Ivan Pavlov

Ivan Petrovitsj Pavlov (Russysk: Иван Петрович Павлов) (Rjazan, 14 septimber 1849 - Leningrad, 27 febrewaris 1936) wie in Russysk fysiolooch.

De Pavlovreaksje is nei him neamd. Yn 1904 krige hy de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde. Yn 1915 de Copley Medal. De Nobelpriis krige hy net foar de sa ferneamd wurden ûndersikings nei de kondisjonearring (de Pavlovreaksje), mar troch ûndersyk nei de spiisfertarring. As part fan dit ûndersyk woe hy de flibeproduksje fan hûnen by it jaan fan ferskillende soarten fretten mjitte. Hjirby stuite hy lykwols op it ferskynsel dat de hûnen al flibe oanmakken noch foardat hy it fretten jûn hie, en sels as hy sûnder fretten sabeare die as't er se fuorre. Pavlov ûndersocht dit ferskynsel fierder, troch bygelyks 5 sekonden foar it fuorjen in bel rinkelje te litten. Nei in oantal kearen blykten de hûnen yndie by it rinkeljen fan de belle al flibe ôf te skieden. Dit hjit no kondysjonearre refleks, en it troch Pavlov ûntdekte ferskynsel hjit klassike kondysjonearring: as n prikel A (de belle) faker foarôfgiet oan prikkel B (it fuorjen) dat in bepaald gedrach (flibeproduksje) oplevert, dan sil op 'en doer prikel A al dat gedrach opleverje, ek sûnder prikel B. Om it ferskynsel fan de kondysjonearre refleks better te bestudearjen dienen Pavlov en syn studinten folle mear, systematyske eksperiminten.

Ivan Pavlov
Ivan Pavlov
Ivan Pavlov
Pavlov syn hûn, Pavlov Museum, 2005

Sokke kondysjonearjende prosessen soenen neffens guon behavioristyske psychologen de basis foarmje foar alle minsklike en dierlike learprosessen. Mei dizze gedachte stie men midden yn de geast fan de tiid, wêryn útfloeisels fan it darwinisme en it wittenskiplik materialisme de foarming fan in meganysk wrâldbyld yn neifolging fan Descartes befoarderen.

Ek Pavlov syn Russyske kollega's Ivan Setsjenov en Vladimir Bechterew wienen 'refleksologen'. Yn feite wie Setsjenov de earste Russyske psycholooch dy't eksperimintearre mei refleksen, mar Pavlov waard folle bekender as hy.

Keppeling om utens

Ivan Pavlov  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ivan Pavlov fan Wiki Commons.

Tags:

14 septimber1849193627 febrewarisFlibeFysioloochHûnNobelpriis foar de Fysiology of GenêskundeRjazanRuslânRussyskSint-PetersburchSpiisfertarring

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lexi DiamondPraachLexxxi LockhartFacebookMia LelaniJaylene RioMoammar al-KadaffyTennis op de Olympyske SimmerspullenMeindert SchroorTyrannosaurus19 augustusMidden-AmearikaThe Number of the Beast (album)Aartsbisdom KeulenRafael NadalShae SummersGysbert JapiksWetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 20201941KomôfDútslânPornofilmBrezjnev-doktrineProvinciale Friesche CourantThe DoorsAngela SchijfGemme fan BurmaniaRjochtsaakHillige Roomske RykGjûmriRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1900Joko WidodoDonald TrumpHilligeAugustus Oktavianus1195OrléansSkiednis fan DútslânCIALegaatJureka del MarChewbaccaBuenos AiresSwitserlân1616Ljouwert (stêd)Japansk nasjonaal fuotbalalvetalJamie Lee CurtisHear (titel)RinsumageastRomeinsk-Perzyske OarloggenKnivskjelloddenBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 19801965MohammedEastenrykOlympyske Simmerspullen 2024Josef StalinAlderheljenkatedraal (Tûla)Follybal op de Olympyske Simmerspullen 2000/StrânfollybalWilfred GeneeHaadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften1988DútskYves BaillatHonolulu1328FinlânWite TongersdeiNapelsGladiatorFerlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)Michael (aartsingel)🡆 More