Flibe

Flibe (mooglik in âld lienwurd op basis fan it Latynske phlegma) is in lichemseigen floeistof, oanmakke troch de flibeklieren en ôfskaat yn 'e mûle.

It bestiet foar mear as 99% út wetter, oanfolle mei in stikmannich oare stoffen. Flibe hat as wichtichste funksjes om foar te kommen dat de orale slymfluezzen útdrûgje, om as glydmiddel by it slokken en it praten te tsjinjen en om by iten dat yn 'e mûle nommen wurdt in begjin te meitsjen mei it proses fan 'e spiisfertarring.

Flibe
In flibemeunster wurdt ôfnommen.

Opbou

Flibe bestiet foar 99,5% út wetter, mei dêropta elektrolyten, slym, wite bloedsellen, epiteelsellen, ferskate enzymen (lykas amylaze en lipaze), aaiwiten en antystoffen. Ut 'e epiteelsellen kin frij maklik DNA-materiaal helle wurde, sadat eefkes in wattesteafke troch de mûle heljen, folstiet om DNA-ûndersyk ta te rieden.

Flibe kin twa ferskillende struktueren hawwe:

  • Wetterige flibbe (sereus) ûntstiet as licht fertarber iten, lykas as bôle, kôge wurdt. It bestiet foar it meastepart út wetter, kalium, natrium, wetterstofkarbonaat en it enzym amylaze.
  • Slimerige flibe (muceus) ûntstiet as taai en/of dreger fertarber iten (lykas fleis) kôge wurdt.

Flibe hat in pH-wearde fan 5,5 oant 7,5 (in pH-wearde fan 7 is neutraal).

Wurking

As men in lege mage hat, kin it sjen of rûken fan iten of sels it tinken oan iten al de flibeproduksje op gong bringe. Men seit dan dat "it wetter jin yn 'e mûle rint." Bisten, lytse bern en persoanen dy't minder behearsking oer harren kaak- en mûlespieren hawwe (sa't soms foarkomt by âlderen of geastlik beheinden) kinne dan begjinne te flybkjen.

Datselde ferskynsel wurdt ek assosjearre mei langstme nei oare dingen en mei seksuële lust, ornaris op net bepaald flaaikjende wize. Stripferhalen, tekenfilms en parodyen toane dan ek gauris seksueel opwûne of frustrearre manlju flybkjend, mei de tonge út 'e mûle hingjend (of sels oer de grûn útrôljend), by it sjen fan in kreaze frou. Soks berêst lykwols net op 'e wurklikheid, mei't seksuële opwining yn it echt gjin mjitber effekt op 'e flibeproduksje hat.

Funksjes

De haadfunksje fan flibe kin omskreaun wurde as de beskerming fan 'e mûleweefsels. Dêrby kinne de folgjende ûnderdielen ûnderskaat wurde:

  • foarkommen fan útdrûging fan 'e orale slymfluezzen;
  • glydmiddel by it slokken en it praten
  • by iten in begjin meitsjen mei it proses fan 'e spiisfertarring: it enzym amylaze yn flibe brekt setmoal ôf en set it om yn glukoaze (dêrfandinne dat bôle dêr't men lang op kôget, swiet begjint te smeitsjen). Sadree't de flibe yn 'e mage arrivearret, hâldt de setmoalôfbraak op, mei't de mage in pH-wearde hat (1 yn noftere tastân en 2-4 as er fol mei iten sit) dy't te leech is om amylaze noch wurkje te litten
  • wurking as buffer: smoargens dat yn 'e mûle komt, kin troch de oanwêzigens fan flibe maklik wer útspuid wurde
  • meganyske reiniging: troch it spielen en fertinjen mei flibe hawwe de orale mikro-organismen minder gelegenheid om te kolonisearjen yn 'e mûlholte
  • beskerming tsjin slitaazje: flibe foarmet in laachje tusken de tosken en kiezzen, sadat der minder wriuwing is
  • de- en remineralisaasje: de oanwêzigens fan kalsium en fosfaat foarmet in wichtige beskerming tsjin ûntkalking fan it toskglazuer yn in soer miljeu (demineralisaasje), wylst ioanen remineralisaasje fan it toskoerflak mooglik meitsje
  • anty-bakteriële en anty-fungale wurking

