De Fûgelhelling

De Fûgelhelling yn Oerterp is in opfangsintrum foar lânseigen fûgels en sûchdieren.

De Fûgelhelling
De Fûgelhelling

Yn 1975 sette fûgelwachter Douwe Miedema (1938-1999), anestesyferpleechkundige fan berop, thús útein mei it fersoargjen fan fûgels dy't it sels net mear rêden. Dat wiene yn dy tiid fral rôffûgels. Tegearre mei syn frou Griet Miedema wisten hja ek oaren foar it wurk te ynteressearjen. Troch harren krewearjen is De Fûgelhelling útgroeid ta wat it no is. Mei troch de sintrale lokaasje yn it Noarden oan de A7 is it ien fan de belangrykste opfangsintra fan Fryslân, Grinslân, Drinte en de kop fan Oerisel.

De Fûgelhelling
Fiver foar fûgels dy't wer better binne en fuortfleane meie

In soad bisten wurde slachtoffer fan it ferkear, fan ramen yn gebouwen, fan gif, omswalkjende katten of oare oarsaken troch minsklik hanneljen. Eartiids gyng it om folle lytsere tallen, mar hjoed-de-dei wurde der alle jierren wol 10.000 bisten opnommen dy't it net mear selsstannich yn 'e natoer rêde.

It doel fan De Fûgelhelling is om de bisten wer sa gau mooglik frij te litten as hja dêr sûn genôch foar binne. Ek soarget De Fûgelhelling foar foarljochting. De Fûgelhelling hat in besikerssintrum dat geregeldwei iepen is foar publyk. By De Fûgelhelling leit in lyts stikje natoergebiet fan goed 1 hektare dat Douwe's Gea hjit. Der is in swellewand, in fiver, in flintertún en der binne ferskillende biotopen oanlein. Ek wurde dêr reeën opfongen. Yn dat stikje natoer hawwe likernôch 40 ferskillende fûgelsoarten harren nêst en der binne 300 ferskillende plantesoarten teld.

De Fûgelhelling
Jonge earrebarren yn De Fûgelhelling

De organisaasje wurket mei sa'n 60 frijwilligers (2023) en hat likernôch 9.000 donateurs (2019).

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Oerterp

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Noard-MasedoanjePaul KustersJoe BidenNoelle EastonEmiel StoffersGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2017Lofthaven Frankfurt am MainSwitserlân179018061301Sweden28 septimberGNU/FDL2201LilleBratislavaAudiGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2019Michelle ObamaFalklânoarlochLjouwerter KranteLatynAquaZoo FrieslandKambodja2500 f.Kr.Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)1700Tessaloniki200Bruce VentureSacramento (Kalifornje)Belfast1500 f.Kr.GodGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011GeneraalGordianus IJoyce OliveiraKingston upon ThamesWyt-RuslânTibeariasWalrusSaksen (dielsteat)29 maaieJoaden2200Harmony Wonder10e milennium1601 f.Kr.HTMLAtapaskyske talenArwen GoldFrysk Boun om Utens600 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Grut-Brittanje 2014Sarah YoungTsjustere matearjeTaiwanYgo Gaeles GalamaFormule 1 yn 2015Rae Lil BlackMinnie BeetsNewcastle upon Tyne3101 f.Kr.Katolike TsjerkeFormule 1Gryksk3700 f.Kr.Hûntsjeshâlding1e iuw🡆 More