Henryk Wieniawski

Henryk Wieniawski (Lublin, 10 july 1835 - Moskou, 31 maart 1880) wie in Poalsk komponist fan romantyske muzyk en fioelist.

Henryk Wieniawski
Henryk Wieniawski

Biografy

Wieniawski wie fan Poalsk-Joadsk komôf. Heit Tobiasz Pietruszka, soan fan in joadske hierknipper, bekearde him ta it katolisisme. Wieniawski's talint foar fioelespyljen waard al ier bekend en al yn 1843 gie er nei it Konservatoarium yn Parys. Nei't er slagge wie, giedie op toernee en joech er in protte resitals. Hy waard faak begelaat troch syn broer Józef, dy't piano spile. Yn 1847 publisearre Wieniawski syn earste wurk, de Grand Caprice Fantastique.

Dêrta útnûge troch Anton Rubinstein ferhuze er nei Sint-Petersburch dêr't er fan 1860 oant 1872 wenne. Dêr ûnderrjochte er in protte fioelestudinten ûnderjocht, wie er dirigint fan it orkest en spile er mei yn it strykkwartet fan it 'Russysk Muzikaal Genoatskap'. Fan 1872 oant 1874 toerde Wieniawski troch de Feriene Steaten mei Rubinstein. Yn 1875 ferfong er Henri Vieuxtemps as dosint fioele oan it konservatoarium fan Brussel.

Yn Brussel rûn Wieniawski's sûnens bot tebek sadat er faak midden yn in konsert ophâlde moast mei spyljen. Hy joech in ôfskiedskonsert yn Odessa yn april 1879. In lyts jier letter stoar er oan in hertoanfal yn Moskou. Syn lichem waard byset op it begraafplak Powązki yn Warschau.

Wurk

Publisearre wurk

  • Grand Caprice Fantastique, opus 1
  • Allegro de Sonate, opus 2
  • Souvenir de Posen, Mazurka, opus 3
  • Polonaise de Concert nr. 1, opus 4
  • Adagio Élegiaque, opus 5
  • Souvenir de Moscou, deux airs russes, foar fioele en piano, opus 6
  • Capriccio-Valse, opus 7
  • Grand Duo Polonaise foar fioele en piano, opus 8
  • Romance sans Paroles et Rondo Elegant, opus 9
  • L'École Moderne, 10 Etudes-Caprices foar solo fioele, opus 10
  • Le Carnaval Russe, ymprovisaasjes en fariaasjes, opus 11
  • 2 Mazurkas de Salon, opus 12
  • Fantaisie Pastorale, opus 13
  • Concerto nr. 1 in fis mineur, opus 14
  • Théme original varié, opus 15
  • Scherzo-Tarantelle, opus 16
  • Légende, opus 17
  • Études-Caprices Na Dwoje Skrzypiec, opus 18
  • 2 Mazurkas, Obertasse et Le Menetrier, opus. 19
  • Fantaisie Brillante sur Gounod's "Faust", opus 20
  • Polonaise Brillante, opus 21
  • Fioelekonsert nr. 2 yn d mineur, opus 22
  • Gigue in e mineur, opus 23
  • Fantaisie Orientale, opus 24

Literatuer

  • Xavier Jon Puslowski: Wieniawski and the hard-earned years. Yn: Ders.: Franz Liszt, his circle, and his elusive oratorio. Rowman & Littlefield, Lanham, Md. 2014, ISBN 978-1-4422-3802-2, s. 137–146.
Henryk Wieniawski 
Commons
Op Wiki Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Henryk Wieniawski

Tags:

Henryk Wieniawski BiografyHenryk Wieniawski WurkHenryk Wieniawski LiteratuerHenryk Wieniawski10 july1835188031 maartFioelistKomponistLublinMoskouPoalenRomantyk (muzyk)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

New York CityAutosportRachel AzianiGolden GlobeBank (finansjele ynstelling)Gert-Anne van der Bos1488KantoarTwadde WrâldkriichMaya BijouJohan DerksenWolfgang Amadeus MozartRicotta1095Wiebe Nijenhuis1826Miljuschka WitzenhausenEva BraunDútslânEfternichtSaritha OlivieriRichard LanginMakelerBerchPieter Johan FaberWittenskipHuzen (gemeente)Jeropeeske UnySjoukje DijkstraYnsestISBNBasketbalWhitney Taylor7521459Seksuele opwiningPablo PicassoArwen GoldRijkele SijtzemaMuseum foar Islamityske Keunst (Doha)Jasmine BlackOlaf ScholzBonêreHelpRae Lil BlackHeipealhâldingHartochdom BretanjeCowgirlhâlding900Alana SummersMartinykNikolaas fan MyraMadagaskarOmgong fan Itaalje 2024SeksArmeenske kalinderRavensbrückMarilyn CrystalWiskunde12e iuwPleinVanessa SkyNederlân951IuwskemaRijssen-HoltenMarijn KuipersHúshâldingAlmeloRocco Siffredi🡆 More