Ierske See

De Ierske See (Ingelsk: Irish Sea, Iersk: Muir Éireann) is in see tusken Ierlân en Grut-Brittanje.

De see is ferbûn mei de Atlantyske Oseaan troch it Sint-Georgekanaal tusken Ierlân en Wales yn it suden en fia it Noarderkanaal tusken Noard-Ierlân en Skotlân yn it noarden. It eilân Man leit middenyn de Ierske See.

Ierske See
Ierske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken de eilannen Ierlân
   en Grut-Brittanje
lân Ierske See Feriene Keninkryk
Ierske See Ierlân
Ierske See Man
koördinaten 53°28′ N, 5°8′ W
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
maks. lingte 285 km
maks. breedte 200 km
oerflak 46.007 km²
djiptegemiddelde 178 m
djipste punt 315 m
wetterfolume 2.800 km³
De Ierske See mei syn djipten en havens.
De Ierske See mei syn djipten en havens.

De see is fan ekonomysk belang foar regionale hannel, skipfeart en transport, fiskjen en enerzjyopwekking in de foarm fan wynmûnes en kearnsintrales.

Fearboatferbiningen tusken Grut-Brittanje en Ierlân oer de Ierske See binne:

Der is ek in ferbining tusken Liverpool en Belfast fia Man. Elts jier wurde sa'n 12 miljoen passazjiers oerset.

De Ierske See hat tige fersmoarge west troch radioaktive stoffen út de kearnsintrale by Windscale (it Sellafield fan no) dêr't de earste Britske kearnwapens makke waarden. Yn de earste tweintich jier is sa'n 250 kg plutonium yn de Ierske See telâne kaam.

De Ierske See, alteast it middenpart, hat yn de lêste iistiid faaks in swietwettermar west. Doe't it iis him sa'n 10.000 jier lyn tebekluts, waard it mar op 'en nij ferbûn mei de see.

Tags:

Atlantyske OseaanGrut-BrittanjeIerlânIerskIngelskMan (eilân)Noard-IerlânNoarderkanaal (Feriene Keninkryk)SeeSint-GeorgekanaalSkotlânWales

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Katedraal fan Padûa1933FingerjenFrysktalige WikipedyEkonomyDuëtHânboekMiljardêrAlexa Flexy1901Feriene SteatenVanessa SkyCriss StrokesTurksk873 f.Kr.FerstoarSêfte pornografyNoardfryskLuna CorazónMiranda WerkmanKira EggersFideospultsje18591928Nasjonale feestdeiWhitney TaylorLexi DiamondMahabharataHimelfeartsdeiKatedraal fan NotoKoördinearre WrâldtiidCarmen HayesFideoMaría del Carmen CarricartWyt-RuslânFellatioJoyce OliveiraPavel DoerovMahina ZaltanaWoansdeiFen Fryske GrounLuna Silver22 julyEjakulaasjeSekshâldingPornografyLeppelbekJean-Yves LecastelNoemilkMasturbaasjeRocky Mountains1863Austraalje (lân)LimoerhalskankerFryske talenWebsteeWylpreagerfûgelsAfrikaanske pappegaaidoAfrikaanske leppelbekGrypskerkMoriah MillsLetlânJada StevensMoskou🡆 More