De Jeropeeske Akte is in ferdrach dat op 17 en 28 febrewaris 1986 yn respektivelik Lúksemboarch-stêd en De Haach tekene waard troch de tolve lidsteaten fan de Jeropeeske Mienskippen.
It is fan krêft wurden op 1 july 1987.
It ferdrach bestiet út twa dielen:
It doel fan it ferdrach wie wetten fan lidsteaten fierder te harmonisearjen en de barriêres tusken lidsteaten op it mêd fan hannel en it frije ferkear fan persoanen op te heffen, wêrtroch de konkurrinsjeposysjes fan de lidsteaten tanimme soe. De lidsteaten stelden har ta doe om uterlik op 1 jannewaris 1993 de Jeropeesk ynterne merk te realisearjen, mar dat is net hielendal slagge. It ferdrach dat de ynterne merk mooglik meitsje moast en de Jeropeeske Uny opsette soe, it Ferdrach fan Maastricht, boude foar in grut part fierder op datjinge wat yn de Jeropeeske Akte al helle wie.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Jeropeeske Akte, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.