Nia Nacci

Nia Nacci, echte namme ûnbekend (Tulsa, 10 desimber 1998), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Amerikaansk en Yndiaansk etnysk komôf.

Hja sette yn 2017 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn frijwat films.

Nia Nacci
Nia Nacci persoan yn de seksyndustry
Nia Nacci
persoanlike bysûnderheden
echte namme ûnbekend
nasjonaliteit Nia Nacci Amerikaansk
berne 10 desimber 1998
berteplak Tulsa (Oklahoma)
etnisiteit Nia Nacci Afro-Amerikaansk
Nia Nacci Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2017 – no
offisjele webside
Nia Nacci op Twitter

Libben en karriêre

Nia Nacci waard yn 1998 berne yn Tulsa, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma. Yn 2017, doe't se njoggentjin jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie se begjin 2020 yn krapoan 130 films spile. Se wurdt fertsjintwurdige troch Riley Reynolds fan it ympressariaat Hussie Models. Dyselde wie ek dejinge dy't har skûlnamme foar har betocht.

Nacci hat te sjen west yn produksjes fan sokke foaroansteande labels as Adam & Eve, Diabolic Video New Sensations, Evil Angel, Jules Jordan Video, Digital Playground, Devil's Film en Wicked Pictures. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films, Metro, Mile High Media en The Score Group. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Under har karriêre hat Nacci gearwurke mei kollega-aktrises as Maya Bijou, Dana DeArmond, Ana Foxxx, Holly Hendrix, Angela White en Harmony Wonder, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, Xander Corvus, Charles Dera, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Logan Long, Johnny Sins en Criss Strokes. Njonken har aktearwurk posearret se ek geregeldwei as neakenmodel foar neakenblêden. Yn augustus 2018 wie se bygelyks de Honey fan 'e Moanne yn it tydskrift Hustler.

Lichemsskaaimerken

Nia Nacci is fan mingd Afro-Amerikaansk en Yndiaansk komôf, mei in negroïde hûdskleur. Hja hat hazzenútkleurige eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.75 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in natuerlike cupmaat 32DD. Utsein de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se gjin piercings, en likemin hat se tatoeaazjes.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Nia Nacci Libben en karriêreNia Nacci LichemsskaaimerkenNia Nacci Keppelings om utensNia Nacci10 desimber19982017Afro-AmerikanenEtnyske groepFeriene SteatenKomôfNammeNeakenmodelPornofilmPornografysk aktrisePornoyndustryWurkpaadYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Fryske talenDaarlerveenKillergramPornoaktriseFamylje (taksonomy)FryslânMya Luanna12 septimber15 aprilGoatenSarah YoungDen Ham (Oerisel)Russyske dwerchhamsterTrienke ElshofVanessa PrideMay ThaiFormule 1 yn 2020Saya SongGalaktysk KeizerrykFedja van Huêt1675Melissa Lauren1 maaieKeizerspjochtFryske Bernekrante1933Stasjon Deventer ColmschateISO 3166-1Latynsk-AmearikaLogan LongReade wrotmûs86Layton BentonKoalstofLânOpen-source software1875Jezabel VessirKommunismeKartaachske RykHylpenSkotskAnke BijlsmaSint-PetersburchFykologyKya TropicDriuwtillemarketingAuke BoonemmerGrykske mytologyMilaan4 febrewarisNatasha StormWetterrôtArgentynjeLatynMartine LetterieTwadde WrâldkriichPûn sterlingGeorgyskAtlantyske OseaanPlegadis chihiLondenElegant AngelNeakenensHaadsideRosa CaraccioloHarley RaineMaya BijouJosy BlackKoolhoven F.K.58Eastenryk🡆 More