Kaviaar

Kaviaar, ek wol it swarte goud neamd, bestiet út de ûnbefruchte aaikes fan de steur.

Yn it Westen is kaviaar in delikatesse en dêrom djoer. Guon miene dat de namme komt fan it Perzyske wurd خاگ‌آور (Khag-avar). De earste kaviaariters wiene Perzjers dy't leauwen dat kaviaar har potinsje en úthâldingsfermogen ferbetterje soe. Njoggentich persint fan de kaviaar dy't op de merk brocht wurdt is fan Russyske of Iraanske komôf.

Kaviaar
Sân soarten kaviaar

De wylde steur wurdt lykwols slim yn syn fuortbestean bedrige troch fersmoarging fan de Kaspyske See en de Wolga. Yn de 90er jierren wiene de Feriene Steaten en Kanada wichtige leveransiers fan kaviaar oan Jeropa. Dêr waard lykwols de steur ek seldsumer. Dêrom wurdt der ek eksperimintearre mei it kweken fan steur. Op ferskate plakken yn de wrâld, bygelyks yn Spanje, Frankryk, Urûguay, en Kalifornje. wurde kaviaarbuorkerijen opset. Men ûntwikkelt metoaden om de kût te heinen sûnder de fisk te deadzjen, mar net alle 'boeren' binne betûft yn dy (somtiden sjirurgyske) techniken, sadat noch in protte fisk sneuvelet.

Soarten kaviaar

Kaviaar 
Blikje mei 113 g Russyske kaviaar
  • Kaviaar fan steur komt út de Kaspyske See
    • De Belugakaviaar (Huso huso) (sulvereftige oant swarte kleur)
    • De Osciëtrakaviaar (Acipenser gueldenstaedti) (swart oant grieneftich griis)
    • De Sevrugakaviaar (Acipenser Stellatus) (donkergriis)
  • Kaviaar van steur komt út de Sibearyske Amoer-rivier:
    • De Kalugakaviaar (Huso dauricus)

Ek is der imitaasjekaviaar, dy't fan oare fisksoarten komt:

  • lompfisk-kaviaar (read of swart, de kleure troch middel fan natuerlike kleuring.)
  • wylde salm-kaviaar út Alaska (read fan kleur)
  • forel-kaviaar (oranje fan kleur)

Dizze lêste soarten meie yn begjinsel net kaviaar hjitte.

Sardynske kaviaar is feitlik gjin kaviaar, mar de drûge en parste kût fan harder. Dizze spesjaliteit wurdt 'bottarga' neamd. Somtiden wurdt se ek makke fan de aaien fan de tonyn of swurdfisk.

Kaviaar 
Steur

Beskerming

Foar de kaviaarhannel jilde strange kwota. om't de steur oars útstjerre soe. Der wurdt lykwols min op tasjoen, dat de steur yn de Kaspyske See wurdt slim bedrige.

Keppelings om utens

Referinsjes

Tags:

Kaviaar Soarten kaviaarKaviaar BeskermingKaviaar Keppelings om utensKaviaar ReferinsjesKaviaarIranPerzyskRuslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BefolkingKearnramp fan TsjernobylFryslân BoppePornografyTsjustere matearje700 f.Kr.Bruce VentureWordPress2401Ynterrasiale pornografyAmarins GevekeSelebesseePaul CustersOcca Johanna Ripperda238 f.Kr.Yves BaillatPierre-Simon Laplace35e iuw f.Kr.Hans BakkerJulia TcherneiJudas IskariotMilfpornografySan FranciscoBogotá (stêd)RapunzelGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017TwitterYndoneezjeBorough (Feriene Steaten)Charley Atwell2400 f.Kr.NederlânWikidata2200Vina SkyAdolf HitlerISBNPieter SijpersmaIo (moanne)Transistor23e iuw9e milenniumItaaljeSan Fransisko1769Michael (aartsingel)AudiTelefyzje3300 f.Kr.Gysbert JapiksBo SinnProtestantisme901 f.Kr.Hartochdom BretanjeAmerikaanske presidintsferkiezings (2020)Robin WilliamsHanns Eisler1806MinneapolisIllinoisBedriuwFrysk Boun om Utens28e iuwFormule 1 yn 20103101 f.Kr.HûntsjeshâldingAlde EgypteSARS-CoV-2BorneoLockheed F-104 Starfighter1201🡆 More