De flibe fan guon sûchdieren, wêrûnder ek de minske, befettet in aaiwyt, histamine, dat de genêzing fan wûntsjes yn 'e mûle befoarderet. Yn prinsipe soe it dêrmei ek in genêskrêftige wurking op oare ferwûnings fan it lichem hawwe moatte, mar flibe befettet ek oare stoffen, en dêrom is it slikjen fan wûnen, lykas bisten dogge, foar minsken net oan te rieden.

Produksje

Flibe wurdt benammen produsearre troch de trije dûbele (rjochtse en loftse) flibeklieren, te witten: de earflibeklieren (glandulae parotides), de ûndertongeflibeklieren (glandulae sublingales) en de ûnderkaakflibeklieren (glandulae submandibulares). Dy klieren lizze bûten de mûle en jouwe de flibe ôf fia in ôffierbuiske nei de mûle ta. Dêrnjonken binne der ek in grut tal lytse klierkes yn 'e mûle dy't meihelpe by de flibeproduksje. De normale deistige flibeproduksje leit by de minske op trochinoar 500 oant 600 ml.

Byleauwe

Der besteane ferskate soarte byleauwe dy't te krijen hawwe mei flibe. Sa soe it ekstra krêft jaan as men jinsels yn 'e hannen spuit. Dat gebrûk is sa ynboargere rekke dat ek hjoed de dei noch in protte lju (fral manlju) it dogge, as se oan in swiere put begjinne. Ek soe spuien helpe om 'e duvel te ferjeien of om ûngelok ôf te kearen.

Flibe by bisten

By ferskate bistesoarten hat flibe in funksje dy't it wiet hâlden fan 'e mûle en it begjinnen fan 'e spiisfertarring fier foarby giet. Sa brûke beskate toersweleftigen harren flibe om nêsten fan te bouwen. Yn dielen fan East- en Súdeast-Aazje wurde sokke nêsten rispe troch de minske en brûkt as basis foar it meitsjen fan fûgelnestkesop. Gifslangen, lykas kobra's, njirren en rattelslangen, brûke harren giftige flibe by de jacht op proaidieren, troch it fia holle kanalen yn 'e hoektosken by in byt yn 'e bloedsomrin fan 'e proai te ynjektearjen. Guon rûpen produsearje sidetrie út sideproteïnen, dy't yn oanpaste flibeklieren opslein wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Flibe OpbouFlibe WurkingFlibe FunksjesFlibe ProduksjeFlibe ByleauweFlibe by bistenFlibeItenLatynLienwurdMinsklik lichemMûleSpiisfertarringWetter

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Joo Min Lee29 desimberDútslânCJ Miles20e iuwArûba2006185512 desimberAmerikaanske LoftmachtKomoarenpappegaaidoSkiftTiisdei1941LatynCoralie Trinh ThiAafke BijlsmaGenêskundeShae SummersAstronoomParysProstitúsjeTwinterâne16 aprilGoudYvette BovaThe BeatlesNoelle EastonEvelyn LinJezabel VessirMasturbaasjeStar WarsGrikelânGreefskip Bentheim (Landkreis)Koarte filmFrysktalige WikipedyNoard-IerlânSûkerbôleHellendoorn (gemeente)Dyami MillarsonKascha PapillonEster (skiekunde)TekenteltsjeMaartHûnISO 3166-1Africa SexxRuri SaijoDaphne RosenJapanskCrossoverPierre WoodmanPlysjeBaaiklean1818SekondeLiteratuerTurkskYnternasjonaal Systeem fan IenhedenFerspriedingsgebietAzerbeidzjanKartaachske RykScarlett Johansson800Beverly HillsJim MorrisonTopografyske Wurkgroep FryslânCarles PuigdemontEjakulaasje🡆 More