De 163ste edysje waard ferkeatst op in reinige dei, en de winners wienen Jan-Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar.
It Lotsjen
De lotting hie as risseltaat dat de beste partueren wol aardich ferdield sieten. Allinne de bruorren Taeke en Bauke Triemstra moasten fuortendaliks yn de earste omloop tsjin elkoar.
Earste List
De partij wêr't de measte belangstelling foar wie, wie fansels dy fan Gert-Anne van der Bos mei Taeke Triemstra tsjin it partuer fan Bauke Triemstra. Meidat opslagger Gert-Anne it perk net fine koe en it partuer fan Bauke Triemstra degelik keatste mei foaral in goeie foarynse Dylan Drent moasten de winners fan 2015 al yn de earse omloop belies jaan. Dat wie wol in sneu ôfskie fan Daniël Iseger dy't syn lêste PC keatste.
Fierder wie de lêste partij fan de earste list in tige spannende partij tusken de earste klas partueren fan Johannes van der Veen en Peter van Zuiden. It waard sels alles oan de hang, wêrnei it partuer fan Peter van Zuiden trochgie nei de twadde list.
List fan dielnimmers
Utslaggen
1e list |
1 | Enno Kingma c.s. | - | 2 | Elgar Boersma c.s. | 5-3 (6-0) |
3 | Menno van Zwieten c.s. | - | 4 | Tsjisse Steenstra c.s. | 4-5 (2-6) |
5 | Haye-Jan Nicoaly c.s. | - | 6 | Marten Bergsma c.s. | 0-5 (4-6) |
7 | Bauke Triemstra c.s. | - | 8 | Gert-Anne van der Bos c.s. | 5-3 (6-6) |
9 | Jelle Attema c.s. | - | 10 | Johan van der Meulen c.s. | 3-5 (0-6) |
11 | Hendrik Tolsma c.s. | - | 12 | Jelte-Pieter Dijkstra c.s. | 5-4 (6-0) |
13 | Dirk Yde Sjaarda c.s. | - | 14 | Jan Dirk de Groot c.s. | 2-5 (6-6) |
15 | Johannes van der Veen c.s. | - | 16 | Peter van Zuiden c.s. | 5-5 (6-6) |
2e list |
1 | Enno Kingma c.s. | - | 4 | Tsjisse Steenstra c.s. | 2-5 (0-6) |
6 | Marten Bergsma c.s. | - | 7 | Bauke Triemstra c.s. | 3-5 (6-6) |
10 | Johan van der Meulen c.s. | - | 11 | Hendrik Tolsma c.s. | 1-5 (2-6) |
14 | Jan Dirk de Groot c.s. | - | 16 | Peter van Zuiden c.s. | 5-1 (6-2) |
3e list |
4 | Tsjisse Steenstra c.s. | - | 7 | Bauke Triemstra c.s. | 5-5 (6-4) |
11 | Hendrik Tolsma c.s. | - | 14 | Jan Dirk de Groot c.s. | 0-5 (6-6) |
finale |
4 | Tsjisse Steenstra c.s. | - | 14 | Jan Dirk de Groot c.s. | 4-5 (6-6) |
Kening PC 2016
Hans Wassenaar waard útroppen ta kening fan dizze PC.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article PC 2016, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.