David Weber (folút: David Mark Weber; Cleveland (Ohio), 24 oktober 1952) is in Amerikaansk skriuwer fan romans en koarte ferhalen dy't foar it meastepart ta it literêre sjenre fan 'e science fiction hearre.
Hy is it bekendst wurden mei syn tige súksesfolle Honor Harrington-searje, dy't ta it subsjenre fan 'e militêre science fiction heart. Njonken science fiction hat Weber ek boeken en ferhalen skreaun dy't ta fantasy en alternate history rekkene wurde kinne. Hy ferkocht syn earste boek yn 1989 oan Baen Books, dat oant hjoed de dei syn útjouwer bleaun is.
David Weber | ||
skriuwer | ||
David Weber mei syn frou Sharon. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | David Mark Weber | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 oktober 1952 | |
berteplak | Cleveland (Ohio) | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | science fiction, fantasy | |
bekendste wurk(en) | Honor Harrington-searje Star Kingdom-searje | |
útjouwer | Baen Books | |
jierren aktyf | 1987 – no | |
offisjele webside | ||
www.davidweber.net |
Weber waard yn 1952 berne yn Cleveland, yn 'e Amerikaanske steat Ohio. Hy is fan Dútsk etnysk komôf. Weber begûn foar it earst op 'e legere skoalle mei it skriuwen fan ferhalen. Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, wurke er û.m. as tekstskriuwer, drukker en korrektor. Letter behelle er in mastertitel yn skiednis en de skiene keunsten.
Weber syn earste romans kamen fuort út syn wurk as ûntwerper fan oarlochsspultsjes fan it strategyspul Starfire. Hy skreau ferskate koarte ferhalen dy't yn it ramt fan it Starfire-hielal pleatst wiene, en dy't ferskynden yn Nexus, it tydskrift dat troch Task Force Games, de produsint fan Starfire, útjûn waard. Doe't dy ferhalen yn goede ierde foelen, weage er him nei it opdoeken fan Nexus tegearre mei syn kollega Steve White oan it skriuwen fan 'e Starfire-roman Insurrection. Dat boek ferkochten se yn 1989 oan 'e útjouwerij Baen Books, dy't it yn 1990 publisearre. Insurrection wie it earste diel fan in tetralogy, wêrfan't it lêste diel, The Shiva Option, yn 2002 útkaam en de bestsellerlist fan 'e krante de New York Times helle.
Syn grutste súkses belibbe Weber lykwols mei de Honor Harrington-searje, in rige wêrfan't yn 1993 it earste diel ferskynde, mei as titel On Basilisk Station. Dizze searje spilet yn 'e fiere takomst, as de minskheid in grut part fan 'e Molkewei kolonisearre hat, en giet oer Honor Harrington, in froulike ofsier yn 'e romtemarine fan it Keninkryk Manticore. Yn 'e opienfolgjende dielen fan 'e romansearje wurdt Harrington folge wylst se karriêre makket ûnder de oarloch fan Manticore mei de Folksrepublyk Haven.
De Honor Harrington-searje heart ta de militêre science fiction, en it ferhaal hinget der sterk ta oer om him yn wapenboukundige details en wiskundige berekkenings fan 'e faasje en banen fan projektilen lykas raketten en torpedo's te ferliezen, wat foar in protte lêzers de spanning sterk belúnje litte sil. De boeken binne boppedat skreaun yn it auktoriële perspektyf (mei in alwittende ferteller), wat ynherint in beskate ôfstân tusken de haadpersoanen en de lêzer ynbout. Nettsjinsteande dat hat Weber mei de rige in grutte en fêste skare fans witten te winnen. De Honor Harrington-rige hat ferskate spin-offsearjes fuortbrocht, wêrûnder de Crown of Slaves-rige, wêryn't Weber gearwurket mei Eric Flint, en de Star Kingdom-rige foar jongfolwoeksenen, dy't er tegearre skriuwt mei Jane Lindskold.
Njonken science fiction hat Weber ek fantasy skreaun, lykas Oath of Swords en The War God's Own, en alternate history, lykas 1632, op 'e nij mei Eric Flint. Hy is in fan fan militêre skiednis, dêr't er sadwaande faak eleminten fan yn syn wurk ynkorporearret. Nei eigen sizzen is er it meast beynfloede troch skriuwers as C.S. Forester, Robert A. Heinlein, Roger Zelazny en Anne McCaffrey. Hy besiket safolle mooglik science fiction-kovinsjes, om't er it wichtich fynt om streekrjocht feedback fan syn fans te krijen. Yn 2008 droech Weber syn persoanlik argyf oer oan 'e Ofdieling Seldsume Boeken en Spesjale Kolleksjes fan 'e Universiteit fan Noardlik Illinois.
Webber en syn frou Sharon, mei wa't er trije bern hat, wenje yn Greenville, yn 'e Amerikaanske steat Súd-Karolina. Hja hawwe ek in espel hûnen en guon katten. Syn skriuwwurk docht Weber it meast jûns en nachts. Yn in fideo-ynterview dat te sjen is op YouTube, fertelde Weber dat er in leke-predikant fan 'e Feriene Metodistyske Tsjerke is, en dat er yn syn wurk û.m. besiket om sjen te litten hoe't it ferskynsel religy sawol foar goede as kweade doelen brûkt wurde kin. Weber is lid fan it skriuwersbûn Science Fiction and Fantasy Writers of America (SFWA), en teffens is der in hertstochtlik oanhinger en lid fan 'e Amerikaanske wapenlobby NRA.
(As it net oars oanjûn wurdt, giet it om romans.)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article David Weber (skriuwer), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.