Iafa William L. Crawford Fantasy Award

De IAFA William L.

Crawford Fantasy Award (ornaris koartwei de Crawford Award neamd) is in Amerikaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt oan 'e skriuwer fan it bêste Ingelsktalige romandebút fan it sjenre fan 'e fantasy, dat útjûn is yn 'e foargeande oardel jier. De tawizing fan dizze priis wurdt bewurkmastere troch de International Association for the Fantastic in the Arts (IAFA; "Ynternasjonale Feriening foar it Fantastyske yn 'e Keunsten"). De útrikking fynt plak op 'e jierlikse konferinsje fan 'e IAFA yn maart, Orlando, yn 'e Amerikaanske steat Floarida, yn 'e mande mei de útrikking fan ferskate oare prizen. De Crawford Award is ferneamd nei de útjouwer en redakteur William L. Crawford, en waard yn 1985 ynsteld mei help fan 'e skriuwster Andre Norton, dy't der jierrenlang by belutsen bleau.

IAFA William L. Crawford
Fantasy Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Iafa William L. Crawford Fantasy Award Amerikaansk
útrikt foar romandebút yn fantasyliteratuer
útrikt troch IAFA
frekwinsje 1x jiers
datum maart
plak Orlando (Floarida)
ynsteld 1985
offisjele webside
www.fantastic-arts.org

Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne David B. Coe (1999), foar de earste beide boeken fan syn Lon Tobyn Kroniken: Children of Amarid en The Outlanders, en Anne Bishop (2000), foar de trilogy Daughter of the Blood, Heir to the Shadows en Queen of the Darkness. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

1985Amerikaanske steatFantasy (sjenre)Feriene SteatenFloaridaIngelskLiteratuerMaartOrlando (Floarida)RedakteurRomanSkriuwerÚtjouwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lexxxi LockhartSean LawlessNederlânsk-YnjeJeropa1978Occa Johanna RipperdaArgentynje1622Lexi Diamond703 f.Kr.FryslânDOKRosa CaraccioloMaya BijouMegan VaughnDiana, prinsesse fan Wales843BratislavaGemme fan BurmaniaWalrusGrutte Priis Formule 1 fan Sina 2016Priya Price3201 f.Kr.Fuotbal1501Grutte Priis Formule 1 fan Sina 2015Narteks200San Paolo fuori le Mura16253300 f.Kr.Kamui KobayashiTsjechjeGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2019JapanFryslân BoppeGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2014BelgjeSaksen (dielsteat)Vienna BlackWrâldkampioenskip fuotbal 1974Yuma (Arizona)Amarins GevekeGrutte Priis Formule 1 fan Japan 20121722Brjansk3101 f.Kr.25 maaieNeakenmodelRhode IslandPatriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve ApostelsKearnramp fan TsjernobylMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)ArafueraseeYves BaillatISSN1500 f.Kr.3100 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Maleizje 20142001Inkele HoarnPierre-Simon Laplace1938Karel II fan IngelânInga RidereGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014KalûgaGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011901 f.Kr.🡆 More