Madeara

Madeara is in eilân yn de Atlantyske Oseaan, ûngefear 700 kilometer westlik fan Afrika en 1000 kilometer súdwestlik fan de Portugeeske kust.

Tegearre mei Porto Santo en it mear nei it suden ta lizzend Ilhas Desertas en de Ilhas Selvagens foarmet it de arsjipel en autonome regio Madeara fan Portegal. De Azoaren hawwe binnen Portegal deselde status. De grutste stêd op Madeara en tagelyk de haadstêd fan de autonome regio is Funchal.

Madeara
Flagge Wapen
Madeara Madeara
Lokaasje yn Portegal
Madeara
Algemien
Haadstêd Funchal
Oerflakte 801
Befolking 267.785
Befolkingstichtens 308,5
Oare ynformaasje
Heechste punt
Provinsjes
Madeara
Kaart fan Madeara

It klimaat op Madeara is tige myld (temperatuer leit meastentiids tusken de 16 en 22 °C.) en is fanwege de natoer, in protte bosken en bergen populêr by kuierders en natoerleafhawwers. Omdat de kust benammen út steile rotswannen bestiet en sânstrannen sawat net foarkomme, komt op Madeara gjin massatoerisme foar. De eilannen hawwe in fulkanyske oarsprong. De heechste berch is de Pico Ruivo (1862 m).

De bekendste spesjaliteit fan Madeara is de sterke wyn dy't nei it eilân ferneamd is. Utsein de Madeara wyn is it eilân ek bekend troch de espada; in lange swarte fisk dy't op in protte ferskillende wizen tamakke wurde kin.

Tige karakterisearre foar it eilân binne de protte eksoatyske blommen dy't yn it wyld foarkomme. It eilân wurdt dêrtroch ek wol it blommeneilân neamd. Bûten de Kanaryske Eilannen is Madeara it ienige plak dêr't de kanary yn it wyld foarkomt.

Madeara wurdt skaaimerke troch syn unike netwurk fan yrrigaasjekanalen, de levada's: smelle yrrigaasjekanalen dy't oer it hiele eilân troch de bergen hinne oanlein binne. Troch de steile noardkust, is de kolonisaasje fan it eilân begûn oan de minder steile súdkust, dêr't ek de haadstêd leit. It wetter waard fanút de bergen yn it noarden fia de levada's nei it relatyf skrokke suden brocht. Lâns de levada's waarden eartiids kuierpaden oanlein om't ûnderhâldswurksumheden makliker te meitsjen. Op guon plakken binne dizze paadsjes mar 20 sintimeter breed en rinne tichtby in steile ôfgrûn. Op oare plakken kinne sy wol 2 meter breed wêze. At je goed op de boerden lette en eventuele advizen fan de lokale befolking opfolgje, binne dy paden goed om te kuieren.

Bestjoerlike yndieling

Madeara is opdield yn de folgjende gemeenten:

  • Calheta (Madeira)
  • Câmara de Lobos
  • Funchal
  • Machico
  • Ponta do Sol
  • Porto Moniz
  • Porto Santo
  • Ribeira Brava
  • Santa Cruz
  • Santana
  • São Vicente

Fotogalery

Berne op Madezra

 
Distrikten fan Portegal
Madeara 
Aveiro - Beja - Braga - Bragança - Évora - Faro - Guarda - Leiria - Lisboa - Portalegre - Porto - Santarém - Setúbal - Viana do Castelo - Vila Real - Viseu

Autonome regio's: Azoaren - Madeara

 
Jeropeeske Uny
Madeara 
Lidsteaten: BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinyk • Réunion • Sint-Marten
Portegal: AzoarenMadearaSpanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten: AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije

Tags:

AfrikaAtlantyske OseaanAzoarenEilânFunchalPortegal

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HeuvelTsjerkhôfLillian GishGaelyske talenArcheologyCassandra Wilde1974Savana GingerNijverdalAfrikaGrutte-boarstesjenreWeenske oesterDinnewrotmûsEkwatoriaal-GuineeRocco SiffrediRjocht1985WrotmûseftigenWiskundeIt's a Beautiful DayNeakenensHellendoorn (gemeente)Twadde WrâldkriichWest Coast ProductionsMiko DaiHeinrich Barth1972RomanGonzopornografyLytse bearenKaapsk grûniikhoarntsjeAmsterdamHellendoornOerdûFranz KafkaQuatrebras (buorskip)MauritsiusGreefskip Bentheim (Landkreis)2 maaieMytologyHTMLFryslânRadioFryske gemeentenSeimunds pappegaaidoAlexa FlexyKanada30 novimberLockheed C-5 GalaxyParkFjetnam1649Oera Linda BoekHarke BremerMaya BijouYnternetSúd-DakotaKante kilometerSwiniastateSkriuwerGlamourfotografySkiednisDouglas C-47 Skytrain🡆 More