Atje Keulen-Deelstra

Atje Keulen-Deelstra (Grou, 31 desimber 1938 - Ljouwert, 22 febrewaris 2013), ek wol Us Atsje neamd, is ien fan de ferneamdste Fryske reedrydsters.

Se troude mei de Jirnsummer boer Jelle Keulen. Se krigen trije bern wêrfan't de jongste, Boukje ek yn wedstrydferbân reedriden hat, mar dêryn minder suksesfol wie as har mem. Fan de beide soannen Kees en Goos helle dy lêste in beskieden sukses as keatser troch yn 1983 mei syn maten foar Jirnsum in 4e priis op de Freulepartij yn Wommels te winnen.

Atje Keulen-Deelstra
Atje Keulen-Deelstra sporter
Atje Keulen-Deelstra yn aksje op de 1500 meter, Dimter 1972
Atje Keulen-Deelstra yn aksje op de 1500 meter, Dimter 1972
persoanlike bysûnderheden
bynamme Us Atsje
nasjonaliteit Atje Keulen-Deelstra Nederlânsk
bertedatum 31 desimber 1938
berteplak Grou
stjerdatum 22 febrewaris 2013
stjerplak Ljouwert
etnisiteit Atje Keulen-Deelstra Frysk
lingte 168 sm
gewicht 60 kg
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel Koartebaan, Langebaan, Maratonriden
earste titel 1969 NK Koartebaan
O.S. Sapporo 1972
debút 1963
karriêre-ein 1980
ekstra Yn 1999 útroppen ta Frysk Sporter fan de 20ste iuw
wichtige prestaasjes
yn 1970 in wrâldrekôr op de 1500 meter: 2.17,2
Atje Keulen-Deelstra
Atje Deelstra, 22 jier, noch net op noren (1961)
Atje Keulen-Deelstra wurdt earste yn it algemien einklassemint by de nasjonale reedrydkampioenskippen 1972.

Yn it begjin fan de santiger jierren fan de 20e iuw helle Atsje har grutte suksessen. Se soe 4 kear Wrâldkampioene en 3 kear nûmer ien op in Europeesk kampioenskip wurde. Dêrneist waard se ferskate kearen Nederlânsk kampioene en wie se in betûft koartebaanrydster, sa waard hja op har 16e famkeskampioene fan Fryslân. Op de Olympyske Winterspullen 1972 yn Sapporo wûn Keulen-Deelstra in sulveren en twa brûnzen medaljes. Keulen-Deelstra waard yn 1970 ferkeazen ta Sportfrou fan it jier.

Yn 1997 ried hja inkele wiken nei't hja ferwûne rekke wie by in ferkearsûngemak noch de Alvestêdetocht.

Grutste suksessen

Wrâldkampioene:

Europeesk kampioene:

Op 14 maart 1970 ried se in wrâldrekôr op de 1500 meter: 2.17,2.

De Alvestêdetocht lei se sawol op redens, fytsend as rinnend ôf.

Resultaten (rest)

jier NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1969 7e
1970 Atje Keulen-Deelstra  4e Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra 
1971 Atje Keulen-Deelstra  4e NS2 4e
1972 Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra  4e 6e 500m
Atje Keulen-Deelstra  1000m
Atje Keulen-Deelstra  1500m
Atje Keulen-Deelstra  3000m
1973 Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra 
1974 Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra  Atje Keulen-Deelstra 
    NS = net start op twadde ôfstân

Literatuerlist

  • Bijlsma, Hedman, Tom Dekkers, Arie van Erk e.a. (1997) Schaatsseizoen '96-'97: 25e Jaargang 1996-1997, statistische terugblik Stichting Schaatsseizoen, Assen
  • Eng, Trond (2002) All Time International Championships, Complete Results: 1889 - 2002 WSSSA-Skøytenytt, Askim
  • Eyle, Wim van (1982) Een Eeuw Nederlandse Schaatssport Het Spectrum, Utert
  • Fear, Ypk Fan der (1974) Us Atsje . Alternatyf, Bûtenpost
  • Koomen, Theo (1971) 10 Jaar Topschaatsen Luitingh, Laren (Noard-Hollân)
  • Koomen, Theo (1972) Topschaatsen 1972 Luitingh, Laren (Noard-Hollâ)
  • Koomen, Theo (1973) Topschaatsen 3 Luitingh, Laren (Noard-Hollân)
  • Kleine, Jan (1968) Schaatsjaarboek 1968/69, alles over het hardrijden op de lange baan Dico, Amsterdam
  • Kleine, Jan (1969) Schaatsjaarboek 1969-'70, alles over het hardrijden op de lange baan Dico, Amsterdam
  • Kleine, Jan (1970) Schaatsjaarboek 1970-'71, alles over het hardrijden op de lange baan Nymwegen
  • Kleine, Jan (1971) Schaatsjaarboek 1971-'72, alles over het hardrijden op de lange baan Nymwegen
  • Maaskant, Piet (1970) Atje Keulen-Deelstra vertelt exclusief haar story La Rivière & Voorhoeve, Swol
  • Maaskant, Piet (1970) Heya, Heya! Het nieuwe boek van de Schaatssport La Rivière & Voorhoeve, Swol
  • Peereboom, Klaas (1972) Van Jaap Eden tot Ard Schenk De Boekerij, Baarn
  • Teigen, Magne (1989) Komplette Resultater Internasjonale Mesterskap 1889 - 1989: Menn/Kvinner, Senior/Junior, allround/sprint. Veggli, Noarwegen: WSSSA-Skøytenytt (Noarsk)
  • Witkamp, Anton (1972) (redaksje Dolf Koning) Schaatsgoud '72 Teleboek NV, Bussum

Keppelings om utens

Atje Keulen-Deelstra  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Atje Keulen-Deelstra fan Wiki Commons.

Tags:

Atje Keulen-Deelstra Grutste suksessenAtje Keulen-Deelstra Resultaten (rest)Atje Keulen-Deelstra LiteratuerlistAtje Keulen-Deelstra Keppelings om utensAtje Keulen-Deelstra19381983201322 febrewaris31 desimberBoukje KeulenFreulepartij WommelsGrou (doarp)JirnsumKeatsenLjouwert (stêd)Reedriden

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Daniel RicciardoAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)AquaZoo FrieslandGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2019Súdsineeske Seen5nuoGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 20142300Bûnsrepublyk DútslânLoadewyk XVI fan FrankrykList fan states en stinzen yn FryslânYves BaillatJierskemaIngelânPaulina SeikolaArgentynjeFormule 1Julia TcherneiTueringenPrzewalskihynderFeriene SteatenRené Descartes14e iuw f.Kr.27 maartYgo Gaeles Galamaih6hzGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010TaiwanDimter (gemeente)Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2014Vienna BlackTelefyzjeSweden3700 f.Kr.Rae Lil BlackLogikaTsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan PskovLeo XIIIISSNRuben L. OppenheimerGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017GodGemme fan BurmaniaMars (planeet)Lexi DiamondAntillenRachel WeiszPaul KustersShalina Devine1739Magno Alves1496Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2016Flear1001CowgirlhâldingLiberalismeHarmony WonderList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningTwiljochtJunyLuna SilverTwadde WrâldkriichNew York City2501 f.Kr.ISBNUpstalbeam🡆 More