Metallica

Metallica is in Amerikaanske trashmetalband oprjochte yn 1981 yn Los Angeles.

De band brocht yn 1983 syn debútalbum Kill 'Em All út. De teksten fan de band gean benammen oer korrupsje, de dea, it libben, kriich, persoanlike problemen en lulkens. Metalica wurdt yn ien sike wei neamd mei Slayer, Megadeth, en Anthrax. Metallica hat tsien studio-albums en acht live-albums útbrocht.

Metallica
Metallica band
Logo fan Metallica
Logo fan Metallica
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Metallica Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1981 – No
label(s) Megaforce,
Elektra,
Vertigo,
Warner Bros.,
Blackened
webside Metallica.com
âld-leden Ron McGovney bas (1982)
Dave Mustaine gitaar (1982-1983)
Cliff Burton bas (1982-1986) †
Jason Newsted bas (1987-2001)
leden
Sang &
Gitaar
James Hetfield
Gitaar Kirk Hammett
Bas Robert Trujillo
Drums Lars Ulrich
Metallica
Metallica yn 2017

Skiednis

De iere jierren

Metallica waard yn 1980 foarme troch drummer Lars Ulrich en gitarist James Hetfield, nei't Ulrich in advertinsje pleatst hie yn in pleatslike krante. Ulrich hie ek regele dat hy in nûmer oanleverje soe foar in sammel-cd fan it platelabel Metal Blade. Dat hja moasten rap in band oprjochtsje, dit slagge yn de maitiid fan 1981 nei't bassist Ron McGovney en gitarist Dave Mustaine har by it duo Ulrich en Hetfield foegen. Ein 1982 waard Ron McGovney ferfongen troch bassist Cliff Burton earder fan de band Trauma. Yn maart 1983 waard Dave Mustaine ûntslein fanwegen syn ferslaving oan drugs en alkohol, as reaksje op it ûntslach rjochte Mustaine de band Megadeth op. De ferfanger fan Dave Mustaine waard fûn yn Kirk Hammett earder fan Exodus.

Yn de simmer fan 1983 kaam it debútalbum Kill 'Em All út. Yn 1984 folge troch it album Ride the Lightning. Op dit album wie foar it earst it talint fan Cliff Burton goed te hearren, dy 't in liedende basgitaar spile yn stee fan as bassist de eftergrûn op te foljen. Nei Ride the Lightning folge it earste Jeropeeske toernee fan Metallica ûnderdiel fan de promoasje fan it album. Ien fan de earste optredens fan Metallica yn Nederlân wie yn de De Westereen. Op 21 febrewaris 1986 kaam it album Master of Puppets út, it earste album fan Metallica dat de gouden status behelle. It album waard ek wer folge troch in toernee.

Metallica 
Monumint ta neitins oan Cliff Burton yn Sweden.

Bus ûngelok

Wilens it Jeropeeske part fan it toernee gie it mis, Metallica rekke yn Sweden ter hichte fan it doarpke Dörarp mei harren toerbus belutsen by in slim ûngelok. Yn de iere moarn fan 27 septimber 1986 bedarret de bus yn in slip, de sjauffeur rekke dêrtroch de macht oer it stjoer kwyt en de bus bedarre op syn kânt. James, Kirk en Lars komme mei de skrik frij mar Cliff dy't yn it boppeste bêd hie lizzen te sliepen rekke beknipe ûnder de bus, hy wie op slach dea. Bassist Cliff Burton waard 24 jier âld. Ta neitins oan Cliff Burton is der yn 2006 by it doarpke Dörarp op 'e hichte fan it plak dêr't it ûngelok barde in monumint ûntbleate.

De Jason Newsted jierren

Ut respekt foar Burton giet de band troch, en yn oktober wurd Jason Newsted earder fan Flotsam & Jetsam al presintearre as de nij bassist fan Metallica. It fjirde album ...And Justice for All komt út op 25 augustus 1988. It is it earste album mei Jason Newsted en it lêste album dêr't Burton noch oan meiwurke hat, hy hat in diel fan it nûmer To Live Is To Die skreaun. Yn it sa goed as ynstrumintale nûmer is ek in koart oan Burton opdroegen gedicht te hearren.

