Liauckamastate of Liauckemastate wie in state benoarden de doarpen Pitersbierrum en Seisbierrum yn it eardere Barradiel.
Liauckamastate | ||
kastiel | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
plak | Seisbierrum | |
koördinaten | 53° 13' N 5° 28' E | |
Skiednis | ||
stiftingsjier | 13e iuw (?) | |
ferneatiging | 1829 | |
Kaart | ||
It wie ien fan 'e grutste states fan Fryslân en waard bewenne troch leden fan it ferneamde skaai Liauckama. Liauckamastate waard foar it earst yn 1420 neamd. De eigentlike state, dy't nei alle gedachten in trettjinde-iuwske kearn hie, waard yn 1824 ôfbrutsen. Dêrfan binne inkeld de grêften, in singel en de monumintale poarte út 1604 oerbleaun. Nei de ôfbraak waard it terrein yn 1838 ferkocht, wêrnei't der yn 1862 in pleats fan giele Fryske stien set waard. Fierders steane op it terrein fan 'e oarspronklike state ek in arbeidershúske út 'e njoggentjinde iuw en in modern wenhûs. Sawol de âlde poarte as de njoggentjinde-iuwske pleats binne erkend as ryksmonumint. De pleats is omboud ta in hotel-restaurant.
Op Liauckemastate hongen oan it begjin fan de 19e iuw skilderijen, dy't yn de literatuer Pipenpoyse bruiloft neamd wurde. Der wurdt tocht dat it foarstellingen wiene fan de boask fan Jel fan Liauckema en Ereart fan Pipenpoy yn 1616. Nei de sloop fan Liauckema ferdwûnen de skilderijen, útsein de twa doeken dy't yn 1964 oan it Frysk Museum skonken waarden. Yn 2012/2013 liet it Frysk Museum de skilderijen restaurearje troch de Stichting Restauratie Atelier Limburg (SRAL) yn Maastricht
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Liauckamastate, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.