Malmö is de tredgrutste stêd fan Sweden en haadstêd fan de provinsje Skåne län.
De stêd beslacht de gemeente mei deselde namme Malmö, mar ek parten fan de gemeenten Burlöv en Lomma.
Malmö | ||
Polityk | ||
Lân | Sweden | |
Lânskip | Skåne | |
Provinsje | Skåne län | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 307.496 (2016) | |
Oerflak | 7.706,05 ha (2015) | |
Befolkingsticht. | 39,9 ynwenners/ha | |
Oar | ||
Postkoade | 21X XX | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Koördinaten | 55° 36′ NB, 13° 0′ EL |
De stêd hat mear as 300.000 ynwenners en sawat de helte fan alle ynwenners fan Malmö is jonger as 35 jier.
Malmö hat, lykas de rest fan Súd-Sweden, in seeklimaat dat myld is foar de noardlike lizzing fan de stêd. Dêrom hat Malmö simmerdeis oant 17 oeren deiljocht en winterdeis om-ende-by 7 oeren.
Besuden Malmö leit de Sontbrêge, dy't Sweden ferbynt mei Denemark. De transnasjonale regio Sont (Öresund) wurdt mei sa'n 3,5 miljoen ynwenners wol de grutste metropoal fan Skandinavië neamd.
Malmö hat in yn 1998 opjochte universiteit.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Malmö, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.