Dei Fan De Arbeid

De Dei fan de Arbeid is in feestdei fan de sosjalistyske en kommunistyske arbeidersbeweging.

De dei wurdt yn Nederlân op 1 maaie holden. Oare lannen wike soms ôf fan dizze datum.

Dei Fan De Arbeid
Dei Fan De Arbeid
Dei fan de Arbeid-fiering yn Bombay

Skiednis

Ear't 1 maaie as "Dei fan de Arbeid" bekend waard, gou it as in "fiering fan de maaiemoanne", ofwol in maitiidsfeest.

Oan de basis fan de 1 maaie-fiering as fiering fan de arbeidersbeweging leit de ynfiering fan de achtoerige wurkdei. Alfred de Grutte (848-899), kening fan it Ingelske Wesseks, ferkundige foar it earst de gedachten oer in evenredige etmelferdieling. De eask om mar acht oeren deis te wurkjen waard yn de 15e en 16e iuw faak heard ûnder Ingelske ambachtslju.

Yn Frankryk krigen de mynwurkers troch Filips de Twadde, de acht-oerdei foarskreaun. De pedagooch Comenius wiisde yn de 17e iuw op de opfiedkundige en foarmjende betsjutting fan in evenredige etmelferdieling.

De sosjaal bewogen ûndernimmer Robert Owen pleite yn 1817 yn Ingelân foar ynfiering fan de achtoerige wurkdei yn wurkplakken en fabriken. Hy wiisde der op dat acht oere wurk en in goede organisaasje fan de arbeid in oerfloed oan rykdom foar elkenien skeppe koe en de nijste ûntwikkelingen op technysk en gemysk mêd it net mear needsaaklik meitsje soene om langer te wurkjen as acht oere.

Yn Melbourne waarden op 18 febrewaris 1856 troch wurknimmers en wurkjouwers foar it earst oerienkomd om de arbeidsdei te beheinen ta acht oere, neidat boufakarbeiders it wurk dellein hiene. Yn 1864 waard yn Boston de "Workingsmen's Convention" stifte dêr't Ira Steward pleite foar in by wet te regeljen acht-oerendei.

In novimber 1884 nom de AFL-CIO in resolúsje oan, om fan 1 maaie 1886 ôf de wetlike 8 oerendei ynfierd te krijen. De kar foar 1 maaie kaam meidat yn Noard-Amearika op dy datum ferhuze waard en de arbeidskontrakten op dy datum fernijd waarden (moving day).

De Amerikaanske fakbûnsfederaasje (American Federation of Labor) besleat yn 1888 om tenei op 1 maaie jierliks te demonstrearjen foar de ynfiering fan in 8-oerige wurkdei. It útstel waard yn 1889 oernomd op it earste kongres fan de Twadde Ynternasjonale yn Parys. Yn Amearika sels barde de 1 maaie-demonstraasje lykwols mar ien kear, yn 1890, wêrnei't presidint Cleveland de fiering fersette nei de earste moandei yn de moanne septimber, om te foarkommen dat 1 maaie in betinking fan de rellen wurde soe. It doel wie mei de 1 maaie-fiering de striid foar de achtoerige wurkdei te fersterkjen. Op 1 maaie 1890 waarden yn in soad lannen de earste fieringen hâlden.

De Ingelske tekener Walter Crane (1845-1915) makke foar dy bewuste 1 maaie 1890 syn tekening "Labours May Day".

Yn de Feriene Steaten waard de dei fan de arbeid oarspronklik ek pland op 1 maaie, mar presidint Grover Cleveland fersettte de fiering nei de earste moandei yn de moanne septimber, offisjeel om te foarkommen dat 1 maaie in betinking fan de Haymarket-affaire wurde soe, mar der kinne ek motiven tsjin it sosjalisme efter dit beslút sjoen wurde. De earste moandei fan septimber waard keazen, nei oanlieding fan in parade, dy't de Knights of Labour in New York organisearre hiene op 5 septimber 1882.