Metallica 
Jason Newsted yn 2013

It album wie ek it earste album dêr't in fideoclip foar by in nûmer makke waard. De clip foar One is foar it grutste part yn swart-wyt. Der is ek fûle krityk op it album de baspartijen fan Jason Newsted binne amper te hearren op it album. Letter hawwe James en Lars tajûn dat se dit bewust dien hiene.

Yn 1991 komt it album dat simpelwei Metallica hjit út mar it album is foaral bekend ûnder syn bynamme The Black Album. It album behellet yn Nederlân de platinum status. Der folget in wrâldtoernee dat in sels pear jier duorret. Yn augustus 1992 rekket James Hetfield ferwûne by in optreden troch in flater mei de pyrotechnyk rint hy twadde- en treddegraads brânwûnen op. Metallica kearde 17 dagen letter werom nei it poadium mei Metal Church gitarist John Marshall as ynfaller foar Hetfield, foar de rest fan de toernee, Hetfield wie sels al yn steat om te sjongen.

Nei hast trije jier fan toeren, begûn Metallica yn 1995 oan harren fiifde studio-album. Load kaam yn de simmer fan 1996 út. De muzyk wie mear hardrock dan metal wat ta gefolch hie dat it album Load de meagere jierren fan Metallica ynlûde. Load waard yn 1997 opfolge troch Reload en Garage Inc. yn novimber 1998 in album mei allinne mar covers.

Yn 1999 trede Metallica twa kear op mei it San Francisco Symphony Orchestra, dizze optredens binne op it album S&M útbrocht. Jannewaris 2001 waard bekend dat Jason Newsted nei 15 jier Metallica gie ferlitten. It album St. Anger dat útkaam op 5 juny 2003 waard opnaam mei in sesjemusikant foar de baspartijen.

Nij fjoer

Metallica feroare wer fan styl, neffens de foargeande albums wie St. Anger wer it stik steviger. De opnamen hiene in lange tiid yn beslach naam troch it fertrek fan Newsted en trochdat Hetfield him opnimme litten hie yn in ôfkicksintra. Yn dizze rûzige perioade fan de opnamen fan St. Anger wie de band folge troch in kameraploech. Dat resultearre úteinlik yn de dokumintêre Some Kind of Monster dy't yn 2005 yn premjêre gie. Nei it útbringen fan St. Anger gie Metallica mei audysjes oan de slach om in ferfanger foar Newsted te finen. De kar foel op Robert Trujillo earder fan Suicidal Tendencies, dizze nije bassist helle nij fjoer oan binnen de band.

Yn 2008 kaam it album Death Magnetic út, It doel wie om dit album op 12 septimber út te bringen, mar trochdat der in winkel wie dy't al op 2 septimber begûn mei de ferkeap fan it album, wat in protte yllegale kopyen ta gefolch wie waard it album úteinlik op 10 septimber offisjeel útbrocht. It album markearret in definityf weromkommen nei it progressive thrashmetal-lûd fan de earste fjouwer albums fan de band. It album kaam op nûmer ien binnen yn de Nederlânske Album top 100. Begjin 2009 waard Metallica opnaam yn de Rock and Roll Hall of Fame, ynklusyf de eardere bassisten Jason Newsted en Cliff Burton.

Acht jier nei Death Magnetic kaam Metallica yn 2016 wer mei in nij album Hardwired... to Self-Destruct ek dit album kaam binnen op nûmer ien yn de Album top 100.

