De Jeropeeske Mienskippen is in mienskiplike namme foar twa mienskippen yn de Jeropeeske Uny fan no: de Jeropeeske Mienskip (oant 1993 Jeropeeske Ekonomyske Mienskip), en de Euratom.
Neffens it Fúzjeferdrach fan 1967 soe der foar alle Jeropeeske Mienskippen ien Kommisje en ien Ried wêze moatte. De twa mienskippen foarmje meiïnoar de earste pylder fan de Jeropeeske Uny.
Oant 2002 hearde de Jeropeeske Mienskip foar Koalen en Stiel ek by de Jeropeeske Mienskippen. Yn 2002 kaam it Ferdrach fan Parys oan 'e ein, dat ferdrach wie foar 50 jier jildich. Alle rjochten dy't by dat ferdrach hearden binne no mei in protokol taheakke oan it Ferdrach fan Nice en oerjûn oan de Jeropeeske Mienskip.
1948 | 1952 | 1957 | 1967 | 1987 | 1993 | 1999 | 2003 | 2009 | 2011 | |
Brussel | Parys | Rome | Fúzjeferdrach | Europeeske Akte | EU-Ferdrach | Amsterdam | Nice | Lissabon | ||
Europeeske Mienskip foar Koalen en Stiel (EMKS) | ||||||||||
Europeeske Atoomenerzjy Mienskip (EURATOM) | ||||||||||
Europeese Ekonomyske Mienskip (EEM) | → P Y L D E R S → | Europeeske Mienskip (EM) | Europeeske Uny (EU) | |||||||
↑Europeeske Mienskippen↑ | Justysje en Ynlânske Saken (JYS) | |||||||||
Polysjele en Justysjele Gearwurking yn Strafsaken (PJGS) | ||||||||||
Europeeske politike gearwurking (EPG) | Mienskiplik Bûtenlânsk en Feiligensbelied (GBFB) | |||||||||
West-Europeeske Uny (WEU) | ||||||||||
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Europeeske Mienskippen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.