Staaken R.vi Zeppelin

Zeppelin R.VI Staaken

Rol Bommesmiter
Makker Zeppelin Werke Staaken GmbH
Untwerper Ferdinand von Zeppelin & Robert Bosch GmbH
Earste flecht 11 april 1915
Yn tsjinst 1917
Tal makke 18 (1915–1919)
Brûkers Dútslân (Luftstreitkräfte)
Farianten Zeppelin-Staaken R.V, Zeppelin-Staaken R.VI, Zeppelin-Staaken R.VII, Zeppelin-Staaken R.XIV, Zeppelin-Staaken R.XV, Zeppelin-Staaken R.XVI, Zeppelin Riesenflugzeuge

De Staaken R.VI wie in swiere bommesmiter (Riesenflugzeug) dy't yn de Earste Wrâldkriich yn Dútslân ûntwurpen en boud waard. De troch yngenieur Alexander Baumann ûntwurpen fleanmasine wie in iere strategyske bommesmiter.

Staaken R.vi Zeppelin
By de start
Staaken R.vi Zeppelin
Ofmjittingen

It tastel wie in dûbeldekker mei in tichte cockpit en mei fjouwer Mercedes-motoren fan 260 hk it stik. Der waarden totaal 18 fan boud yn seis farianten; njoggen by Zeppelin yn Berlyn, yn it fabryk op fleanfjild Staaken, seis by Aviatik en trije by Albatros.

Twa bommesmiters waarden delhelle troch Britske jachtfleanmasines. De oaren gienen ferlern by ûngemakken.

De Staaken waarden mei de Gotha G. IV by oanfallen op Londen brûkt en hiene fral in psychologysk effekt; de ekonomyske skea dy't sy tabrochten, by 52 oanfallen mei in totaal fan 196 ton bommen, bleau frijwat beheind.

Technyske feiten

  • Fabrikant: Zeppelin Flugzeugwerke GmbH
  • Type: swiere bommesmiter
  • Yn tsjinst: 1917
  • Oandriuwing: 4 floeistofkuolle Mercedes-D-IVa-seissilinder-linemotoren fan 260 hk it stik yn twa 'gondels'; propellers mei in diameter fan 4,26 m
  • Brânstofkapasiteit: 3000 l.
  • Spanwiidte: 42,2 m
  • Lingte: 22,1 m
  • Hichte: 6,3 m
  • Fleugeloerflak: 332 m²
  • Startgewicht: 11.824 kg
  • Topfaasje: 135 km/h
  • Klimfaasje: 1,67 m/s (yn 2 oere 26 min nei 4320 m)
  • Tsjinstplafond: 4300 m
  • Fleantiid: 7–10 oeren
  • Fleanberik: 800 km
  • Bewapening: 4–7 7.92 mm masinegewearen en 2000 kg bommen
  • Bemanning: 7

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ISO 3166-1Marilyn CrystalBywurdBaalbekAllegoryOlst-WijheMarrumJeanne d'ArcYouTube1632Tony van der MeulenNaughty AmericaKommunistysk ManifestMassachusettsFûgelsFroulike ejakulaasjeTrekker trek25 aprilLouisianaSylvia KristelJureka del MarHarley Raine1991Josy BlackMaleizjeJezabel VessirYby PotlatchLexi DiamondGeslachtsmienskipvkeyjCowgirlhâldingIerdoerflakEvil Angel (filmstudio)Koolhoven F.K.58GeorgyskKartaachske RykNomenklatuerStammeMinsklike seksuele aktiviteitKeizerspjochtSint-PetersburchPeter Johann Nepomuk GeigerReality KingsJohn DemjanjukHelpKanielkoppappegaaidoPornofilmHylperskMya LuannaSpoar fan Dimter nei AlmeloMinnie BeetsVideo Art HollandHûneftigenMoriah Mills15 aprilHamasWylpreagerfûgelsTsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste DagenTwitterÔflûken (seksualiteit)Jayden LeeTrienke ElshofFrânsk-GuyanaParis HiltonTiemen GroenReesttsjerke (Balkbrêge)BiskopJoyce OliveiraList fan Fryske famkesnammenDigital Sin🡆 More