Arrondissemint Brussel-Haadstêd

It arrondissemint Brussel-Haadstêd (Nederlânsk: Arrondissement Brussel-Hoofdstad, Frânsk: Arrondissement de Bruxelles-Capitale, Dútsk: Verwaltingsbezirk Brüssel-Hauptstadt) is it iennige arrondissemint yn it Brusselsk Haadstedsk Gewest yn Belgje en om't it de iennige arrondissement yn dat gewest is, falle de grinzen tegearre mei dy fan it gewest.

De haadstêd is de stêd Brussel, ien fan de 19 gemeenten fan it gewest en it arrondissemint.

Arrondissemint Brussel-Haadstêd
It Arrondissemint Brussel mei syn 19 gemeenten

Skiednis

It arrondissemint waard yn 1963 oprjochte doe't yn it ramt fan it wetlik fêstlizzen fan de taalgrins it arrondissemint Halle-Vilvoorde opspjalte waard. Yn 1995 waard de provinsje Brabân, dêr't it arrondissemint yn lei ek opspjalte. It arrondissemint Nijvel foarme de nijfoarme provinsje Waalsk-Brabân en de arrondisseminten Halle-Vilvoorde en Leuven foarmen de nijfoarme provinsje Flaamsk-Brabân. It arrondissemint Brussel-Haadstêd, dy't lyk falt mei it Brusselsk haadstedsk Gewest falt dêrmei net ûnder in provinsje en hie oant 2014 dêrmei as iennichste arrondissemint in gûverneur oan it haad, doe't dêrnei dy posysje kaam te ferfallen neffens in steatsherfoarmingswet fa 2011. Dêrnei stiet oan it haad in Hege Amtner.

It arrondissemint Brussel-Haadstêd, allyk mei it Brusselsk Haadstedsk Gewest bestiet út 19 gemeenten, dêr't de stêd Brussel de grutste fan is.

De gemeenten binne:

  1. Anderlecht
  2. Brussel (Bruxelles)
  3. Ixelles/Elsene
  4. Etterbeek
  5. Evere
  6. Ganshoren
  7. Jette
  8. Koekelberg
  9. Auderghem/Oudergem
  10. Schaerbeek/Schaarbeek
  11. Berchem-Sainte-Agathe/Sint-Agatha-Berchem
  12. Saint-Gilles/Sint-Gillis
  13. Molenbeek-Saint-Jean/Sint-Jans-Molenbeek
  14. Saint-Josse-ten-Noode/Sint-Joost-ten-Node
  15. Woluwe-Saint-Lambert/Sint-Lambrechts-Woluwe
  16. Woluwe-Saint-Pierre/Sint-Pieters-Woluwe
  17. Uccle/Ukkel
  18. Forest/Vorst
  19. Watermael/Boitsfort/Watermaal/Bosvoorde

Alle gemeenten hawwe harrensels as dielgemeente útsein de stêd Brussel dy't sûnt 1921 de folgjende dielgemeenten hat:

  • Haren
  • Laken (Laeken)
  • Neder-Over-Heembeek

Tags:

BelgjeBrusselBrusselsk Haadstedsk GewestDútskFrânskNederlânsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Els PerdokMarcel HirscherPlakSportThe Doors1882SkipperssankjePortegalMarcel DupréLissabon66MassachusettsEvenhoevigen1909Noard-Fryslân BûtendyksSwitserlânPete's Dragon (film út 2016)SwedenLjochtGermanenItaaljeTMozilla FirefoxOSineeske kalinder192616e iuwY293WetMadagascar (film út 2005)2e iuwJasmine AlohaKavaleryM6Veronica AvluvKKeatsenJoadenWebsteePamela AndersonSekshâldingElektroanikaMinsklike seksuele aktiviteitInga RidereNes (Noardeast-Fryslân)SinkWest-FryslânElvis PresleyPekingPortegeeskAmerikaanske dollarGeslachtsmienskipRTwadde Wrâldkriich21e iuwEve Madison2013MonargyBrazilian wax1844Frysk1970-er jierren🡆 More