Wilhelmine Siefkes

Wilhelmine Siefkes (Lier, 4 jannewaris 1890 - dêre, 28 augustus 1984) is in Eastfrysk skriuwster.

Siefkes wie teffens oersetter fan Frysk en Nederlânsk literêr wurk.

Wilhelmine Siefkes
Wilhelmine Siefkes skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wilhelmine Siefkes
nasjonaliteit Wilhelmine Siefkes Dútsk
berne 4 jannewaris 1890
berteplak Lier
stoarn 28 augustus 1984
stjerplak Lier
etnisiteit Eastfrysk
wurk
taal Eastfrysk Plat,
Heechdútsk
bekendste
  wurk(en)
Keerlke

Se publisearre gedichten, ferhalen en toanielstikken yn Plat- en Heechdútsk oer Eastfryske miljeus. Har Keerlke is troch Ypk fan der Veer yn it Frysk oersetten as It wurdt skielk wer simmer.

Libben en wurk

Wilhelmine Siefkes 
Bertehûs fan Wilhelmine Siefkes, Rathaustrasse 9, Lier

Siefkes gie yn Leer nei it gymnasium en wist doe al dat se it ûnderwiis yn woe. Har earste skoalle wie dy fan Jemgum yn 1910. As jong ûnderwizeresse rekke hja bekend mei it Nedersaksysk en begûn hja mei de skriuwerij. Sûnt 1917 wie Siefkes ferbûn oan in skoalle yn Leer en waard sy sosjaaldemokraat, mei om't de earmoed fan guon skoalbern har in ôfgriis wie.

Yn 1933 krige sy dien fan de Nasjonaalsosjalisten en krige boppedat in skriuwferbod dat oant 1945 duorre hat. Dochs gie hja troch mei it skriuwen fan mearkes, mar no ûnder de skûlnamme Wilmke Anners. Under oaren út protest tsjin evangelyske dûmny's dy't it Nazirezjym stipen gie hja yn 1933 út de Evangelysk Lutherske Tsjerke en waard Mennist (oant har dea). Yn 1940 krige hja de Fehrs-Preis foar har ûnder skûlnamme ynstjoerde Keerlke-manuskript.

Nei de oarloch nimt sy har wurk as ûnderwizer net wer op, mar de skriuwerij komt ta bloei nei 1949. Yn 1952 ferskynt in roman yn it Heechdútsk Kasjen und Amke, dêr'hja it libben fan in feanboerinne yn tekenet. Fan 1949 oant 1970 skriuwt hja romans, gedichten, ferhalen en harkspullen. Siefkes hie fral belangstelling foar it yndividu. In hieltyd weromkommend tema yn har wurk binne de eksistinsjele swierrichheden dy't bern en jongerein ûnderfine kinne.

Wurk (kar út)

Wilhelmine Siefkes 
Stânbyld fan Siefkes Romanfiguer "Keerlke" yn Leer.

Romans

  • Uda von der Mölen (1920)
  • Keerlke (1941)
  • Kasjen und Amke (1952)
  • Van de Padd of (1961)
  • Uwe aus Leer (1959)

Ferhalen

  • Hör eenzig eegen (1922)
  • Rena im Königsmoor (1955)
  • Uke setzt sich durch (1957)

Mearkes

  • Dor was ins mol (1923; 1965)

Lyryk

  • Tüschen Saat un Seise (1961)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wiki de:, Wilhelmine Siefkes

Tags:

Wilhelmine Siefkes Libben en wurkWilhelmine Siefkes Wurk (kar út)Wilhelmine Siefkes Keppeling om utensWilhelmine Siefkes1890198428 augustus4 jannewarisFryskLier (stêd)Nederlânsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Album (muzyk)22 febrewarisKylee StruttOezbekistanJureka del MarDe DoelleazenBluesNational Basketball AssociationLondenJohnny SinsMiamiJada StevensMicrosoft WindowsPierre WoodmanOrgasmeKunnilingusAlgerijeMirka Antolović-TipurićPappegaaidowenRealitypornografy1950-er jierrenSkiednis fan FryslânLuna SilverOlivia del RioLeppeltsje-leppeltsjeJoyce OliveiraGrammy AwardHeinrich Himmler873 f.Kr.Adolf HitlerFryske gemeentenLatyn12 oktober1863Jasmine AlohaBoylMasturbaasjeKatedraal fan PadûaPersia MonirBart Jan SpruytFrankryk1932HânboekPornoaktriseMartijn Theodoor HoutsmaHylperskJade MarcelaGryptsjerkFerstoarLuna CorazónPornoakteurDomtsjerke fan MessinaMoslimMoskouSaya SongLetlânBlessuereDomtsjerke fan SienaKultuerLietAleksander PûsjkinHarmony Wonder1933UleboerdWopke de VegtTeksasSint-Frederikustsjerke (Steggerda)Ynterprovinsjaal OerlisCowgirlhâldingISBN🡆 More