Hendrik Jan Woudenberg

Hendrik Jan (Henk) Woudenberg (Amsterdam, 19 septimber 1891 – dêre, 4 july 1967) wie in Nederlânske politikus út namme fan de SDAP en letter de NSB.

Hendrik Jan Woudenberg
Hendrik Jan Woudenberg politikus
Woudenberg (2e fan rjochts) njonken dirigint Mengelberg (1942)
Woudenberg (2e fan rjochts) njonken dirigint Mengelberg (1942)
bertedatum 19 septimber 1891
stjerdatum 4 july 1967
partij SDAP (1921-1933)
NSB (1933-1945)
Lid Twadde Keamer
amtsperioade 1937-1945
offisjele webside
Biografy by parlement.com

Biografy

Woudenberg út IJmuiden wie in politikus en fakbûnsman fan de NSB. Hy krige dat lêste predikaat, omdat er sûnt 1935 foarsitter wie fan de Nationale Werknemers-Vereeniging (NWV), it nasjonaalsosjalistyske fakbûn. Yn 1938 waard er keazen as lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal foar de NSB. Yn de Twadde Wrâldoarloch wied er fan 1940 oant 1942 foarsitter fan it NVV. Yn 1942 waard er lieder fan it Nederlandsche Arbeidsfront (NAF), in (foar it grutste part mislearre) kopy fan de Deutsche Arbeitsfront (DAF). Hy wie tagelyk redakteur fan ferskate NSB-blêden, lykas Volk en Vaderland.

Nei de oarloch waard Woudenberg úteinlik ta tweintich jier sel feroardiele, mar al yn 1956 frijlitten. Hy wie de broer fan de sosjalistyske foaroanman Kees Woudenberg. Hy hie in dochter en twa soannen, fan wa't de ien, Dick Woudenberg, de heit is fan aktrise Kathenka Woudenberg en de oar, Jan, de heit is fan akteur Helmert Woudenberg.

Yn 2015 kaam Woudenberg koart yn it nijs doe't it FNV by de fiering fan de Dei fan de Arbeid by fersin in filmfragmint ôfspile dêr 't Woudenberg sprekt by de fiering fan de Dei fan de Arbeid yn 1941.

Filmkes

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Hendrik Jan Woudenberg BiografyHendrik Jan Woudenberg FilmkesHendrik Jan Woudenberg Keppeling om utensHendrik Jan Woudenberg189119 septimber19674 julyAmsterdamNSBPolitikusSDAP

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Jada StevensFryskOflûken (seksualiteit)20111863Sandy MilzSarah YoungKrúswurdpuzelKânselierCarmen Hayes1557Liza ShayMaltaGrut-BrittanjeWetMilitêrMarika FruscioStikelbaarch1990Microsoft WindowsAle S. van ZandbergenDanyel CheeksKatee OwenHimelfeartsdei1766SeksboartersguodSint-Frederikustsjerke (Steggerda)TyneArjen TerpstraNoardfryskLesotoArtefakt (archeology)SporthalGonny GaakeerLondenFilmShae SummersBart Jan SpruytMoslim30 jannewarisKristoffel KolumbusMia LelaniKoördinearre WrâldtiidJaylene Rio1790Katedraal fan CaltagironeWoansdeiSietske PoepjesJeropaTurksk1980Suze Boschma-BerkhoutFjoerYnternetPhoenix (Arizona)HludaneAngelica BellaEastlike greidwrotmûsList fan Frysktalige tydskriftenNederlânKira EggersPearsCountrySimone SchefferBeierske wrotmûsEastenryk🡆 More