Penthouse Pet

In Penthouse Pet is in froulik neakenmodel dat in fotoreportaazje fan harsels meitsje lit en dêrmei yn it (ienris yn 'e moanne ferskinende) neakenblêd Penthouse stiet as de Pet fan 'e Moanne.

Dêrmei binne Penthouse Pets de tsjinfuotters fan 'e Playmates fan it konkurrearjende neakenblêd Playboy.

Penthouse Pet
Penthouse Pets Navaeh, Melissa Jacobs, Heather Vandeven en Alexandra Karlsen.

De fotoreportaazjes fan Pets fan 'e Moanne omfiemje in útklapbere centerfold-poster en yn 'e regel ek in listke mei persoanlike bysûnderheden fan it model, lykas namme, berteplak en -datum, lichemsmaten, hobbys, ensfh. De oantsjutting pet is Ingelsk en betsjut safolle as "skatsje", mar hat in assosjaasje mei it tiidwurd to pet, dat "aaie" of "streakje" betsjut; nei't men oannimme mei is dat in bedutsen ferwizing nei it leafdesspul.

Njonken Pets fan 'e Moanne steane der ornaris ek oare neakenmodellen yn 'e Penthouse dy't dy titel net drage. Oan 'e ein fan it jier wurdt der in Pet fan it Jier útkeazen, mar oars as dat by de Playboy Playmates it gefal is, kin it by Penthouse Pets ferskate jierren duorje nei harren earste fotoreportaazje as centerfold foar't se útornearre wurde as Pet fan it Jier.

Penthouse Pets fan it Jier

  • 1969: ―
  • 1970: Evelyn Treacher
  • 1971: Stephanie McLean
  • 1972: Tina McDowall
  • 1973: Patricia Barrett
  • 1974: Avril Lund
  • 1975: Anneka De Lorenzo
  • 1976: Laura Bennett Doone
  • 1977: Victoria Lynn Johnson
  • 1978: Dominique Maure
  • 1979: Cheryl Rixon
  • 1980: Isabella Ardigo
  • 1981: Danielle Deneux
  • 1982: Corinne Alphen
  • 1983: Sheila Kennedy
  • 1984: Linda Kenton
  • 1985: ― (gjinien)
  • 1986: Cody Carmack
  • 1987: Mindy Farrar
  • 1988: Patty Mullen
  • 1989: Ginger Miller
  • 1990: Stephanie Page
  • 1991: Simone Brigitte
  • 1992: Jisel

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

FrouNeakenblêdNeakenfotografyNeakenmodelPenthouse (tydskrift)Playboy (tydskrift)Playboy Playmate

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

23e iuwCowgirlhâlding1301FinlânGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2014Falklânoarloch1672PearsNederlânsk-YnjeFormule 1 yn 2018Sensual JaneTaiwanEarste WrâldkriichYouTubeBo SinnFormule 1 yn 2017Trije-ienheidskatedraal (Brjansk)PinsjoenTueringen1601 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2018Megan VaughnKonstantyn de GrutteJuny1701 f.Kr.Anale seksDiana, prinsesse fan WalesAlexa FlexyWaskbearYvette BovaBûnsrepublyk Dútslân1401703 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014Pius XITwiljochtNoelle Easton1e iuwMichael JordanBefolkingOcca Johanna RipperdaFreedSome Like It Hot (film út 1959)1201Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2016PerûMaarten PennewaardFrânskJuliaanske kalinder25 desimberMars (planeet)San FranciscoWyt-RuslânMicrosoft WindowsSkearmês fan OckhamHêgelânspoar2601 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2014Neakenfotografy11836Wikipedy17e iuwAubrey KateFuotbalGrikelânBedriuwGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2010700 f.Kr.🡆 More