In sersjant-majoar is in ûnderofsier yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen.
Dizze rang komt foar by it grutste part fan 'e lânmacht en fierders by de marine, de loftmacht en de mariniers. It ekwivalint by de maresjesee en de lânmachtwapens fan 'e kavalery en de artillery is de opperwachtmaster. De oansprektitel is by de lânmacht "sersjant-majoar"; by de loftmacht "sersjant-majoar" of "majoar"; en by de marine en de mariniers "majoar" (om't dêr de haadofsiersrang fan majoar net foarkomt). By de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine wurdt om histoaryske redens de oansprektitel "skipper" brûkt.
De boppelizzende rang is by sersjant-majoar yn alle gefallen adjudant, en de ûnderlizzende rang is sersjant by de marine en de mariniers en sersjant 1e klasse by de lânmacht en de loftmacht. Dêrmei is sersjant-majoar ien fan 'e heechste ûnderofsiersrangen. 'Sersjant-majoar' betsjut letterlik "grut-sersjant", en oarspronklik wie in ien fan 'e heechste militêre rangen, dêr't sawol de hjoeddeistige generaal-majoar (oarspronklik sersjant-majoar-generaal) as majoar út fuortkomme. Pas ein achttjinde iuw ûntjoech sersjant-majoar him ta in ûnderofsiersrang.
Oersjoch fan 'e sersjant-majoarsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers | marine | loftmacht |
---|---|---|
sersjant-majoar of opperwachtmaster1 | sersjant-majoar | sersjant-majoar |
1) by de artillery en de kavalery
(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OR-7 | |||||||
sersjant-majoar sersjant-majoar (by de artillery en kavalery: opperwachtmaster, opper) | sersjant-majoar majoar (Operasjonele Tsjint/Nautyske Tsjinst: skipper; by it Korps Mariniers: sersjant-majoar-marinier, majoar) | sersjant-majoar sersjant-majoar of majoar | opperwachtmaster opper |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Sersjant-majoar, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.