Oerterp

Oerterp is in doarp eastlik fan Drachten yn de gemeente Opsterlân.

Oerterp
Sint-Petrustsjerke fan Oerterp
Sint-Petrustsjerke fan Oerterp
Emblemen
Oerterp               Oerterp
Polityk
Lân Oerterp Nederlân
provinsje Oerterp Fryslân
gemeente Oerterp Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 4.900 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 25,52 km², wêrfan:
- lân: 25,09 km²
- wetter: 0,43 km²
Befolkingsticht. 195 ynw./km²
Oar
Postkoade 9247
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 6' NB, 6° 10' EL
Offisjele webside
www.oerterp.nl
Kaart
Oerterp (Fryslân)
Oerterp
Lizzing fan Oerterp yn Fryslân
Kaart
Sint-Petrustsjerke fan Oerterp
Himrik fan Oerterp yn Opsterlân

Oerterp hat 4.900 (1 jannewaris 2023) ynwenners en is nei De Gordyk it twadgrutste doarp fan de gemeente.

Lizzing

It doarp hat in geunstige lizzing by Drachten (6 km) en it Knooppunt Oerterperfallaat fan de A7 fan It Hearrenfean nei Grins en de N31 fan Ljouwert nei Emmen. Sadwaande wenje der in soad forinzen yn it doarp. De middenstân wreidet him stadichoan út trochdat der in soad nijbou dien wurdt.

Namme

De namme Oerterp (Urathorp, mei oer = boppe) wurdt ferklearre mei dy fan Olterterp (Utrathorp mei uter = bûten) út de lizzing neffens de Boarn: Oerterp boppestreams en Olterterp wat leger. Terp betsjut hjir dus doarp.

Skiednis

Oerterp is oarspronklik, tegearre mei Selmien oan de westkant en Sigerswâld oan de eastkant, in streekdoarp. De delsetting is lykwols net lykas in soad oare lintdoarpen yn de omjouwing troch de feanterij ûntstien. De langhalige foarm is in gefolch fan de lizzing op de deksânrêch tusken de oarspronklike Drait en De Boarn (dat op dat stik no it Alddjip hjit). De earste bewenning is al hiel lang ferlyn, doe't der noch gjin skiedskriuwing wie.

Oerterp 
De Prinsedobbe

Under argeologen hat Oerterp bekendheid mei't yn 1943 by de Prinsedobbe oan de Mouneleane oerbliuwsels fan rindierjagers út 'e ein fan de Alde Stientiid fûn binne, flak nei de lêste iistiid. Op in gebiet fan 85 kante meter op de ringwâl fan de dobbe waarden 5.408 fjoerstiennen foarwerpen fûn, wêrfan 1.360 stikken ark. It klimaat moat hjir doe west hawwe lykas dat fan Laplân en Noard-Sibearje no. De minsken dy't hjir omswalken wienen oanwiisd op wat it lânskip bea, dat allinnich oer de hege sânrêgen tusken de rivierkes geanber wie. Oannommen wurdt dat de minsken dêr allinne simmerdeis harren kampen hiene. Om't fergelykbere oerbliuwsels fûn binne by Hamburch stiet dy kultuer bekend as de Hamburchkultuer. As middel fan bestean wiene de minsken oanwiisd op de ienfâldige lânbou en feehâlderij.

Oerterp 
It eartiidske Binnenpaad, de tsjintwurdige Weibuorren

Tusken 1200 en 1250 waard fan grutte kleastermoppen de oan Sint-Piter wijde tsjerke boud. Wat letter as de bou fan de tsjerke waard Oerterp yn 1315 foar it earst neamd. It doarp hie oan it begjin twa paden. It belangrykste paad, de Bûtewei, ferbûn Beetstersweach mei Drinte. Noardlik dêrfan lei de Binnenwei, hjoed-de-dei de Weibuorren, dat de tsjerke ferbûn mei it Foarwurk fan Sigerswâld. It noarden fan 'e himrik wie rûch heechfean en yn it suden lei heide.

De ferdieling fan it lân eartiids is hjoed-de-dei noch ôf te sjen oan de rin fan 'e beamwâlen. It tsjerklike lân waard yn stripen ûnder de boeren ferdield, dy't fan noard nei súd rûnen. Dêrmei krigen de boeren allegear in stik heechfean (yn it noarden), in stik kultuergrûn grûn (yn it midden) en in stik heide yn it suden mei in stripe healân (De Mersken) oan it Alddjip.

