Nakajima B5N

Nakajima B5N

Rol Torpedo- en dûkbommesmiter
Makker Nakajima Hikoki
Earste flecht Jannewaris 1937
Yn tsjinst 1939
Ut tsjinst 1945
Tal makke 1.149
Brûkers Japanske Keizerlike Marine

De Nakajima B5N Kate (alliearde koadenamme: Kate) wie in Japanske torpedobommesmiter yn tsjinst fan de Japanske Keizerlike Marineloftmacht. It wie tusken 1940 en 1944 de standert torpedobommesmiter fan Japan yn de Twadde Wrâldkriich yn de Stille Oseaan. Op 7 desimber 1941 hie it type súkses by de oanfal op Pearl Harbor en letter ek Slach yn de Koraalsee, Midway en Slach by de Santa Cruzeilannen.

Nakajima B5N
In Kate giet de loft yn fanôf fleandekskip Akagi
Nakajima B5N
Ferûngemakke Nakajima B5N2 "Kate" fan fleandekskip Shokaku 2

It tastel wie feitlik yn 1941 al wat ferâldere, mar bleau de hiele oarloch troch yn gebrûk. Yn 1944 wie it lykwols absolút net mear opwoeksen tsjin de moderne alliearde jagers. Der waarden totaal 1149 fan makke.

Farianten

  • Type K: Prototype.
  • B5N1: Earste produksjemodel.
  • B5N1-K: In protte B5N1s waarden omboud ta treningstastellen foar foardere fleanders.
  • B5N2: Ferbettere ferzje fan de B5N1.

Spesifikaasjes (Nakajima B5N2)

Nakajima B5N 
  • Bemanning: 3 (1 piloat, 1 kommandant en 1 boarskutter/radiotegrafist)
  • Lingte: 10.30 m
  • Spanwiidte: 15.52 m
  • Hichte: 3.70 m
  • Fleugeloerflak: 37.7 m²
  • Leechgewicht: 2.279 kg
  • Gewicht mei lading: 3.800 kg
  • Maks. startgewicht: 4.100 kg
  • Motor (prop): ien Nakajima Sakae 11, radiaalmotor fan 750 kW (1.000 hk)
  • Maks. faasje: 378 km/o
  • Fleanberik: 1.992 km
  • Tsjinstplafond: 8.260 m
  • Klimfaasje: 6,5 m/s
  • Bewapening:
    • masinegewearen: 1 × 7.7 mm Type 92 masinegewear 'Ru' (Lewis) efteryn cockpit, hânladen mei trommelmagazinen fan 97 patroanen. In tal B5N1s hienen 2 × 7.7 Type 97 masinegewear yn de fleugels.
    • Bommen: 1 × 800 kg type 91 torpedo of 1x 800kg bom of 2 × 250 kg bommen of 6 × 132 kg bommmen

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Nakajima B5N FariantenNakajima B5N Spesifikaasjes (2)Nakajima B5N Sjoch ekNakajima B5N

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Cherokee (pornografysk aktrise)MisjonarishâldingToskane69 (sekshâlding)TúnDe SwemmerKommunismeSlashpuzelMassachusettsultrafioletBoliviaRigtje BoelstraBibelParysList fan Fryske jongesnammenSekshâldingTony van der MeulenDraaioargelSjongsterJenny Poussin1632KontraktPalestinenGrutte PierCottagestylWelsum (Olst-Wijhe)Angelica BellaSoarteTverMartine LetterieYndoneezje1675YnternetKromme KnillisGangbangJeropaKommunistysk ManifestUrk15 desimberDyami MillarsonDigital SinKanielkoppappegaaidoBolstjurrich StraatfestivalElektromagnetismeHûntsjeshâldingBella BellzMarrumList fan Fryske famkesnammenTaalPriya PriceMediaWikiVienna BlackPornografyJohnny DeppIngelânFryslân yn de MidsiuwenArkansasVladimir PûtinJimmy WalesVanessa PrideEbroIerdeNicole BexleyEastfryskJeanne d'ArcJezabel Vessir🡆 More