Obbe Rommerts (Ljouwert, 20 desimber 1835 - dêre, 3 desimber 1903) wie in typograaf en pionier fan de Fryske Arbeidersbeweging en oprjochter fan de earste Fryske wurkljuferiening (1870).
Hy wie in soan fan Hille Rommerts (1803-1885), typograaf, en Fetje Gerbenzon (1835-1902). Op 1 desimber 1866 troude er mei Tjamke Waringa (1839-1925), mei wa't er trije dochters en twa soannen krige.
Rommerts wie in evenredich man, gjin revolúsjonêr. As kristen (yn de Nederlânske Herfoarme Tsjerke) wie er fan betinken dat baas en arbeider de kristlike eask fan leafde foar jin neisten yn praktyk bringe moasten.
Ek bûten Fryslân stichte Rommerts, mei syn broer Hoeke, wurkljuferienings. Hy waard lid fan it 'Comité ter bespreking der Sociale Quaestie' út 1871 en yn 1874 wie er foarsitter fan it twadde Koöperatyf Kongres te Amsterdam.
Letter rekke Rommerts wat teloarsteld yn de arbeiders(beweging). De soasjalisten seagen him as ferrieder omdat er foar it keningshûs wie; aksjes op snein noaske de konfesjonele arbeiders net en mear en mear arbeiders folgen Domela Nieuwenhuis nei. Wat libbenbeskôging oangie socht Rommerts syn heil letter by de Multatulianen en noch letter by de Frijmitselders.
Rommerts wie 29 jier direkteur fan de Koöperative Handelsdrukkerij yn Ljouwert. Ek wied er drukker, útjouwer en redakteur fan de Friesche Courant.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Obbe Rommerts, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.