Dave Mustaine

David Scott Mustaine (La Mesa, 13 septimber 1961) is in Amerikaansk sjonger en gitarist.

Hy is bekend as de oprjochter fan Megadeth.

Dave Mustaine
Dave Mustaine sjonger en/of muzikant
Dave Mustaine yn 2022
Dave Mustaine yn 2022
persoanlike bysûnderheden
echte namme David Scott Mustaine
nasjonaliteit Dave Mustaine Amerikaansk
berne 13 septimber 1961
berteplak La Mesa
wurkpaad
sjenre Metal
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf 1978 - No

Karriêre

Panic

Panic wie de earste band fan Mustaine. Mar nei it twadde optreden fan band rekken hja belútsen by in auto-ûngelok sawol de drummer en in lûdsman kamen hjirby om it libben. Dit wie it ein fan Mustaine syn earste band.

Metallica (1981-1983)

Dave Mustaine wie yn 1981 de orzjinele gitarist fan Metallica. Mustaine had mei Metallica yn 1982 de demo No Life 'til Leather opnaam. Yn 1983 reizge Metallica nei de eastkust om har debútalbum Kill 'Em All op te nimmen. Fanwegen syn ferslaving oan drugs en alkohol waard gitarist Dave Mustaine, koart nei harren oankomst by de studio's ûntslein. Mustaine is al ien fan de skriuwers fan in tal Metallica nûmers op de earste twa albums fan Metallica. Bekende nûmers op it albums fan Metallica dy't Mustaine mei-skreaun hat, binne Jump in the Fire, Phantom Lord, Metal Militia, The Four Horsemen en Ride the Lightning.

Megadeth

As reaksje op syn ûntslach rjochte Mustaine yn de simmer fan 1983 de band Megadeth op. Yn 1985 kaam it debútalbum Killing Is My Business... and Business Is Good! út. Mei Megadeth hat Mustaine yntusken fyftjin studioalbums en seis live-albums útbrocht.

Priveelibben

Mustaine waard berne yn La Mesa, Kalifornje, Amearika, as de tredde yn in gesin fan trije, syn heit hie in jierrenlang drankprobleem en syn alden giene dêrtroch ek út inoar doe't Dave fjouwer jier âld wie. Ek Dave Mustaine had problemen mei ferslavingen neffens eigen sizzen had er mear as santjin kear opnaam west yn in ôfkicksintra. Mustaine boaske yn 1991 mei Pamela Anne Casselberry mei har hat er twa bêrn. Dave Mustaine waard grutbrocht as Jehova's Tsjûge, tsjintwurdich is er in oertsjoege Wederberte Kristen, dit had grutte ynfloed op syn priveelibben mar ek op syn band Megadeth.

Diskografy

Albums

Album Utbrocht op Band Single(s)
Killing Is My Business...
and Business Is Good!
12 juny 1985 Megadeth
Peace Sells...
but Who's Buying?
19 septimber 1986 Peace Sells,
Wake Up Dead
So Far, So Good...
So What!
19 jannewaris 1988 Anarchy in the U.K.,
Mary Jane
Rust in Peace 24 septimber 1990 Holy Wars... The Punishment Due,
Hangar 18
Countdown to Extinction 14 july 1992 Symphony of Destruction,
Foreclosure of a Dream,
Sweating Bullets,
Skin o' My Teeth
Youthanasia 31 oktober 1994 Train of Consequences,
A Tout le Monde
The Craving 23 july 1996 MD.45
Cryptic Writings 17 juny 1997 Megadeth Trust,
Almost Honest,
Use the Man,
A Secret Place
Risk 31 augustus 1999 Crush 'Em,
Breadline,
Insomnia
The World Needs a Hero 15 maaie 2001 Moto Psycho,
Dread and the Fugitive Mind
The System Has Failed 14 septimber 2004 Die Dead Enough,
Of Mice and Men,
The Scorpion
United Abominations 15 maaie 2007 À Tout le Monde (Set Me Free)
Endgame 15 septimber 2009 Head Crusher,
The Right to Go Insane
Thirteen 1 novimber 2011 Sudden Death,
Public Enemy No. 1,
Whose Life (Is It Anyways?)
Super Collider 4 juny 2013 Super Collider
Dystopia 22 jannewaris 2016 Fatal Illusion,
The Threat Is Real
The Sick, the Dying... and the Dead 2022

As gastmuzikant

Single(s) Album Utbrocht yn Mei band
License to Kill,
Chain Gang Woman
License to Kill 1987 Malice
Truckin' Death and Progress 1993 Diamond Head
White Rabbit (Jefferson Airplane cover) Refuge Denied 1988 Sanctuary

Tags:

Dave Mustaine KarriêreDave Mustaine PriveelibbenDave Mustaine DiskografyDave Mustaine13 septimber1961Feriene SteatenGitaristMegadethSjonger

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sint-PetersburchAngelica BellaJimmy WalesBaalbekEl NiñoOarehelteFryslânSean LawlessDirck Camphuysen1999TwitterNammeComité flamand de France1875Rachel AzianiMaya Bijou2 septimber20111632PolyneezjeKya TropicSkotskNatasha StormSintrale Delling (Kalifornje)Goaten24 aprilGnostisismeSeeFormule 1 yn 2020Feriene KeninkrykSasha BeartList fan Fryske jongesnammenDenemarkFerstoarMelissa LaurenDe SwemmerMediaWikiGregoriaanske kalinderISO 3166-1YndoneezjePornoakteurSkilderkeunstPeriapsisvkeyjSaratovWelsum (Olst-Wijhe)Johnny CashOrale seksGalaktyske RepublykKazan (stêd)Jayden LeeCherokee (pornografysk aktrise)Fryske talenBiologySpoar fan Mariënberg nei AlmeloNederlânAmerican Music AwardCherokee d'AssSarah YoungPaleis HolyroodhouseList fan spoarlinen yn NederlânBerchfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2016Magnetyske noardpoalOlstMûs (kompjûter)John DemjanjukFellatioDe Bosk86Koen EekmaRae Lil Black🡆 More