Ofkoarting

In ôfkoarting (gauris ôfkoarte ta ôfk.) is yn it skriftlik taalgebrûk in ferkoarte skriuwwize foar in wurd, wurdgroep of oare oantsjutting.

De beneaming 'ôfkoarting' is in sammelbegryp foar ferskate kategoryen. Yn alle gefallen binne dêrby yn it skriuwen lykwols ien of mear letters weilitten. De ferskillende soarten ôfkoartings binne:

  • ôfkoartings yn 'e ingere sin, dy't by lêzing folút útsprutsen wurde en einigje op in punt om oan te jaan dat der wat weilitten is (dus by "ensfh." en "d.w.s." lêst men "ensafuorthinne" en "dat wol sizze")
  • symboalen, dat wittenskiplike notaasjes en oare koarte skriuwwizen binne, lykas "g" (fan gravity, "swiertekrêft"), "km" (foar kilometer), "l" (foar "liter"), "v" (fan velocity, "faasje"), € (foar euro) en ƒ (foar gûne)
  • inisjaalwurden, wêrby't de letters fan 'e ôfkoarting apart útsprutsen wurde, lykas "wc" (útsprutsen as "weesee")
  • letterwurden, wêrby't de ôfkoarting útsprutsen wurdt sa't er skreaun wurdt, lykas by "pin" of "Riagg"
  • akronimen, ôfkoartings dy't mei haadletters skreaun wurde; dit binne tagelyk ek inisjaalwurden, lykas "VVD" of "GGD", of letterwurden, lykas "NATO" of "HAVO"
  • wurdlidwurden, dy't opboud binne út wurdlidden fan 'e oarspronklike folute namme, lykas "horeka" (fan "hotel", "restaurant", "kafee") en Benelúks (fan "Belgje", "Nederlân", "Lúksemboarch")

List fan Fryske ôfkoartings

(Hjiryn binne inkeld algemiene ôfkoartings opnomd, dus gjin nammen fan organisaasjes, wetten ensfh.)

A

B

C

D

E

  • € – euro
  • e. – east of easten
  • EK – Europeesk kampioenskip
  • e.k. – earste kertier
  • eks. – eksimplaar
  • ekskl. - eksklusyf
  • ensfh. – ensafuorthinne
  • e.o. – en oare(n) of en omkriten
  • Eur. – euro

F

G

H

I

  • ¥ – Japanske yen
  • i.b.s. – iepenbiere basisskoalle
  • id. – idem
  • ient. – iental
  • iep. – iepenbier
  • ierdr. – ierdrykskunde
  • y.f.m. – yn ferbân mei
  • y.g.m. – yn gearwurking mei
  • i.l.s. – iepenbiere legere skoalle
  • ynf. – ynfinityf
  • Ing. – Ingelsk
  • ynkl. - ynklusyf
  • ynsp. – ynspeksje of ynspekteur
  • ynst. – ynstelling of ynstitút
  • ynstj. – ynstjoerder
  • y.o. – yn opdracht
  • y.o.f. – yn opdracht fan
  • y.p.f. – yn pleats fan
  • y.pl.f. – yn pleats fan
  • y.s.f. – yn stee fan
  • y.st.f. – yn stee fan
  • it. – inkeltal
  • its. – itselde

J

K

L

M

  • m – meter
  • M. – Mynhear (yn oanhef, boppe oan brief)
  • µ – mikro (µg, µl, µm)
  • maks. – maksimaal of maksimum
  • manl. – manlik
  • meart. – meartal
  • m.d. – mei dielnimming
  • mfr. – mefrou
  • m.fr.g. – mei freonlike groetnis
  • m.fr.gr. – mei freonlike groetnis
  • mg – miligram
  • m.g. – mei groetnis
  • m.gr. – mei groetnis
  • m.h.d. – mei hertlike dielnimming
  • m.h.f. – mei help fan
  • m.h.g. – mei hertlike groetnis
  • m.h.gr. – mei hertlike groetnis
  • m.h.l. – mei hertlike lokwinske(n)
  • m.h.t. – mei hertlike tank
  • m.y.d. – mei ynlike dielnimming
  • m.y.f. – mei yngong fan
  • mij. – maatskippij
  • mil. – militêr
  • min. – minimaal, minimum, minister, ministearje of minuten
  • minn. – minnist of minnistysk
  • ml – mililiter
  • m.l. – mei lokwinske(n)
  • mm – milimeter
  • m.o.w. – mei oare wurden
  • mrt. – maart
  • mt. – meartal
  • m.t. – mei tank
  • m.t.o. – mei tank oan
  • m.û. – middelber ûnderwiis

N

O

  • oanl. – oanlieding
  • o.b. – oan board
  • o.e.m. – oant en mei
  • ôfb. – ôfbylding
  • ôfk. – ôfkoarting
  • ôfl. – ôflevering of ôflieding
  • ôfl.f. – ôflaat fan
  • ôfstj. – ôfstjoerder
  • okt. – oktober
  • o/m – oant en mei
  • o/m – oant en mei
  • opm. – opmerking
  • o.s. – oansteande

P

R

S

T

U

  • û. haadred. f. – ûnder haadredaksje fan
  • û.l.f. – ûnder lieding fan
  • û.m. – ûnder mear
  • ûng. – ûngefear
  • û.o. – ûnder oare(n)
  • û. red. f. – ûnder redaksje fan

V

W

Y

sjoch: i

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Ofkoarting List fan Fryske ôfkoartingsOfkoartingLetterSkriuwenWurd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Kristina LionGina Gerson1909Cassidy BanksIerdeTransliteraasjeFisigoatyske RykJ.R. CarringtonNicole BexleyBlauAmerikaanske gerslânwrotmûzenRocco SiffrediGaelyske talenGlamourfotografyResjerzjeAPinguïnsOflûken (seksualiteit)Frysk alfabetRuslân28 maartRobert RedfordTechnologyAleksander de Grutte1791Burj KhalifaAldfryskMyseneFjetnamRoplettersBoekGûamEjakulaasjeTwitterSeedykThe New York TimesDjango UnchainedMetallic-kleurEkonomyPeter PiotLudwig van BeethovenRas (titel)Sven KramerJaylene Rio1994De BoarnCarmen HayesSydneyHeinrich BarthAlbum (muzyk)Jade KushRadioVallettaKante kilometerFlammewerperMichelle TuckerFenus (mytology)Janpier BrandsNederfrankysk-Nedersaksyske talenMauritsiusPakeGeorge WashingtonOranjerivierPausFrysktalige WikipedyBarabbas🡆 More