Eskimo's

Eskimo's is de te uzes gongbere oantsjutting foar de lânseigen befolking fan Grienlân, it noarden fan Kanada, grutte parten fan it Amerikaanske Alaska, en de uterste eastpunt fan it Russyske Sibearje.

Harren krekte namme is eins Inuit (sprek út: "I-nû-yt"), wat "minsken" betsjut (it inkeltal is Inuk - útspr.: "Inûk").

Eskimo's
In Eskimohúshâlding, ±1917
Eskimo's
Eskimoman
Foto: Edward S. Curtis

Der waard lang oannommen dat "Eskimo" (aškipow) in skelwurd is, ôfkomstich út 'e talen fan 'e Yndiaanske (Algonkwynske) folken fan eastlik Kanada, en "raufleisfretter" betsjutte soe. Der is ek de hypotese dat it komt fan aškimeew, dat safolle betsjut as "ien dy't in oare taal sprekt". In mear en mear oannommen téory is dat it safolle betsjut as "pelsjager op snieskuon" of "skieskoechmakker".

Komôf

De Eskimo's wurden net ta de Yndianen rekkene. It is al in Mongoloïde ras, mar is net nau besibbe oan oare stammen yn Amearika. Yn de Lânbrêgeteory is mar plak foar twa weagen fan migraasje, beide fan Yndianen. Archeologyske fynsten tsjutte dúdlik op sibskip fan de âlde ynwenners fan East-Sibearje en Kamsjatka mei de Eskimo's, mar der binne gjin like-dúdlike fynsten yn Amearika dy't oan toane hoenear in part fan harren nei Amearika kaam wie. Ferskillende teoryen jouwe hjirfoar tiden fan 15.000 oant 2.000 f.Kr.

Namme

De ferskate subgroepen hawwe elts in oare namme foar harsels. De Grienlânske Eskimo's hjitte Kalaallit, de eastlike Kanadeeske Eskimo's Inuit, de westlike Kanadeeske Eskimo's Inuvialuit, de Eskimo's fan noardlik Alaska Inupiaq, de Eskimo's fan westlik en súdwestlik Alaska en Sibearje Yup'ik en de Eskimo's fan 'e Alaskaanske súdkust Alutiiq.

Ofbylden

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Eskimo's KomôfEskimo's NammeEskimo's OfbyldenEskimo's Sjoch ekEskimo'sAlaskaFeriene SteatenGrienlânKanadaRuslânSibearje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Leppelbekken30 jannewaris22 aprilKatedraal fan Piazza ArmerinaGonny GaakeerDreves UitterdijkGeslachtsmienskip19e iuwCody BryantAngelica BellaKatedraal fan CataniaMisjonarishâldingUnbemanne fleanmasineRottekopCharles III fan it Feriene KeninkrykCountryVanessa SkyRhylee RichardsTechnologyAubrey KateFerstoarVoodoo (pornografysk akteur)Katedraal fan UdineMûs (kompjûter)Suze Boschma-BerkhoutNoemilkShalina DevineAkkrumPappegaaidowenHjerringslynderMirka Antolović-TipurićDe DoelleazenFryskEarmoedeLewis CarrollJohn de MolMarijn KuipersWilliam ShakespeareRoplettersDomtsjerke fan GrossetoHongarijeProvinsjes fan NederlânAlkoholismeJohnny Cash1868Hillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiTurkskSneonWesterkertier (gemeente)Johnny SinsPornhubFriezen1990-er jierrenMarika FruscioSint-Frederikustsjerke (Steggerda)KleurBethany BenzBasketbalIranGemeenten fan Nederlân1863PakistanEdsger Wybe DijkstraAfganistanBlues🡆 More