In wurkjouwer is in persoan of organisaasje dy't wurk besoarget oan ien of mear wurknimmers.
Faak wurdt mei de term 'wurkjouwer' ferwiist nei "de baas", de natuerlike persoan dy't oaren yn 'e tsjinst hat en yn ruil foar de ferrjochte arbeid lean útbetellet, mar mei 'wurkjouwer' kin ek in organisaasje bedoeld wurde, lykas in ûndernimming of de oerheid. Yn 'e arbeidswetjouwing (dy't per lân ferskilt) wurde de rjochten en plichten fan sawol de wurkjouwer as de wurknimmer fermeld. De yndividuële ôfspraken tusken de beide partijen wurde fêstlein yn in arbeidsoerienkomst. Wurkjouwers binne faak oansletten by in wurkjouwersferiening, sadat se sterker steane yn 'e ûnderhannelings mei de yn fakbûnen feriene wurknimmers oer bgl. in kollektive arbeidsoerienkomst (CAO)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Wurkjouwer, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.