Estyske Kroan

De Estyske kroan (Estysk: Eesti kroon; teken: kr; koade: EEK) wie fan 1928 oant 1941 en fan 1991 oant 2011 de muntienheid fan Estlân.

Sûnt dy tiid is de euro ek dêr it wettich betelmiddel.

Estyske Kroan
De Estyske kroan yn 1932.

Ien kroan wie 100 senti. It muntjild wie beskikber yn 5, 10, 20 en 50 senti en 1 en 5 kroanen. It papierjild wie beskikber yn 1, 2, 5, 10, 25, 50, 100 en 500 kroanen. It briefke fan 1 kroan wie seldsum, trochdat it mar ienkear, yn 1992, yn omrin brocht wie.

De kroan waard yn 1992, nei de ein fan de Sovjet Uny, op 'e nij ynfierd. De nije kroan wie keppele oan de Dútske mark en letter oan de euro. De muntienheid wie dan ek stabyl.

De Estyske oerheid stribbe dernei om de Estyske kroan fan 1 jannewaris 2010 ôf troch de euro te ferfangen. Dit is net helle troch de kredytkrisis. Op 12 maaie 2010 kundige de Jeropeeske Kommisje oan dat Estlân klear wie om ta te treden ta de eurosône. De nije datum wie 1 jannewaris 2011.

Papierjild

nominale wearde ôfbyld foarkânt efterkânt útjefte
1 Kroon Estyske Kroan  Estyske Kroan  Kristjan Raud (keunstskilder, grafikus) Toompea loss (kastiel op de Domberg) yn Tallinn 1992
2 Krooni Estyske Kroan  Estyske Kroan  Karl Ernst von Baer (antropolooch, natuerûndersiker, geograaf) Universiteit fan Tartu 1992, 2006, 2007
5 Krooni Estyske Kroan  Estyske Kroan  Paul Keres (skaker) Hermann's fort fan Narva (berteplak Keres), rivier Narva en De festing fan Ivangorod 1991, 1992, 1994
10 Krooni Estyske Kroan  Estyske Kroan  Jakob Hurt (folklorist, teolooch, taalkundige) Eik Tamme Lauri yn it suden fan Estlân Urvaste 1991, 1992, 1994, 2006, 2007
25 Krooni Estyske Kroan  Estyske Kroan  Anton Hansen Tammsaare (skriuwer) Vargamäe (út it wurk "Tõde ja õigus") fan Anton Hansen Tammsaare
50 Krooni Estyske Kroan  Estyske Kroan  Rudolf Tobias (komponist) Estoania-Teäter (Nasjonale Opera en Konsertseal) 1994
100 Krooni Estyske Kroan  Estyske Kroan  Lydia Koidula (dichter) Noard-Estlânske kliffen 1991, 1992, 1994, mei nije befeiligingskenmerken: 1999, 2007
500 Krooni Estyske Kroan  Estyske Kroan  Carl Robert Jakobson (publisist, skriuwer, pedagooch) Boereswel (nasjonale fûgel fan Estlân) boppe it Estlânske plattelân. 1991, 1994, 1996, mei nije befeiligingskenmerken: 2000, 2007

Munten

ôfbyld nominale wearde technyske parameters
Diameter gewicht râne gearstalling
Estyske Kroan  5 senti 15.95 mm 1.29 g glêd koper 93%, aluminium 5%, nikkel 2%
Estyske Kroan  10 senti 17.20 mm 1.87 g
Estyske Kroan  20 senti 18.95 mm 2.27 g
20 senti 18.95 mm 2.00 g fernikkele stiel
Estyske Kroan  50 senti 19.50 mm 3 g koper 93%, aluminium 5%, nikkel 2%
Estyske Kroan  1 KR 23.25 mm 5 g ribbelich koper 89%, aluminium 5%, sink 5% Sn 1%
Estyske Kroan  5 KR 26.20 mm 7.1 g

Tags:

1928194119912011EstlânEstyskEuroMuntienheid

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KeningsdeiHúsdierEgbert van 't OeverLatynSkotten1958AlvestêdetochtSkiednis fan FryslânJulianna VegaFeriene KeninkrykSêfte pornografyAlde Wyk (Beetstersweach)1889HynstekrêftAnale seksWillem III fan Oranje-NassauVladimir PûtinSelskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse13 augustusVanda VitusPornografyKatoenAnke BijlsmaBasilyk fan San MarcoLuna CorazónSkandinaavjeMiko LeeTweintichste iuw1950-er jierrenmarketingDe BoarnStasjon Dimter ColmschateKristlik Frysk SelskipAfke HijlkemaNASARidelJada StevensBotswanaStomme filmFerstjerrenSibearyske lemmingHomoseksualiteit2011TiidYndysk subkontinintFryske FrijheidMitra NazarBrulloftFDútslânSozialdemokratische Partei DeutschlandsArmeenske kalinderMidden-AmearikaWûnseradiel18 febrewarisSean LawlessJulie SkyhighEl NiñoPeter Johann Nepomuk GeigerJierDyami MillarsonArameeskJ.R. CarringtonPenjumMan🡆 More