Heinkel He 70

De Heinkel He 70 Blitz ('Wjerljocht') wie in Dútsk postfleantúch en fluch ienpersoans passazjiersfleantúch út de jierren 1930 ûntwurpen troch Heinkel Flugzeugwerke, dat letter brûkt waard as bommesmiter en foar loftferkenning.

It hie in koarte kommersjele karriêre foardat it ferfongen waard troch gruttere typen. Mei de He 70 waarden ier 1933 acht wrâldsnelheidsrekôrs fêstige.

Heinkel He 70
Heinkel He 70
algemiene ynformaasje
rol Postfleantúch, bommesmiter, ferkenner
lân f. oarspr. Dútslân
makker Heinkel Flugzeugwerke
gebrûk
earste flecht 1 desimber 1932
yn tsjinst 1933
út tsjinst 1954 Spaanske loftmacht
tal makke 324
grutste brûker Deutsche Luft Hansa, Luftwaffe
Keninklike Hongaarske Loftmacht
Heinkel He 70
Kabine- en cockpitdoar yn de romp fan de He 70
Heinkel He 70
Foarkant fan de He 70 Habicht
Heinkel He 70
He 70Ks fan de Hongaarske loftmacht

Untwerp en ûntjouwing

De Heinkel He 70 Blitz waard ûntwurpen yn de iere jierren 1930 as postfleantúch foar Deutsche Lufthansa as antwurd op in fersyk om in fleantúch flugger as de Lockheed Model 9 Orion (brûkt troch Swissair) om koarte rûtes te betsjinjen.

Om oan de hege faasje-easken te foldwaan, waard de loftwjerstân sa lyts as koe, mei fersonken klinkneils foar in glêd oerflak en in folslein ynlûkber haadlâningsgestel makke. It sturtsjel koe net ynlutsen wurde. De He 70 waard oandreaun troch in BMW VI V-12 motor fan 470 kW (630 hk) dy 't kuolle waard mei ethyleenglykol yn stee fan wetter. Sadwaande koe in lytsere radiateur brûkt wurde, dy 't ek ynlutsen wurde koe by hege snelheid om de luchtwjerstân fierder te ferminderjen. De piloat en radiotelegrafist sieten yn efterelkoar, folge troch in kabine foar fjouwer passazjiers yn pearen foarinoar oer.

It earste prototype fleach op 1 desimber 1932 en levere poerbêste prestaasjes en helle in maksimumfaasje fan 377 km/o.

Operasjonele skiednis

Lufthansa brûkte He 70's tusken 1934 en 1937 foar in flugge fleantsjinst dy 't Berlyn ferbûn mei Frankfurt, Hamburg en Keulen en tusken Keulen en Hamburg.
Tusken 1934 en 1936 waard mei He 70s yn it bûtenlân flein fan Stuttgart nei Sevilla. De rûte wie diel fan de Súd-Amerikaanske posttsjinst fan Lufthansa dy 't fierder gie oer Bathurst, Gambia nei Natal, Brazilië, mei help fan Junkers Ju 52/3 m en Dornier Wal fleanboaten. [ 5 ]
De restearjende fleantugen waarden yn 1937 oerdroegen oan de Luftwaffe.

Militêr gebrûk

De Luftwaffe brûkte de He 70s fan 1935 ôf, ynearsten as lichte bommesmiter en ferkenningsfleantúch. Sadree't der spesjaal boude ûntwerpen beskikber kamen, waard it tastel degradearre ta in ferbinings- en koerierstastel.

Achtentweintich fleantugen waarden oan 'e ein fan de jierren 1930 nei Spanje stjoerd mei it troch Dútslân bemanne Legioen Condor, dêr 't se ûnder de Spaanske Boargeroarloch brûkt waarden as flugge ferkenningsfleantugen. Dêr stiene se bekend as de Rayo, Spaansk foar "bliksem ".

    He 170

De He 70K (letter oantsjut as He 170) wie in flugge ferkenningsfleantúch eksportfariant brûkt troch de Hongaarske loftmacht. Hy waard oandreaun troch in Gnome-Rhzone Mistral Major stjermotor, dy't ûnder lisinsje yn Hongarije boud waarden as de WM-K-14, mar de einmontaazje waard yn Dútslân dien. De nije motoaren ferhegen de topfaasje fan it fleantúch fan 360 oant 435 km o. 18 waarden brûkt troch de Keninklike Hongaarske Loftmacht fan 1937 oant 1942.

