Windsor Davies

Windsor Davies (Canning Town, East-Londen, 28 augustus 1930 - Súd-Frankryk, 17 jannewaris 2019) wie in Britsk akteur fan Welsk komôf, dy't yn 't foarste plak bekend waard troch syn rol as 'Sergeant Major Shut Up Williams' yn de komeedzjesearje It Ain't Half Hot Mum (yn Nederlân útstjoerd ûnder de titel Oh moeder, wat is het heet).

Windsor Davies
Windsor Davies akteur
Susie Silvey, Donald Sinden en Windsor Davies (rj.)
Susie Silvey, Donald Sinden en Windsor Davies (rj.)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Windsor Davies Britsk
berne 28 augustus 1930
berteplak Canning Town, Londen
stoarn 17 jannewaris 2019 (88 jier)
etnisiteit Windsor Davies Welsk
jierren aktyf 1962-2004
offisjele webside
(in) Davies, IMDb-profyl

Biografy

Davies waard berne yn Canning Town, Esseks, as soan fan Welske âlden, dy't yn 1940 werom giene nei harren berteplak Nant-y-Moel. Davies studdearre oan de Ogmore Grammar School en it Bangor Teacher Training College. Hy wurke yn in koalemyn en as ûnderwizer oan de Mountside School for Boys yn Leek (Staffordshire) en tsjinne as militêr yn Lybië en Egypte mei it East Surrey Regiment tusken 1950-1952 ear't er beslette om akteur te wurden. Davies troude op 3 jannewaris 1957 mei Eluned (Lynne) Evans. Sy stoar yn 2018. Se hiene fiif bern. Casting director Jane Davies is in dochter fan Windsor Davies.

Hy wenne ôfwikseljend yn Ingelân en Frankryk.

Telefyzjerollen

Davies syn meast bekende rol wie dy fan Battery Sergeant Major Williams yn de Britske sitcom It Ain't Half Hot Mum (1974–1981), dy't sawat alles wat him net oanstie fan syn minderen ôfdie mei in ferskuorrend lûd "Shut Up!!". In oare fraze fan him wie Oh dear, how sad, never mind, brocht op in drûch-iroanyske wize, at oaren fan betinken wiene dat se it dreech hiene. Davies en mei-akteur Don Estelle hienen in nûmer ien-hit yn it FK yn 1975 mei in heal-komyske fariant fan Whispering Grass.

Oare rollen op telefyzje wiene dy fan matroas Taffy yn de BBC-searje The Onedin Line (1971), in special branch detektive yn Callan (1972) en de antykkeapman Oliver Smallbridge yn Never the Twain (1981–1991), mei ûnder mear Donald Sinden. Yn 1967 hie er in rol yn de scien fiction telefyzjerige Doctor Who, ôflevering The Evil of the Daleks as Toby.

Oan him waard yn 1976 it programma This Is Your Life wijd.

Davies spile ek de rol fan Lord Mayor yn de BBC komedy-sitcom, Oh, Doctor Beeching! skreaun troch David Croft en Richard Spendlove yn 1997.

Filmakteur

Davies hie grutte rollen yn twa Carry On films, Carry On Behind (1975) en Carry On England (1976) – yn de lêste wie er wer in sersjant-majoar. Hy spile Mog yn de Welske rugbyfilm Grand Slam (1978) en wie in sersjant yn it Highland Regiment yn Adolf Hitler: My Part in His Downfall (1973) mei Jim Dale en Spike Milligan.

Filmografy

Davies wie te sjen yn de folgjende films:

  • The Pot Carriers (1962)
  • Murder Most Foul (1964)
  • The Alphabet Murders (1965)
  • The Family Way (1966)
  • Drop Dead Darling (1966)
  • Hammerhead (1968)
  • Frankenstein Must Be Destroyed (1969)
  • Clinic Exclusive (1971)
  • Endless Night (1972)
  • Adolf Hitler: My Part in His Downfall (1973)
  • Soft Beds, Hard Battles (1974)
  • Mister Quilp (1975)
  • Carry On Behind (1975)
  • Confessions of a Driving Instructor (1976)
  • Not Now, Comrade (1976)
  • Carry On England (1976)
  • The Playbirds (1978)
  • Grand Slam (1978)
  • Gabrielle and the Doodleman (1984)
  • Rupert and the Frog Song (1984)
  • Old Scores (1991)
  • The Willows in Winter (1996)

Letter libben

Nei syn pinsjoen wenne Davies yn Súd-Frankryk. Hy stoar op 17 jannewaris 2019 yn de âldens fan 88 jier, fjouwer moannen nei de dea fan syn frou Eluned.

Diskografy

Albums

  • 1975: Sing Lofty (mei Don Estelle)
  • 1978: Bless You for Being an Angel (mei Don Estelle)

Singles

Mei Don Estelle:

  • 1975: Whispering Grass
  • 1975: Paper Doll
  • 1976: I Don’t Want to Set the World on Fire
  • 1976: Nagasaki
  • 1978: Java Jive
  • 1979: Cool Water

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en referinsjes, sjoch ûnder: en:Windsor Davies

Tags:

Windsor Davies BiografyWindsor Davies Letter libbenWindsor Davies DiskografyWindsor Davies17 jannewaris1930201928 augustusAkteurFrankrykKomeedzjesearjeLondenVoice-over

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MediaWikiVladimir PûtinFoarsitterTsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Sotsjy)TokioIzerSean LawlessLexi DiamondAnargismeMarkant (Jistrum)SkimmelsBostonMekkaBeyoncé KnowlesAfro-Aziatyske talenMcDonald'sKonservatismePinsjoenRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1992HongarijeFingerjenAnimismeMan (sekse)Marilyn MonroeWyt-RuslânIngelBaltimoreJoachim HoppersSulawesyRoeien op de Olympyske Simmerspullen 2000Jamie Lee CurtisBrezjnev-doktrineRosa CaraccioloTeksasAldenburchHeidenskRenée ZellwegerSarah YoungVanessa Sky37Marcelinho CariocaMeksikoRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1904KristendomHasmoneeërsFerdriuwing fan Dútsers nei de Twadde WrâldkriichNoardfrysk1328Twitter994EdinburghAndré GideStoke NewingtonMichael (aartsingel)Skermjen op de Olympyske Simmerspullen 2000Geweld1810Sean CombsWrâldkampioenskip fuotbal 2022Poalske Fjildtocht1435WikidataBelgjeYnternasjonaal Systeem fan IenhedenWaadseeFrankenthalJade FengRocco SiffrediYnternetIngelsk🡆 More