Gearspanningsteory

In gearspanningsteory of komplotteory is in opfetting fan in bepaald foarfal of situaasje op sosjaal, ekonomysk en polityk mêd as in resultaat fan in gearspanning dêr't sinistere en machtige groepen by belutsen binne, wannear't oare opfettings earder mooglik binne.

In gearspanningsteory hat in negative lading, om't it grûnwurk dêrfan op foaroardielen en net genôch bewiis leit.

Gearspanningsteory
It alsjend each op it ien dollarbiljet dat troch guon sjoen wurdt as in gearspanning dêr't de Founding Fathers mei de Illuminati by belutsen wiene

Gearspanningsteoryen wjersteane ferfalsking en wurde fersterke troch sirkelredenearing: sawol bewizen tsjin de gearspanning as ôfwêzichheid fan bewizen derfoar wurde fannijs ynterpretearre as bewizen foar de wierheid derfan, wat derop delkomt dat de gearspanning earder in leauwe is, as dat it bewiisd of ûntkend wurde kin. Undersyk hat sjen litten dat it tinken fan gearspanningsteoryen skealik of patologysk wêze kin, en besibbe is oan psychologyske projeksje, erchtinkendheid en Machiavellianisme. Psychologen ferwize in gearspanning, dêr't er net ien is, oan in psychysk fenomeen, apofeny.

Eartiids waarden gearspanningsteoryen keppele oan foaroardielen, heksejachten, krigen en massamoarden. Utfierders fan terroristyske oanfallen, lykas Timothy McVeigh, Anders Breivik en regearen sa as Nazy-Dútslân, de Sovjet-Uny en Turkije leauden tige yn gearspanningsteoryen. Ek de AIDS-ûntkenning fan de oerheid yn Súd-Afrika, dêr't likernôch 330.000 minsken oan ferstoaren, waard oansetten troch gearspanningsteoryen. QAnon en it ûntkennen fan de Amerikaanske presidint Donald Trump en syn oanhingers dat er de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2020 ferlern hie, late ta de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal op 6 jannewaris 2021. Gearspanningsteoryen oer genetysk modifisearre iten late der ta dat de oerheid fan Sambia itenshelp wegere by in hongersneed dêr't der likernôch 3 miljoen minsken honger hiene. Gearspanningsteoryen foarmje in ûnbidich grutte hobbel yn it ferbettrejen fan de folkssûnens, sa as it oansetten ta it wegerjen fan faksinaasjes, en binne keppele oan it útbrekken fan syktes dy't troch faksinaasjes tefoaren kommen wêze koene. Oare foarmen fan gearspanningsteoryen liede ta it mistrouwen yn de wittenskip, radikalisaasje fan ekstreme groepen en neidielen foar de ekonomy.

Gearspanningsteoryen wiene eartiids beheind ta in lyts publyk, mar hawwe hjoed-de-dei in grut plak ynnommen yn de media, en woeksen út ta in kultureel fenomeen yn de lette tweintichste en iere ienentweintichste iuw. Hja binne wiid ferspraat oer gâns de wrâld en wurde gauris leaud, sels yn guon lannen troch it grutste part fan de befolking. Om gearspanningsteoryen tefoaren te kommen kinne it hanthavenjen fan in iepen maatskippij en it ferbetterjen fan it analysearjende tinken fan it generale publyk bydrage.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

GearspanningSkearmês fan Ockham

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hillige Roomske RykVienna BlackSulawesyGeslachtsmienskipHelpFryslân (wengebiet)Sozialdemokratische Partei DeutschlandsSan Lorenzo fuori le muraDaisy SummersWrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000Alderheljenkatedraal (Tûla)Seksuele penetraasjeBosnyske MoslimsRussyskMarijn KuipersWrâldkampioenskip fuotbal 1970Rome (stêd)Turkish AirlinesKnivskjelloddenKatee OwenCIADirekteur1693AutodykGjûmriSensual JaneSlach oan de Little BighornAnimismeJeropeeske Uny1973Valéry Giscard d'EstaingIsambard Kingdom BrunelJasmine AlohaGroninger Locaalspoorweg-Maatschappij1988Tennis op de Olympyske SimmerspullenKeltyske talenAaliyah HadidJoachim HoppersIsraelKleanArcheologyHear (titel)Nicolette SheaJulianna VegaPaulo WanchopeSekshâldingOklahoma CityFeriene SteatenAstana (Kazachstan)Fryske talenOseaanJapansk nasjonaal fuotbalalvetalSlach by Poitiers (732)Anton TsjechovBeirûtIbearysk SkiereilânLibbenIerskKaiserslauternSkermjen op de Olympyske Simmerspullen 2000VastoPenisEddy MerckxNottinghamshireNij-SeelânMiamiSean Lawless1993ChewbaccaKeulenHimelfearttsjerke (Josjkar-Ola)EiffeltoerBeverly HillsStrânfollybal op de Olympyske Simmerspullen 2020🡆 More