In Dream Yn In Dream

In Dream yn in Dream, yn it oarspronklike Ingelsk: A Dream within a Dream, is in gedicht fan 'e hân fan 'e ferneamde Amerikaanske skriuwer, dichter, redakteur en literatuerkritikus Edgar Allan Poe (1809-1849).

Yn dit gedicht, dat bestiet út 24 fersregels yn twa kûpletten, wurdt it ûnderskie tusken reäliteit en fantasij befrege. A Dream within a Dream is ien fan Poe syn bekendere gedichten, dat gauris adaptearre is, û.m. ta in film en ferskate lieten. It waard foar it earst publisearre yn maart 1849, yn it Bostonske tydskrift Flag of Our Union. De Fryske oersetting, fan Herman Peenstra, datearret út 2008.

In Dream yn in Dream
algemiene gegevens
oarspr. titel A Dream within a Dream
auteur Edgar Allan Poe
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre lyrysk gedicht
1e publikaasje 1849
bondel The Works of the Late
   Edgar Allan Poe
oersetting nei it Frysk
Fryske titel In Dream yn in Dream
publikaasje 2008, yn HJIR
oersetter Herman Peenstra

Ynhâld

A Dream within a Dream dramatisearret de betizing dy't in minske oerfalle kin as er tasjen moat hoe't de wichtige dingen yn it libben oan syn gryp ûntglûpe. It besef dat er net iens ien sânkerl beethâlde kin, liedt ta syn úteinlike fraach oft alles dan soms in dream is. Yn it gedicht wurdt "gouden sân" neamd, in byld dat Poe ûntliende oan 'e Kalifornyske Goudkoarts fan 1849. It bekendste sitaat út it gedicht is de regel: "Is all that we see or seem but a dream within a dream?" ("Is alles dat wy sjogge of lykje mar in dream yn in dream?").

Fryske oersetting

De Fryske oersetting fan A Dream within a Dream ferskynde yn 2008 ûnder de titel In Dream yn in Dream, yn it tydskrift HJIR. De fertaling wie fan 'e hân fan Herman Peenstra.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Poe, Edgar Allan, In Dream yn in Dream (oers. Herman Peenstra), yn: HJIR, ISSN 1384-0614, jiergong 37 (2008), ôfl. 6 (nov.), s. 54-55.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

180918492008BostonDichterEdgar Allan PoeFeriene SteatenFilmFryskGedichtHerman PeenstraIngelskLietLiteratuerRedakteurSkriuwerTydskrift

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

George I fan Grut-BrittanjeTechnologyJimmy WalesYiming CuriosityJulianna VegaPyreneeske wrotmûsRêchstringdierenWendy WhoppersEjakulaasjeStasjon Dimter ColmschateGaya PatalMisjonarishâldingKoalstofPieter Breuker69 (sekshâlding)Jezus (tradisjoneel-kristlik)ToanielstikRosa CaraccioloLisa AnnDe BoarnMassachusettsHûneftigenDen Ham (Oerisel)LatynDenemarkWikipedyVina SkySnoadfoanKeningsleppelbekFûgelsCassidy BanksWenenStasjon Deventer ColmschateMiss Montreal (band)70Grykske mytology1888FeltenwrotmûsNoetseleGrutte pappegaaidoJezabel VessirWylde einSasha GreyEvil Angel (filmstudio)DútskGnostisismeFellatioGreefskip Bentheim (Landkreis)Cassandra WildeSaya SongLas VegasMyte1975PornhubPûn sterlingPornografysk aktriseIvy SherwoodComité flamand de FranceMarle (Olst-Wijhe)Kryptogram1429ApheliumFranklin D. RooseveltKarel II fan IngelânKazan (stêd)Minnie BeetsRôze leppelbekJureka del MarNôtmûsAda SanchezTromme🡆 More