Holwert De Hoop

De Hoop is in stellingmûne yn Holwert út ± 1713.

De achtkante boppekruier wie yn gebrûk as nôt- en pelmûne en wurket tsjintwurdich regelmjittich mei frijwillige mûnders.

De Hoop
Holwert De Hoop mûne / mole
De mûne yn 2012
De mûne yn 2012
lokaasje
provinsje Holwert De Hoop Fryslân
gemeente Holwert De Hoop Noardeast-Fryslân
plak Holwert De Hoop Holwert
adres Mûnereed
koördinaten 53° 21' N 5° 54' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôt- en pelmûne
flecht 23,65 meter
boujier 1713
oare ynformaasje
eigner Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
monumintale status Holwert De Hoop ryksmonumint
monumintnûmer 38709
Webside
Side De Hoop
Kaart
De Hoop (Fryslân)
De Hoop

Skiednis

De mûne De Hoop is in mûne dy't yn alle gefallen al foar 1713 bestie. Healwei de 18e iuw wie it mealwurk net mear lykas earder en koe de mûne mar foar in diel ynset wurde. Nei alle gedachten binne doe de roggestiennen bûten wurking steld en die de mûne allinne noch tsjinst as pelmûne.

Troch de opgong fan de moalfabriken gyng it yn 'e rin fan de tiid jimmeroan minder mei de mûne, wylst de pellerij benammen nei 1945 bot yn 't neigean rekke.

De Hoop waard yn de jierren 1950 bûten gebrûk steld en it binnenwurk waard weihelle. Yn 1963 kocht de gemeente Westdongeradiel De Hoop oan. Dêrnei ûndergyng de mûne ferskate restauraasjes, ûnder oare yn 1970 en 1980.

Yn 1994 waard Stifting Monumintebehâld Dongeradiel de nije eigener, dy't nei de gemeentlike weryndieling fan 2019 de namme Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân krige.

Beskriuwing

De Hoop is in achtkante, reiddutsen nôt- en pelmûne op in stiennen ûnderbou. De hichte fan de stelling is 6,30. De wjukken hawwe in flecht fan 23,65 meter en binne âldhollânsk ophekke. Njonken de bemealling wurdt de mûne ek as lesmûne brûkt.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Holwert De Hoop  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Hoop, Holwert fan Wiki Commons.

Tags:

Holwert De Hoop SkiednisHolwert De Hoop BeskriuwingHolwert De Hoop Sjoch ekHolwert De Hoop Keppeling om utensHolwert De Hoop1713Achtkante boppekruierHolwertNôtmolePelmûneStellingmûne

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

19261895LittenseradielReinwâldSkriftEskFryskAustraalje (lân)2005SwitserlânFilmJewels JadeAgnostisismeSkriuwer1899KeunstSpul13 jannewarisMalySekshâldingWenenNew York (steat)Ravensbrück2023Jenna JamesonHaadside195533Baarch1187WEurosône21e iuwPrusenMozilla Firefox4e iuwIvan IV fan Ruslân26EarmoedegrinsWezerRadio2013Robert I fan SkotlânBangladesjUtahDútsk1941OhioDenemarkRegio's fan Frankryk31 jannewarisCayden MooreHermann GöringHynder1594OmanElektroanika1 maartMestysUnyrugbyMiddelbrêge3122e iuwKaribysk NederlânKeatsenPortegeesk67Marketing🡆 More