By de 1 maaie optochten wurdt eigentlik de bluoddrige ôfrin fan it boljeien fan 3 maaie 1886 yn de McCormick-fabriken yn Chicago (USA) betocht, dêr't ivere waard foar de 8 oeren wurkdei. Foar martlers fan Chicago is 1 maaie sinonym foar de wrâldwide arbeidersstriid, lykas besletten op it Ynternasjonale Sosjalisten Kongres "Sosjalistyske Arbeiders-Ynternasjonale" kongres fan 1889 yn Parys. Dat symboal leit oan de basis fan de wetten om wykeinrêst en de achtoerige wurkdei en waard letter, nei de twadde wrâldoarloch, in trochbetelle frije dei.

Marx

Karl Marx (1818-1883), skreay yn it tredde diel fan Das Kapital, dat yn 1894 troch Friedrich Engels (1820-1895) útjûn waard, oer de ferkoarting fan de arbeidsdei:

    Das Reich der Freiheit beginnt in der Tat erst da, wo das Arbeiten, das durch Not und äussere Zweckmässigkeit bestimmt ist, aufhört: es liegt also der Natur der Sache nach jenseits der Sphäre der eigentlichen materiellen Produktion. (Da) beginnt die menschliche Kraftentwicklung, die sich als Selbstzweck gilt, das aber nur auf jenem Reich der Notwendigkeit als seiner Basis aufblühen kann. Die Verkürzung des Arbeitstages ist die Grundbedingung.

Yn de Sovjet-Uny en de eardere kommunistyske landen yn East-Europa waard 1 maaie jierliks fierd mei in parade, dêr't neist arbeiders ek legerienheden oan mei diene, dy't de produkten fan de wapenyndustry sjen lieten.

Minder bekend is dat op 10 april 1933 de regearing fan Hitler 1 maaie per wet ta betelle "Feestdei fan de nasjonale arbeid" ferklearret. Middels dy troch Goebbels foarstelde maatregel wist Hitler in grut oantal fakbûnslieders nei Berlyn te lokjen om se dêrnei finzen te nimmen en nei konsintraasjekampen ôffiere te litten.

Yn Nederlân is de "Dei fan de Arbeid" allinnich op de BES-eilannen in offisjele feestdei. Wol waarden der fanâlds grutte gearkomsten organisearre troch de SDAP (letter PvdA) en de CPN. Oant yn de jierren tachtich hold de CPN op 1 maaie in jierlikse betoging yn Amsterdam. Faor de wurknimmers fan de Gemeente Amsterdam hat 1 maaie sûnt in soad desennia in frije dei west.

Yn in soad lannen (ûnder oare Belgje en Frankryk) is 1 maaie ein trochbetelle frije dei. Yn Nederlân jildt dit net foar arbeiders, maa wol foar in lytse groep amtners. Ek wurknimmers fan fakbûnen binne op dy dei frij. De grûntoan fan de dei fan de Arbeid is hjoeddeisk it gefoel fan ynternasjonale bining.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ger Harmsen/Lucien Karsten - 1 Meivieringen in Nederland (1890-1940). Yn: Bulletin Nederlandse Arbeidersbeweging, nûmer 7 - septimber 1985.



Tags:

1 maaieKommunismeNederlânSosjalisme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

List fan planetoïden 43001-44000Nikolo-Korelski kleasterHenny Tuinhout-de LeeuwList fan planetoïden 47001-48000PornoaktriseLeafdeBroeinettelYndo-Jeropeeske talenArcheologyStasjon Delfsyl WestDaunettelGauke BoelensIngelânList fan sterke tiidwurden yn it FryskDútsk923West YorkshireDominion NijfûnlânGrutte-boarstesjenreVictoria Cakes28 febrewarisPepinidenYvette Bova6 augustusDôve NettelVolodymyr Zelensky1922Liuwe H. WestraKnivskjelloddenNeakenensMissy ElliottKommunistysk ManifestTaalFriezenOblast OrenburgGokkenPaleokontinintEtiopysk-Otterdokse TsjerkeShae SummersWytsingen802ISBN14 novimberFulkaanGNU/FDLOcca Johanna RipperdaKeizerlike Japanske MarineSkiednisKoördinearre WrâldtiidJasmine BlackHouwerzijlFaginaHeipealhâldingMinnie BeetsJierSûmearjeKâlde KriichSotsjyOsmaanske RykSlowaakskIrak2015TeanBitcoinPersia MonirSanskrytPrins EdwardeilânTurkmenistan🡆 More