Lichte Kruser

In lichte kruser is in lyts oant middelgrut type oarlochsskip.

De beneaming is fan oarsprong in ferkoarte foarm fan "lichtbepânsere kruser", wêrmei't in soarte skip beskreaun waard dat de swiere bepânsering fan 'e saneamde swiere krusers miste.

Lichte Kruser
De Britske HMS Belfast, no in museumskip op 'e Teems yn Londen.
Lichte Kruser
De Almirante Grau ferlit de haven fan Willemstêd (Kurasau) op wei nei Perû (1973)

De lichte kruser waard ûntwikkele út it eardere pânserdekskip, dat yn 1878 yntrodusearre waard troch de Britske Keninklike Marine. Tsjin it begjin fan it Ynterbellum hiene har út dat eardere skipstype twa soarten krusers ûntjûn: de lytsere, lichter bewapene en lichter bepânsere lichte kruser en de gruttere, swierder bewapene en swierder bepânsere swiere kruser. Yn 'e tekst fan it Marineferdrach fan Londen, út 1930, waard de lichte kruser omskreaun as in kruser mei kanonnen fan in loopdiameter fan 6,1 inch (155 mm) of lytser, wylst swiere krusers kanonnen mei in loopdiameter oant 8 inch (203 mm) hiene. Yn beide gefallen mocht it skip net grutter wêze as 10.000 ton.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden lichte krusers benammen ynset as flugge(re) better manûvrearbere eskorteskippen, dy't de folle gruttere fleandekskippen en slachskippen, en ek konfoaien keapfardijskippen, beskermje moasten tsjin loftoanfallen. Nei ôfrin fan 'e oarloch rekken earst slachskippen en slachkrusers, doe swiere krusers en úteinlik ek lichte krusers efterhelle, mei't troch modernere technology en mear avansearre wapensystemen al harren taken útfierd wurde koene troch lytsere (en dus goedkeapere) marineskippen, lykas torpedoboatjagers en fregatten.

De iennichste lichte kruser dy't anno 2018 noch yn aktive tsjinst is, is de BAP Almirante Grau (dat is de eardere Nederlânske Hr.Ms. De Ruyter út 1953) fan 'e Perûviaanske Marine. Fjouwer oare lichte krusers binne beholden bleaun as museumskippen. Dat binne: de HMS Belfast yn Londen, de HMS Caroline yn Belfast, de USS Little Rock yn Buffalo (New York), en de Michail Kûtûzov yn Novorossijsk.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.


Tags:

KruserOarlochsskipSkipSwiere kruserÔfkoarting

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MiamiSarah YoungSkearmês fan OckhamTaiwanBarack ObamaWikidataIbearysk SkiereilânSwitserlânIslamAlexa Flexy1195Brazilian waxEnsyklopedyJade FengKrusiging fan JezusVoronezj (oblast)HaadsideHamletHongkongAngela SchijfHavanaMichail BûlgakovWrâldkampioenskip fuotbal 1998Deastraf25 junySanta Ana (Kalifornje)KaiserslauternLuna SilverGrutte-boarstesjenre1562The Wall Street JournalSimon & SchusterABBAOrigenesBaanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000EastenrykIngelskRoemeenjeArcheologyTsjechoslowakijeDimear20 aprilFietnamoarlochLjouwerter KranteStoke NewingtonLos AngelesBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008Fridtjof NansenNikita ChrûsjtsjovRomeinsk-Perzyske OarloggenFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)Ted HughesKrystal SwiftTaekwondo op de Olympyske Simmerspullen 2000Minsklike seksuele aktiviteit1973PenisBûsboekjeTurkish AirlinesJoadenRjochtsaakVina SkyWeiFedaWales26 maart27 maartSpulYnternasjonaal Systeem fan Ienheden🡆 More