It is net bekend wannear't der útein set waard mei it ôfgraven fan it heechfean. Sûnt 1472 wie der al in feanmaster, dy't wurke foar it kleaster Jeruzalim. Yn 1641 waard in begjin makke mei it graven fan in feart út Drachten wei, dy't yn 1657 oan de grins fan Opsterlân ta wie. De feart lei yn 1667 al oant Fryske Peallen. Foar it wurk wiene feanarbeiders en skippers nedich en ek boeren setten harren nei wenjen oan 'e feart, sadat der al gau mear ynwenners oan 'e Feart wennen as yn de rest fan it doarp. Namste mear doe't de feart noch langer makke waard en der ferbiningen ûntstiene mei Drinte en Grinslân. De feart bleau oant yn de Twadde Wrâldoarloch de belangrykste ferkearsrûte fan it doarp.

Oerterp 
Griff.-frijmakke tsjerke De Levensbron

Oerterp krige yn 1860 in ôfskate tsjerke en om't oan 'e feart de oanhingers fan de ôfskieding it bêste fertsjintwurdige wiene, kaam dêr de tsjerke. Sûnt hie it doarp twa tsjerken. Fanwegen de groei fan it tal leden waard yn 1908 de earste grifformearde tsjerke ferfongen troch nijbou. Mei't der yn 1944 in skuorring ûntstie yn de grifformearde tsjerke en de tsjerklike eigendommen oan de nije frijmakke tsjerke tawiisd waarden, bouden de grifformearden, dy't trou oan de synoade bleaune, letter yn 1962 in nije tsjerke oan de Mounestrjitte. Dat wie it tredde tsjerkegebou yn Oerterp. De spjalting hat ûnder de leden en it ferieningslibben fan de twa grifformearde tsjerken in soad leed brocht, dat letter yn de dokumintêre "It Fertriet fan Oerterp" fêstlein waard.

Yn it ramt fan it ruilferkavelingsplan "It Keningsdjip" waard yn 'e earste helte fan de jierren 1960 de feart tichsmiten en in brede asfaltdyk oanlein. In soad lytse pleatskes ferdwûnen en waarden ôfbrutsen, wylst de eardere bewenners ferhûzen nei de nijbou yn it doarp. Yn dy tiid ferdwûnen ek in soad sânreden yn it bûtengebiet. It doarp groeide hurd en tusken 1950 en 1990 ferdûbele it ynwennertal hast.

Bouwurken

Oerterp 
Weibuorren 60-62 (haadstrjitte)

Oerterp hat net in soad monuminten. It wie in earme streek en de kwaliteit fan it boude wie trochstrings net heech. Fierwei de measte huzen binne dan ek yn de 20e iuw boud. In útsûndering is it oan alle kanten skeane hûs njonken de supermerk op de Weibuorren 60/62 mei de lytse raamkes, en dat is dan ek beskerme as monumint. Fierders is der noch in gevelstien ynmitsele neist de foardoar fan it eardere postkantoor op Weibuorren 76:

    Heere Hendriks / geweesen Brou / wer tot Oerterp / 1740

De stien is dúdlik âlder as it gebou, dat dêr yn 1919 kaam op it stee fan it doe foar de twadde kear ôfbaarnde kafee/loazjemint. De stien siet earder yn it loazjemint, mar de brouwerij fan Heere Hendriks stie oan de Feart op de hoeke fan de Brouwersleane. Heere Hendriks lei flak neist de tsjerke begroeven ûnder in lizzende stien. Syn grêf is nei de Twadde Wrâldoarloch romme. De stien fan syn heit leit yn 'e tsjerke. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

Mûnen

Oerterp 
Nôtmûne De Bruinvisch (yn1925 ûnttakele, yn 2007 ôfbrutsen

Oan de Mounestrjitte stie de achtkante reiddutsen stelling-nôtmole. De mûne waard boud yn 1872 mei ûnderdielen fan in ôfbrutsen houtseachmûle út de Saanstreek. Hy hiet "De Bruinvisch". Yn 1925 knapte in roede en waard der in motor ûnderyn de mole setten. De mûne-as waard yn 1927 ferkocht nei Aduard en is dêr yn de noch besteande wettermûne set.

