In gearspanning of komplot is in temûke ôfspraak fan persoanen om wat tsjin oare persoanen of in groep te ûndernimmen.
Dêrby kin it gean om it dwaan fan in steatsgreep, it oansetten ta in kriich, it dwaan fan in oanslach, of it omsmiten fan in polityk persoan, wylst it geheim holden wurde moat fan it publyk, of alteast dyjingen dy't dêrtroch troffen wurde soene.
Der moat lykwols al in dúdlik ûnderskaat makke wurde tusken wiere, histoarysk bewiisde gearspannings en gearspanningsteoryen.
In histoaryske gearspanning is in gearspanning dy't wier histoarysk bard en bewiisd is, en benammen dejingen dy't troch de gearspanners sels bekend is.
Ferneamd is de gearspanning fan de moard op Julius Caesar, dy't troch tsien gearspanners, wêrûnder Brutus, dy't troch Caesar as syn eigen soan sjoen waard, op 15 maart 44 f.Kr.
In oare ferneamde gearspanning is it Buskrûdferrie fan Guy Fawkes, dy't op 5 novimber 1605 útfierd waard.
Ek it mislearre besykjen om it bewâld fan Adolf Hitler om te smiten is in foarbyld fan in gearspanning. Op 20 july 1944 waard troch in groep offisieren ûnder lieding fan Claus von Stauffenberg yn it Eastprusyske haadkertier Wolfsschanze in bomoanslach op Hitler dien, dy't hast slagge wie.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Gearspanning, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.