Piet Kleine

Piet Kleine (Hollandscheveld, 17 septimber 1951) is in earder Nederlânsk reedrider.

Piet Kleine
Piet Kleine sporter
Piet Kleine (1980)
Piet Kleine (1980)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Piet Kleine
nasjonaliteit Piet Kleine Nederlânsk
bertedatum 17 septimber 1951
berteplak Hollandscheveld
sportive ynformaasje
sport Reedriden
ûnderdiel Langebaan
Maraton
O.S. Innsbruck 1976,
Lake Placid 1980
debút 1971
karriêre-ein 2001
wichtige prestaasjes
Piet Kleine 1x goud Olympyske Spullen 1976
Piet Kleine 2x sulver Olympyske Spullen 1976, 1980
Piet Kleine 1x goud WK Allround 1976
Piet Kleine 1x brûns WK Allround 1973

Hy die njoggen kear mei oan it Wrâldkampioenskip, en it Europeesk kampioenskip allround en twa kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1976 en 1980). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear wrâldkampioen, en Europeesk kampioen allround en ien kear Olympysk kampioen. Hy waard ek ien kear Nederlânsk allround kampioen.

Yn 1981 stopte Kleine mei Langebaanriden, yn 1986 stie er foar it earst oan de start fan in grutte Maratonwedstriid. Yn 1990 waard Piet Nederlânsk kampioen Maratonriden op Keunstiis. Yn 1997 ried er as wedstriidrider de Alvestêdetocht fan 1997 út, Piet Kleine waard eins fiifde mar om't er yn Hylpen, de stimpelpost foarby riid, krige er gjin âlvestêdekrúske en kaam er net yn de útslach te stean. Dêr makke Kleine sa'n opskuor om, dat úteinlik besletten waard him dan dochs mar in Alvestêdekrúske ta te stjoeren. Dat kaam lykwols mei kearende post werom, want Kleine wie doe sa lulk dat er it net mear hawwe woe. De stimpelkaart fan Kleine is te sjen yn it Reedridersmuseum yn Hylpen. Yn 2001 hold Kleine op mei reedriden op heech nivo.

Persoanlike rekôrs

Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 40,10 30 jannewaris 1981 Piet Kleine    Eisstadion Davos, Davos
1000 meter 1.17,35 30 jannewaris 1981 Piet Kleine    Eisstadion Davos, Davos
1500 meter 1.56,28 13 maart 1976 Piet Kleine  Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
3 km 4.08,86 26 febrewaris 1981 Piet Kleine  Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
5 km 7.02,38 12 maart 1976 Piet Kleine  Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
10 km 14.36,03 23 febrewaris 1980 Piet Kleine  Olympic Skating Rink, Lake Placid

Resultaten

jier NK
Allround
NK
Maraton
keunstiis
NK
Maraton
natoeriis
EK
Allround
WK
Allround
Olympyske
Spullen
1971 8ste
1972 8ste
1973 Piet Kleine  5e Piet Kleine 
1974 Piet Kleine  Diskwalifisearre 10e
1975 Piet Kleine  Piet Kleine  13e
1976 Piet Kleine  8ste Piet Kleine  1000 m, 18e
1500 m, 6e
5 km, Piet Kleine 
10 km, Piet Kleine 
1977 Piet Kleine  7e 8ste
1978 Piet Kleine  9e 10e
1979 5e 13e
1980 Piet Kleine  12e 9e 5 km, 6e
10 km, Piet Kleine 
1981 Piet Kleine  8ste 10e
1988 Piet Kleine 
1990 Piet Kleine 
1991 14e
1992 25ste
1993 10e
1994 15e 7e
1995 13e 14e
1996 8ste 8ste
1997 18e
1998
1999 30ste
2000 20ste
2001 25ste

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

17 septimber1951NederlânReedriden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

YnternetGrutte OseaanJulianna VegaPinsjoenList fan Fryske jongesnammenWurkpaadComité flamand de FranceSeeMya LuannaSeptember ReignShalina Devine86Yndyske ArsjipelAlyssa MilanoMarrumDyami MillarsonKompjûteranimaasjeParis HiltonGeslachtsmienskipNoarwegenBaalbekBiskopPornoakteurPalestinenJenny PoussinGreefskip Bentheim (Landkreis)Stasjon Deventer ColmschateAugust TaylorAbdûlazyz ibn SaûdHeipealhâldingISO 3166-1Sandy Milz1932SithKrystal SwiftPornofilmPornografyGaya PatalPierre WoodmanBrazilian waxDomtsjerke fan CefalùISBNSintrale Delling (Kalifornje)BoliviaWetterrôtFrysktalige WikipedyShania TwainLouisianaMay ThaiSaya SongBeauty DiorKryptogramKate MoreTyneMoskouTheodor StormSeksuele opwiningPornografyske filmWrâldkampioenskip fuotbal 2006KristendomBelladonna (pornografysk aktrise)ToskaneSteatsline AWytmaskeribisJapanKommunismeAchillesErnst HaeckelLeppeltsje-leppeltsjeMassachusettsLeafdePlegadis chihiSasha Beart🡆 More