Diskografy

Metallica 
Lars Ulrich yn 2017
Metallica 
James Hetfield yn 2017
Metallica 
Kirk Hammett yn 2008
Metallica 
Robert Trujillo yn 2017

Studio-albums

Album Utbrocht op Label Singles
Kill 'Em All 25 july 1983 Megaforce Whiplash,
Jump in the Fire
Ride the Lightning 27 july 1984 Fade to Black,
Creeping Death,
For Whom the Bell Tolls
Master of Puppets 3 maart 1986 Elektra Master of Puppets
...and Justice for All 6 septimber 1988 Harvester of Sorrow,
Eye of the Beholder,
One
Metallica
The Black Album
12 augustus 1991 Enter Sandman,
The Unforgiven,
Nothing Else Matters,
Wherever I May Roam,
Sad but True
Load 4 juny 1996 Until It Sleeps,
Hero of the Day,
Mama Said,
King Nothing
Reload 18 novimber 1997 The Memory Remains (ft. Marianne Faithfull),
The Unforgiven II,
Fuel,
Better Than You
St. Anger 5 juny 2003 Vertigo St. Anger,
Frantic,
The Unnamed Feeling,
Some Kind of Monster
Death Magnetic 12 septimber 2008 Warner Bros. The Day That Never Comes,
All Nightmare Long,
Broken, Beat & Scarred
Hardwired... to Self-Destruct 18 novimber 2016 Blackened Hardwired,
Moth into Flame,
Atlas, Rise!,
Now That We're Dead,
Spit Out the Bone
72 Seasons 14 april 2023 Lux Æterna

Cover-album

Album Utbrocht op Label Singles
Garage Inc. 24 novimber 1998 Vertigo Turn the Page (Bob Seger cover),
Whiskey in the Jar,
Die, Die My Darling (Misfits cover)

Live-albums

Album Utbrocht op Label
Live Shit:
Binge & Purge
23 novimber 1993 Elektra
S&M
(ft. San Francisco Symphony Orchestra)
23 novimber 1999
Orgullo,
pasión y gloria:
tres noches en la Ciudad de México

en la Ciudad de México

30 novimber 2009 Universal
Six Feet Down Under 20 septimber 2010 Warner Bros.
The Big 4 Live from Sofia, Bulgaria 15 oktober 2010 Universal
Six Feet Down Under Part II 12 novimber 2010 Warner Bros.
Live at Grimey's 26 novimber 2010 Universal
Helping Hands...
Live & Acoustic at the Masonic
1 febrewaris 2019 Blackened
Live in Chile
(1993 – 2017)
15 april 2020
Live in Argentina
(1993 – 2017)
18 april 2020
S&M2
(ft. San Francisco Symphony Orchestra)
28 augustus 2020

Kompilaasje-albums

Album Utbrocht op
The Good, the Bad and the Live:
The 6 1/2 Year Anniversary 12" Collection
14 maaie 1990
Fifth Member Exclusive Deluxe Box Set Sampler 17 febrewaris 2016

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Metallica SkiednisMetallica DiskografyMetallica19811983Anthrax (band)DeaFeriene SteatenKorrupsjeKriichLibbenLos AngelesLulkensMegadethSlayer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MoskeftigenWielenpôleDomtsjerke fan ParmaWreck-It RalphYrreligyGrutte Oseaan3 desimberOarlochsmisdie3 febrewarisRocco SiffrediSkaai (taksonomy)1945SkiermûntseachAtletyk op de Olympyske Simmerspullen 1996KrúswurdpuzelOezbekenIan KershawPornofilmÛndersoarteKya TropicJade KushBad Samaritan (film)NeakenensFeriene SteatenRunenPersia MonirTynaarloToskdoFellatioPriya PriceSasha BeartHylke SpeerstraJasmine BlackFuotbalWrâldkampioenskip fuotbalPhilippus H. BreukerLeilani VegaHaadsideSeptember ReignUnderwiisDoekle TerpstraNRJ Music AwardEuropean Girls Adult Film DatabaseMaya BijouInes RidereTennis1 maartBang BrosUnbreakable (film)MisjonarishâldingKoreaanskCowgirlhâldingMia KhalifaKeninkryk FryslânVina SkyZevenhuizen (Westerkertier)MidsiuwenDiezerpoarteJohan KaartpriisJulianna Vega1907Grutte-boarstesjenreBesibskipDemokratyske Republyk KongoHynstekrêftList fan sterke tiidwurden yn it FryskHout🡆 More