Broer Doekeles Dykstra (yn Amearika fral bekend as B.D.
Dykstra; Penjum, 21 novimber 1871 - Orange City (Iowa), 29 maart 1955) wie in Frysk-Amerikaansk útjouwer, sjoernalist, predikant, ûnderwiisman, dichter en publisist. Hy skreau ferskate boeken, en wie tige aktyf mank de Nederlânske ymmigrantemienskip yn 'e Feriene Steaten.
Broer Doekeles Dykstra | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Broer Doekeles Dykstra | |
oare namme | B.D. Dykstra | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Amerikaansk | |
berne | 21 novimber 1871 | |
berteplak | Penjum (Fryslân) | |
stoarn | 29 maart 1955 | |
stjerplak | Orange City (Iowa) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | útjouwer, sjoernalist | |
aktyf as | predikant, ûnderwizer, dichter, publisist | |
jierren aktyf | ±1891 – 1955 | |
reden bekendheid | tige aktyf yn 'e Nederlânske ymmigrantemienskip | |
bekendste wurk(en) | Ten Eeuwigen Vrede Geloof en Leven |
Dykstra waard yn 1871 berne yn Penjum, as de soan fan Doekele Dykstra (1816-1891) en Beitske van der Schaaf (1840-1928). Hy hie twa bruorren en trije susters: Sarah (1863-1933), Reinder (1868-1941), Simon (1869-1891), Dora (1873-1900) en Agnes (1878-1954). De húshâlding emigrearre yn 1882 nei de Feriene Steaten, en sette him dêr nei wenjen yn in krite fan 'e steat Iowa dêr't in protte Nederlânske ymmigranten har fêstige hiene.
Dykstra ûntjoech him yn Amearika ta in warber pasifist. Ein 19e iuw wied er studint oan 'e Orange City Academy (no it Northwestern College) yn Orange City, in skoalle dy't noch altyd de Dykstra-Muste-Nelson Fredesstúdzjebeurs oanbiedt ta eare fan him, A.J. Muste en Ronald R. Nelson. Yn 1896 studearre er ôf oan it Hope Kolleezje, yn Holland, yn 'e steat Michigan.
Letter runde Dykstra mei syn soannen in lytse útjouwerij, en wied er redakteur fan it ymmigranteblêd de Volkskrant. Dêrnjonken wied er as predikant aktyf yn 'e Herfoarme Tsjerke yn Amearika, en yn dy fermiddens stied er bekend as "de man op 'e fyts". Dykstra skreau sels ek ferskate boeken (yn it Nederlânsk) oer religieuze ûnderwerpen, en teffens publisearre er de dichtbondel Korte Gedichten. Hy gie sels op 'e fyts by de doarren lâns om dy boeken oan 'e man te bringen.
Ferskate soannen fan him waarden letter foaroansteande ûnderwizers en teologen. Sa wie D. Ivan Dykstra heechlearaar filosofy op it Hope Kolleezje, hie Wesley C. Dykstra deselde funksje oan it Alma Kolleezje en waard Vergil Dykstra presidint-direkteur fan 'e George Mason Universiteit. Broer Doekeles Dykstra stoar yn 1955 yn Orange City, doe't er 83 jier âld wie.
Broer Doekeles Dykstra troude op 8 jannewaris 1909 yn Sioux Center mei Nellie Schippers (1890-1975) út Pella, dy't ek fan Nederlânsk (mooglik Frysk) komôf wie. Hja krigen tsien bern:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Broer Doekeles Dykstra, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.