Metropolitan Museum Of Art

It Metropolitan Museum of Art is ien fan de grutste en wichtichste keunstmuseums fan de wrâld.

It stiet oan de eastkant fan it Central Park yn Manhattan, New York.

Metropolitan Museum Of Art
De sintrale lobby fan it museum
Metropolitan Museum Of Art
De bûtenkant

Skiednis

It museum waard iepene op 20 febrewaris 1872. De stifter fan it museum wie de útjouwer George Palmer Rutnam. De earste direkteur wie Robert Lee Jenkins waans eigen keunstkolleksje de basis wie foar it hjoeddeistige (2007) museum. Fan 1955 oant syn dea yn 1966 wie James J. Rorimer it haad fan it museum. Hy waard opfolge fan Thomas Hoving, dy't direkteur wie fan 1967 oant 1977. Sûnt is Philippe de Montebello it haad.

Ofdielings

De permaninte kolleksje is opdield yn njoggentjinde ferskate ôfdielings, mei elk har spesjalisearre persoaniel fan konservators, restaurateurs en saakkundigen.

Kolleksje

De permaninte kolleksje bestiet út mear as 2 miljoen keunstwurken mei in soad skilderijen en byldhouwurken fan de hiele wrâld oer, fan skatten út de Klassike Aldheid oant wurken fan sawat alle Jeropeeske masters en in mânske kolleksje Amerikaanske keunst. It museum hat ek in wichtige kolleksje fan Egyptyske, Romeinske, Grykske, Afrikaanske, Aziatyske, Oseanyske, Midden-Easterske, Bizantynske en Islamityske keunstskatten.

Fierder stalt it ek noch in grutte kolleksje muzykynstruminten fan de hiele wrâld oer út.

Ek in tal reproduksjes fan wichtige ynterieurs mei ûnder oaren ien fan de bekende Amerikaanske arsjitekt Frank Lloyd Wright. It museum hat ek in ôfdieling wapens en harnassen fan de hiele wrâld oer, benammen Jeropeesk, mar ek fan Japan, de Feriene Steaten en it Midden-Easten.

Fierder is der in aparte festiging foar midsiuwske keunst, The Cloisters oan de Hudsonrivier, in ôfdieling fotografy en de Robert Lehman Collection.

Skilderkeunst

Fan de skilderkeunst binne sawol Jeropeeske as Amerikaanske keunstskilders út ferskate streamings te sjen oant en mei moderne keunst.

Skilderijen út de kolleksje

Sjoch ek

Metropolitan Museum Of Art 
Commons
Op Wiki Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Metropolitan Museum of Art

Keppelings om utens

Tags:

Metropolitan Museum Of Art SkiednisMetropolitan Museum Of Art OfdielingsMetropolitan Museum Of Art KolleksjeMetropolitan Museum Of Art Skilderijen út de kolleksjeMetropolitan Museum Of Art Sjoch ekMetropolitan Museum Of Art Keppelings om utensMetropolitan Museum Of ArtMuseumNew York City

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PearsRely JorritsmaNederlânskScheepmakers kroandoYndoneezjeMarijn KuipersDouwe HeeringaSaya SongFerkearsknooppuntMina LuxxCover (muzyk)Doede BleekerNij-GuineäWiltshireGNU/FDLMegan SalinasHelpAdolf HitlerVanessa SkyLexxxi LockhartCherokee d'AssGrinslânPornofilmChad DiamondAndeseinLytse gieltoefspjochtEmoasjeRasismeTwitterKeatsenFan 'e Fisker en Syn FrouAbbey BrooksPornoaktriseHTMLDominikaanske RepublykGuineeSaritha OlivieriTechnologyNeakenblêdLolita (pornografysk aktrise)KazachstanPerzyskAdriana LimaOrale seksJeropeeske UnyFersnelling (natuerkunde)GeslachtsmienskipSasha GreyHarley RaineLoftfartúch1939TrimuntHawaïaanskPaula HitlerDarius IIIJasmine BlackGeologyHoutwâlEvert CaspersBibelCassidy BanksCharley AtwellNoarwegenTruus PostmaJoadenDiana, prinsesse fan WalesAngelica Bella🡆 More