Minsklike Migraasje

Minsklike migraasje is de geografyske ferpleatsing fan minsken fan ien plak nei in oar plak ta mei de bedoeling om har op 'e nije lokaasje tydlik of foargoed nei wenjen te setten.

Ornaris ymplisearret it gebrûk fan 'e oantsjutting "migraasje" dat it om ferpleatsings oer langere ôfstannen en tusken ferskillende lannen giet, mar ynterne migraasje binnen ien lân is ek mooglik. Lju dy't migrearje wurde migranten of lânferhuzers neamd; sokken kinne yndividuën wêze, mar faak giet it om gesinnen of sels hiele famyljegroepen.

Minsklike Migraasje
Minsklike migraasje wrâldwiid yn 2014: ymmigraasjelannen binne oanjûn yn blau; emigraasjelannen yn oranje; grien is in migraasjelykwicht.

Nomadyske ferpleatsings wurde oer it algemien net oantsjut as migraasje, om't nomaden net de bedoeling hawwe en set har op 'e nije lokaasje nei wenjen. Boppedat binne sokke ferpleatsings faak bûn oan 'e jiertiden, sadat der allegeduerigen hinne en wer reizge wurdt. De measte fan oarsprong nomadyske folken hawwe harren libbenswize yn 'e moderne tiid trouwens opjûn. Likemin wurde oare tydlike ferpleatsings fan minsken, foar doelen as toerisme, beafeart, wurk of it reizgjen sels, as foarmen fan migraasje beskôge.

Migraasje kin sawol frijwillich wêze as ûnfrijwillich. Foarmen fan ûnfrijwillige migraasje binne bgl. etnyske suverings, slavehannel en minskehannel. It migrearjen út in lân wei wurdt emigraasje neamd en it migrearjen nei in lân ta hjit ymmigraasje. Dêrby giet it dus om deselde beweging, mar sjoen fanút ferskillende perspektiven. Lytse populaasjes dy't har ferpleatse nei in nij gebiet dat noch net troch (harren soarte) minsken bewenne wurdt, wurde gauris kolonisten of pioniers neamd. Lju dy't troch oarloch of ferfolging de wyk nimme moatten hawwe út harren heitelân, wurde flechtlingen neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and references en Bibliography, op dizze side.

Tags:

GeografyLân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BretanjeGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2012Grutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2018Formule 1 yn 2015Vina SkyEarste WrâldkriichMalawyAdolf HitlerNoard-IerlânParaguayList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)Inkele HoarnSkiedkundigeLapdanceEjakulaasjeGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2014Aubrey KateNoard-Masedoanje23 junyAlexa Flexy1496FryslânDOKBritney SpringIo (moanne)René Descartes17411201Kearnramp fan Tsjernobyl600 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2018Katolike TsjerkeFazantMilfpornografyGrutte Priis Formule 1 fan Yndia 201227e iuwKimi RäikkönenMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Taj MahalTwiljocht17e iuwWordPressDavid Ben-GurionIngelskYouTubeKambodjaTibeariasGrutte Priis Formule 1 fan Monako 201829 maaieSaya SongSacramento (Kalifornje)3001 f.Kr.Thea Beckman8e milenniumLexxxi LockhartDachau (Landkreis)1622Geslachtsmienskip22 julyYndoneezjeMediaWikiih6hzJudas IskariotKalûgaProtestantismeKya TropicJeropaArwen GoldKatowice🡆 More