Eduard Henricus Gerardus Hubertus Cuypers (Roermond, 18 april 1859 – De Haach, 1 juny 1927) wie in Nederlânsk arsjitekt.
Cuypers waard oplieden op it arsjitekteburo fan syn omke P.J.H. Cuypers.
Yn 1881 begûn Eduard Cuypers foar himsels yn Amsterdam. Troch goekunde yn it bedriuwslibben krige er opdrachten foar kantoaren, winkels, filla's en wenten. Nettsjinsteande syn oplieding wurke er net yn de styl fan de neogotyk, mar is syn wurk mear besibbe oan de neorenêssânse en Jugendstil. It wichtichste plak yn syn oeuvre wurdt ynnaam troch syn ûntwerpen fan tsientallen stasjonsgebouwen, dy't meast yn Noard-Nederlân boud binne. By de bou fan it spoar fan de Noordoosterlocaalspoorweg-Maatschappij (NOLS) hat hy de stasjons- en haltegebouwen ûntwurpen.
Cuypers en syn meidoggers ûntwurpen ek ambachtkeunstprodukten, sa as meubels, lampen en glêsservys. Cuypers' niget oan ynterieurkeunst hat yn 1905 laat ta de útjefte fan it tydskrift Het huis, oud & nieuw : maandelijksch prentenboek gewijd aan huis-inrichting, bouw en sierkunst, dat oant 1927 ferskynde. Cuypers wie ek oprjochter fan it tydskrift Nederlandsch-Indië Oud & Nieuw.
It buro fan Eduard Cuypers wurdt wol sjoen as de oarsprong fan de Amsterdamske Skoalle omdat de foarmannen fan dizze styl, Michel de Klerk, Jan van der Mey en Piet Kramer, allegear op syn kantoar foarme waarden. Ek in B.T. Boeyinga, ien fan de wichtichste neifolgers fan de Amsterdamske Skoalle, wurke in skoft foar Cuypers en Charles Estourgie syn karriêre is ek úteinset op it buro fan Cuypers.
Nei Cuypers' ferstjerren yn 1927 waard syn kantoar troch oaren fuortset.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Eduard Cuypers, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.