Om 1670 waard flakby, oan de hjoeddeiske Postleane, in folmûne boud foar it "foljen" (it fertichtsjen fan de stof troch de fezels dêrfan de iepeningen yn it weefsel opfolje te litten) fan weefde wollen stoffen mei stampers yn bakken mei ûnder mear urine. Troch se sa folje te litten waarden se tichter en dus waarmer. De wol sil komd wêze fan de skiep dy't op de heide hâlden waarden en sil troch in soad minsken thús spûn en weefd wêze. Yn 1749 wie Jan Sanders timmerman en folmûnder yn Oerterp. De mûne ferdwûn nei 1800.

(ned) Oer de eardere mûnen fia www.molendatabase.org:

Poldermûnen (mooglik lytse mûnen) lokaasjes net alhiel wis.

Mienskip

Oerterp 
Multyfunksjoneel Sintrum De Wier

Oerterp hat in multyfunksjoneel sintrum mei de namme De Wier. It doarp hat in oantal buertferienings, dy't ek aktiviteiten organisearje. It doarp hat in grut tal foarsjennings en in goed fertsjintwurdige winkelstân.

Tradisjoneel wurde Oerterpers foar "oanbreide hoazzen" útmakke.

Tsjerken

Skoallen

Oerterp 
Kristlike basisskoalle De Opdracht
Oerterp 
Bûtewei

Ferienings

Sportferienigings

Sjong- en muzykferienings:

Oare ferienings:

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Oerterp 
Akkemuoisbult (it heechste punt fan Oerterp) oan 'e ein fan de Merskenreed

Befolkingsferrin

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2006
Ynwenners 1512 2874 2708 2723 2853 3114 4768
Jier 2015 2022
Ynwenners 4765 4820
Oerterp 
Tsjerkeleane

Berne yn Oerterp

Eveneminten

Oerterp 
Leidyk

Alle twa jier wurdt der in doarpsfeest hâlden. Dat bart op de ûneven jiertallen. Der is dan in merke, in grutte feesttinte en in soad aktiviteiten troch de eigen bewenners. It feest duorret fjouwer dagen. Fierders binne der ferskate optredens fan de majorettes en de fanfare. Op de langste dei, elts jier op 21 juny, wurde de Weibuorren ôfsluten en is dêr in grutte merk mei in soad aktiviteiten, organisearre troch de sportklubs yn Oerterp. Fierders hat Oerterp noch in iisbaan, twa grutte boarterstunen, in skatebaan, in sportsintrum (De Wier), in jongereinsoas en in aktiviteitensintrum yn De Wier. Elk jier is der boppedat in grut konsert fan ferskate rock-artysten: Oerrock

Publikaasjes

  • Berend L. Hoeksma "Ureterp van verleden tot heden Oerterp"

Oars

Oerterp 
De Fûgelhelling, jonge earrebarren (2023)

Sjoch ek

Oerterp 
Dobbe oan de Broerestreek

Strjitten

Alle strjitten yn Oerterp.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Oerterp  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oerterp fan Wiki Commons.
 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
Oerterp 
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden

Tags:

Oerterp LizzingOerterp NammeOerterp SkiednisOerterp BouwurkenOerterp MienskipOerterp PublikaasjesOerterp OarsOerterp Sjoch ekOerterp StrjittenOerterp Keppeling om utensOerterpDrachtenOpsterlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hybride (biology)TelefyzjeIerskGokkenMAdam en Eva (plant)Nikola TeslaGrutte-boarstesjenreHelpWite BrânnettelIvy SherwoodMay ThaiOnno FalkenaFerkrêfting2006PornografyOblast TsjitaSekshâldingRussyskKarelië (deelrepubliek)Nederlânsk Kanker YnstitútBestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021)TechnologyKristendomList fan planetoïden 46001-47000Untsliepeniskatdraal (Tomsk)The Call of the Wild (film út 2020)14 novimberNHL Stenden HogeschoolKrusigingAutoNikolaas fan MyraGrutte Synagoge (Tomsk)Henny Tuinhout-de LeeuwFlodder (film)Noard-IerlânRunenWeimarrepublykMarije CornelissenMarijn KuipersEva KareraJuliaanske kalinderWurd1200Aleksander II fan RuslânImerkes (fûgel)ReidhintsjeSkotlânBedum (plak)Amarins GevekeKristenWyfke BrânnettelNoardwestgermaanske talenAnton WachterpriisAartsingel Michaelkatedraal (Archangelsk)DermatologyTrio (seksualiteit)Veronica RodriguezMissy ElliottStasjon LoppersumBaptismeDionysus1945Maya Bijou10e iuwGeorge W. Bush18 junyTsjoenderijPelé🡆 More