Het Vrije Volk wie in sosjaaldemokratysk deiblêd dat nei 1945 oant yn de sechtiger jierren lanlik ferskynde mei 40 edysjes, wêrûnder ien Fryske (fanôf begjin maaie 1945) .
De krante ûntstie út it sosjalistyske deiblêd Het Volk.
Mear as ien sanearingsmaatregels wienen yn de jierren 1960 - 1972 nedich om it blêd te behâlden. Yn 1967 waard de formele bân mei de PvdA ferbrutsen en waard it edysjesysteem yngripend feroare. De edysje Fryslân waard opnomd yn in edysje Noard, mei Grins as sintrum. Foar dizze werstrukturearring wie Sjoerd Leiker haadredakteur fan de Fryske edysje. Yn 1972 wie de sanearing dien. Sûnt febrewaris fan dat jier wurdt de krante ferspriede yn en om Rotterdam hinne. Op 30 maart 1991 ferskynde it lêste nûmer mei de deiblêdtitel Het Vrije Volk. Yn dat jier fusearre Het Vrije Volk mei it Rotterdams Nieuwsblad ta it Rotterdams Dagblad. Dy krante gie yn 2005 wer op yn it Algemeen Dagblad.
Klaas Voskuil | 1945-1961 |
Thijs van Veen | 1961-1968 |
Eduard Messer | 1968-1970 |
Herman Wigbold | 1970-1987 |
Gerard Krul | 1987-1990 |
Leo Pronk | 1990-1991 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Het Vrije Volk, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.