Jehannes Markus

Jehannes Markus, koartwei Markus (Hebriuwsk: מרקוס; Gryksk: Μάρκος; begjin 1e iuw – 68), wie neffens de tsjerkfaar Papias de skriuwer fan it evangeelje fan Markus, dat it âldste en koartste evangeelje is en as twadde evangeelje yn de kanon fan de Bibel is opnommen is.

Jehannes Markus
Ofbylding fan Markus troch Andrea Mantegna

Tradysje

Neffens de tradysje wie Markus de persoan dy't wetter nei it hûs broch dêr't it Lêste Jûnmiel plak fûn (Markus 14:13). Fierders soe er yn de omkriten fan de tún fan Getsemane wenne hawwe. Doe't Jezus yn de nacht finzen nommen waard, sloech hy in kleed om en gong sjen wat der geande wie. Doe't hy fêstgripen waard, lei er it kleed ôf en naaide er neaken út (Markus 14:51-52).

Markus wurdt troch de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Aleksandrië en de Koptysk-Otterdokse Tsjerke ek beskôge as de earste patriarch fan Aleksandrje (fan 43 oant 68). Yn Egypte soed er wûnderen ferrjochte hawwe, in tsjerke stifte hawwe en Anianus fan Aleksandrje ta biskop wije hawwe.

Resten

Neffens de oerlevering waard it lichem fan Markus yn 828 út Aleksandrje fan Fenetsjaanske seelju ûntfytmanne en nei Feneesje oerbrocht wurde. De leginde ferhellet dat syn lichem ferburgen waard ûnder in stapel bargefleis, sadat de moslims dêr net ûnder sjen soenen. Om it grêf fan Markus waard letter de Basilyk fan San Marko boud. Syn relikwyën binne dêr noch hieltyd te besjen. Lykwols giet oer dat relikwy ek it ferhaal rûn dat dit de resten fan Aleksander de Grutte binne.

De Kopten lykwols leauwe dat de holle fan Markus yn Aleksandrje efterbleau, dêr't it bewarre wurdt yn de Koptysk-ortodokse katedraal fan Sint Markus.

Yn 1968 krige in delegaasje fan de Koptyske tsjerke in bonkje fan Markus út hannen fan de doedestiids Paus Paulus VI.

Symboal

It evangelysk symboal fan him is in liuw yn de woastyn.

Hjeldei

De hjeldei fan Markus is op 25 april.

Tags:

Jehannes Markus TradysjeJehannes Markus RestenJehannes Markus SymboalJehannes Markus HjeldeiJehannes Markus1e iuw68BibelEvangeelje fan MarkusGrykskHebriuwskPapiasTsjerkfaar

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1067Fryske talenBergen (Noarwegen)Peter PiotMan (sekse)WikipedyParysOlympyske Winterspullen 1984BiologyJohnny DeppWillem-Alexander fan de Nederlannen1100PenisUtah BeachWeblochLiteratuer1960-er jierrenBerchOktroaiWest Coast ProductionsSina2000IuwskemaAggie van der MeerKazachstanBesnijenisTurkijeDaisy SummersAldingelskHebriuwske kalinder2009EjakulaasjeVienna BlackPreeti en Priya Young1917RoemeenskEsperantoOflûken (seksualiteit)30 jannewarisMarijn KuipersNiceJ. MacDútslânFroulike ejakulaasjeBlomKeardaamWebsteeArtefakt (archeology)2007Weenske oester3e iuwJiermerkHarley RaineunescoBercheinGerrit KnopChicagoDútsk1779WiskonsinSineeske kalinder2013Feriene Steaten fan AmearikaUndertiteling22 septimberVina SkyHongarijeSeoel1595Denemark🡆 More