Swakke punten

In wichtige swakte fan de He 70 by militêr gebrûk wie it brângefaar. Parten fan it kasko wiene makke fan in tige brânbere magnesiumlegearing "Elektron", hoewol 't it grutste part fan de romp fan duraluminium wie. Elektron is hiel licht en dochs sterk, mar baarnt gau en sa'n brân is dreech te dôvjen. Boppedat hie elke fleugel in net-selstichtjende brânstoftank fan 210 liter, wat mooglik bydroech oan de reputaasje fan it fleantúch om yn 'e brân te fleanen.
Oare swierrichheden wiene de minne definsive bewapening, it koarte fleanberik en it minne sicht út de kabine wei. Dat allegearre late derta dat de Hongaarske He 170A float betiid mei pensjoen gie en ferfongen waard troch ferâldere Heinkel He 46 iendekkers, oant de Focke-Wulf Fw 189 "Uhu" observaasjefleantugen foar de middelgrutte hichte yntrodusearre wurde koene.

Technyske gegevens

Heinkel He 70 
Parameter He 70F He 70G He 70G, Export
Gebrûk/rol militêr multyfunksjoneel fleantúch hegefaasjefleantúch
Bemanning 2–5 1
Passazjiers 5
Lingte 11,7 m 12 m 11,55 m
Spanwiidte 14,8 m
Hichte 3,1 m
Fleugeloerflak 36,5 m²
Fleugellingte 6,0
Gewicht leech 2360 kg 2530 kg 2300 kg
Startgewicht 3500 kg 3460 kg 3360 kg
Oandriuwing ien BMW VI 7,3 Z ien Rolls Royce Kestrel V
Nominaal fermogen op seenivo 750 hk by 1700 toeren/min 470 kW (640 hk) by 2900/min
Startfermogen 750 hk by 1700/min 510 kW (695 hk) by 2240/min
Kontinu fermogen 500 hk by 1600/min 440 kW (600 hk) by 2500/min
Heechste faasje op seenivo 360 km/o 410 km/o
Heechste faasje op 1000 m 355 km/o 410 km/o
Heechste faasje op 2000 m 345 km/o 400 km/o
Krúsfaasje 280 km/o
Krúsfaasje op seenivo 305 km/o 380 km/o
Krúsfaasje op 1000 m 300 km/o 370 km/o
Krúsfaasje op 2000 m 295 km/o 365 km/o
Lâningsfaasje 105 km/o 110 km/o
Klimtiid nei 1000 m 2,5 min 2,2 min
Klimtiid nei 2000 m 5,5 min 4,9 min
Klimtiid nei 4000 m 15,0 min 11,8 min
Tsjinstplafond 6000 m
Maks. fleanberik 1250 km 1000 km
Bewapening 1 × Masinegewear MG 15

Sjoch ek

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Heinkel He 70 Untwerp en ûntjouwingHeinkel He 70 Operasjonele skiednisHeinkel He 70 Technyske gegevensHeinkel He 70 Sjoch ekHeinkel He 70 Keppelingen om utensHeinkel He 70BommesmiterPassazjiersfleantúchPostfleantúch

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Twadde Wrâldkriich1779LaosIrony22 aprilTaartpuzelSavana GingerEastersk-katolisismeKultuerOktroaiRie fan de Jeropeeske UnyNew York (stêd)AvisennaAb urbe conditaJade KushUndertitelingWuxiaUnbekend fleanend objektMust Love Dogs (film)SkotlânMaster fan Alle RingenWebloch6e iuwLânCuritibaDrinteFryske FrijheidList fan Romeinske keizersSeksualiteit4 maaieHappy endingMohammedMassachusettsRicki RaxxxKirgyzjeNew York Stock ExchangeKollumerskPleistoseen782MonakoStraasburchAngelica Bella533Ateïsme28 julyJ. MacWarsjauBSarah YoungFrouljus-PCKommunismeOflûken (seksualiteit)Nika NoireWalt DisneyEarste WrâldoarlochDeaEreksjeTreinHeather LeeOffisjele taalLos AngelesEtiopyske kalinderRobotEsperantoFerdrach23 oktober28 april39520172016🡆 More