Esperanto

It Esperanto is in ynternasjonale keunsttaal, betocht troch Ludwik Lejzer Zamenhof, en foar it earst publisearre yn 1887.

Esperanto
algemien
oare namme(n) Lingvo internacia
eigen namme Esperanto
lânseigen yn Esperantujo
tal sprekkers tusken 100.000 en 2 miljoen
skrift Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Keunsttalen
  • Ynternasjonale helptalen
    • Esperanto
taalkoades
ISO 639-1 eo
ISO 639-2 epo
ISO 639-3 epo

Belangrike skaaimerken fan it Esperanto

It Esperanto is opset mei in tal wichtige útgongspunten:

    Ynternasjonalens
    It Esperanto moast in taal wurde foar kommunikaasje tusken minsken út ferskillende lannen, dy't net de selde memmetaal hienen.
    Neutraliteit
    De taal soe net it eigendom fan ien lân wêze.
    Gelikens
    De taal soe fan nimmen de memmetaal wêze, sa't gjinien in foarsprong hie by it oanlearren.
    Ienfâld
    It Esperanto moast in regelmjittige struktuer krije, dat dit makliker te learen wêze soe as de measte natuerlike talen.

Skiednis

Esperanto waard optocht troch Doktor Zamenhof, yn syn middelbere skoaletiid. Yn 1878 hie er syn ynternasjonale taal ree, mar it doarre oant 1887 ear't er syn boek, "Lingvo internacia. Antaŭparolo kaj plena lernolibro" (In ynternationale taal. Foarwurd en kompleet learboek.) publisearre koe, ûnder it pseudonym Doktoro Esperanto (Dokter Hoopfol).

Minsken dy't graach ynternasjonale kontakten lizze woenen, learden de taal en begûnen him te brûken. Sa kaam it Esperanto op 'e wrâld. Njonkenlytsen stabilisearre it him en evoluearre ta in taal dy't brûkt en koestere wurdt troch minsken út in protte lannen.

De ISO 639 taalkoades foar it Esperanto binne "eo" en "epo". Der is ek in Esperantotalige Wikipedy.

Frisia Esperantista Rondo

Yn Fryslân waard yn 1926 in feriening fan Fryske Esperantisten oprjochte, Frisia Esperantista Rondo, dy't yn 1936 sa'n 130 leden telde en yn 1974 rom 50. Yn 1954 en 1964 waarden foar dielnimmers oan in ynternasjonaal kongres yn Fryslân ekskurzjes en gearkomsten organisearre.

Yn 1964 waarden út it Frysk in tal koarte ferhalen oerset: Frisaj Rakontoj ( red,. S.S. de Jong Dzn.) en yn 1966 fan Pieter Wybenga Mei de rêch tsjin de muorre ûnder de titel: Dorsekontrau la muro (s.j. red. Sipke Stuit). In oersetting fan Nienke fan Hichtums De Tsien fan Martens Afke troch Tine Brinkman kaam desimber 1974 út.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Esperanto Belangrike skaaimerken fan it Esperanto SkiednisEsperanto Frisia Esperantista RondoEsperanto1887KeunsttaalLudwik Lejzer Zamenhof

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1969BlierFryske mytology2010-er jierrenLjouwert (stêd)Lexxxi LockhartBrazzersHout15e iuwCharles Robinson (yllustrator)Griken4 novimberKoreaanskSao Tomee en PrinsipeAmerikaanske dollarFryskItalyske talenTurkske toartelProaiMuskusrôtSieds Johannes RienksMerknammeHeipealhâldingVienna BlackKalifornjeJarreRiemkje PitstraLongûntstekkingJulie Skyhigh3 febrewarisBoarstfergruttingKatedraal fan Piazza ArmerinaPanamaOsmaanske RykGeslachtsmienskipCarmel MooreWim KanCassandra WildeSjongersDelotta BrownManedoPersoanlike kompjûterWindhoekHawaïFryske gemeentenThundermother25e iuwHurde pornografyWrâldsûnensorganisaasjeSúdlaren1482San DiegoList fan Fryske jongesnammenAsia (pornografysk aktrise)IngelskSherlock Holmes1927Keninkryk FryslânMarten LutherDetroitGriis iikhoarntsjeMidden-AmearikaJohan KaartpriisAld StoutenburchFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Grutte OseaanNoard-Amearika1935Yby Potlatch🡆 More