleRôfdierenPriya Price25 maartBorneoUraniumKosta RikaMontanaNovialStutenMadridFilipynske pappegaaidoHellendoorn (gemeente)🡆 More